Jacob Klaver

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jacob Klaver (Winsum, 13 juny 1855 - Hurdegaryp, 1945) wie in keatser dy't yn 1876 de PC wûn. Klaver is ek de nammejouwer fan de keatsferiening yn syn lettere wenplak Mantgum. Behalve syn PC-oerwinning helle Jacob Klaver op it heechste nivo net in soad suksessen. Syn puntetotaal stoppe al by 10.

Jacob Klaver waard berne yn Winsum dêr't er it keatsen learde fan de trijefâldige PC winner Frans Felkers. Hy soe ek noch tegearre mei him op de PC keatse.

>

Klaver folge in oplieding ta timmerman, mar krige in oanstelling as postrinner en letter postkantoarhâlder yn Mantgum, dêr't er him ek ta wenjen sette. Yn 1903 stie hy yn Mantgum oan de widze fan de keatsferiening. Hy wie net allinne nammejouwer mar ek de earste foarsitter fan de feriening.