Sint-Petrustsjerke (Jistrum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Petrustsjerke
Sint Petruskerk Jistrum.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
plak Jistrum wapen.svg Jistrum
adres Skoalstrjitte 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1230
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 35645
webside Side fan de gemeente

De Sint-Petrustsjerke of de Protestantske tsjerke fan Jistrum is ien fan de soad midsiuwske tsjerken yn Fryslân. It is in goed bewarre bleaune en komplete 13e iuwske romaanske tsjerke boud fan reade bakstien, oan de Skoalstrjitte 2 yn de buorren fan Jistrum.[1]

De tsjerke wie oarspronklik in tsjerke, wijd oan de apostel Petrus, mar waard yn 1587 tidens de reformaasje binnen in wike ûntdien fan hillige bylden en fresko's en waard doe in protestantske tsjerke.

De tsjerke stiet registrearre ûnder ryksmonumint nûmer 35645 en wurdt as in monumint mei in tige hege kulturele histoaryske wearde wurdearre. [2]

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toer mei wynwizer yn de foarm fan in hynder op de tsjerketoer fan Jistrum
Hagioskoop yn de súdmuorre fan de tsjerke fan Jistrum

It skip en healrûn tichte koer komme út de 13e iuw, en de sealdaktoer waard om 1230 boud. Oan de hoeken fan it skip binne steunbeareftige konstruksjes mitsele en de bûtenmuorren binne oan de boppekant opgnisse mei saneamde "keperfriezen" (sjoch foto). It skip hat fiif lykmjittich oanbrochte rûnbôgefinsters en yn de súdmuorre sitte twa grutte spitsbôgefinsters en ien rûnbôgefinster oan de kant fan de toer. Yn de noardmuorre sitte twa rûnbôgefinsters yn it boppeste gedielte fan de muorre en twa tichtmitsele yngongen oan de noardlike en súdlike kant.

It skip is oerdekt mei in romanogoatysk koepelferwulf en yn elke travee komme acht ribben by inoar yn in ring. By de renovaasje waarden twa hagioskopen ûntdutsen yn de eastlike travee. Se waarden yn de âlde steat werombrocht en wurde ek wol leproazerútsjes neamd.

De houten kânsel, út it treddekwart fan de 17e iuw, stiet tsjin de noardlike muorre op it plak, dêr’t it koer en skip gearkomme.

Yn Jistrum stiet gjin wynwizer yn de foarm fan in hoanne op de toer, mar yn de foarm fan in hynder. De hoanne is in kristlik symboal, dat ferwiist nei Kristus as Ferlosser. Oarspronklik stie der op dizze tsjerke ek in waarhoanne, lykas op de measte Fryske tsjerken. Doe’t dy der ôfwaaide wie it goedkeaper om him te ferfangen troch it tsjintwurdige hynderke.

Yn de Twadde Wrâldoarloch waard de lûdklok út 1759 troch de Dútsers rôfd. De hjoeddeiske klok is troch de gemeente yn 1949 oanskaft as ferfanging.

Yn 2007 waard begûn mei de renovaasje fan de tsjerke. Tagelyk waard it piipoargel út de eardere grifformearde tsjerke fan Jistrum oerbrocht. Yn in gemeentlik rapport wurdt oer de tsjerke skreaun: grif it âldste, seker it fraaiste yn ús gemeente. De tsjerke wurdt noch elke snein brûkt en jout plak oan hûndertfyftich besikers.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel datearret út 1710-1720 en waard oarspronklik net foar de Petrustsjerke boud. Oer de earste skiednis fan it oargel is fierder neat bekend, mar it kaam om 1845 hinne yn de roomske tsjerke fan Vleuten telâne en waard doe ferboud. Mei it oanskaffen fan in nij oargel yn 1897 troch de roomske tsjerke, ferhûze it nei Delft. Yn 1938 kocht de grifformearde gemeente fan Jistrum it instrumint oan. Mei de fúzje fan de Grifformearde en Herfoarme Tsjerke ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân waard it grifformearde tsjerkje as tsjerke oerstallich. Om't de grifformearden lykwols in monumintaal oargel en de doarpstsjerke in Pels-oargel fan weinig wearde hiene, waard der foar keazen om it grifformearde oargel oer te bringen nei de Petrustsjerke. De Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga fersoarge de restauraasje fan it instrumint[3][4]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De eardere grifformearde tsjerke Markant.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. historischekerken.nl 2010-04-04
  2. kich.nl (Kennisinfrastructuur Cultuurhistorie); sjoen 2010-04-04
  3. Het Orgel
  4. kerkorgel.startpagina