Osaka
Osaka 大阪市, Ōsaka-shi | ||
Polityk | ||
Lân | Japan | |
Regio | Kansai | |
Prefektuer | Osaka | |
Boargemaster | Tōru Hashimoto | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.687.456 (2015) | |
Oerflak | 222,30 km² | |
Befolkingsticht. | 12.100 / km² | |
Stêdekloft | ± 20 miljoen | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+9 | |
Offisjele webside | ||
Webstee Osaka-stêd |
Osaka (大阪市, Ōsaka-shi, letterlik 'grutte hichte') is de op twa nei grutste stêd fan Japan, mei sa'n 2,7 miljoen ynwenners. Fanwege it grutte tal skoallen, winkels en bedriuwen giet it tal minsken fan Osaka deis omheech nei ûngefear 3,7 miljoen. Yn Osaka wurdt faak sprutsen oer de saneamde "deipopulaasje" (3,7 miljoen ynwenners) en "nachtpopulaasje" (2,7 miljoen ynwenners). Yn de agglomeraasje/stêdekloft Grut-Osaka, dy't njonken Osaka ek Kioto en Kobe beslacht, wenje sa'n 20 miljoen minsken. Osaka leit op it eilân Honshu, op it plak dêr't de rivier Yodo útmûnet yn in de baai fan Osaka. De stêd is teffens haadstêd fan de prefektuer Osaka.
Osaka is fanâlds in hannelsstêd, wie wol bekend as de "koken fan it lân" (天下の台所 tenka no daidokoro?) en wie it sintrum foar de hannel yn rys yn it Edo-tiidrek.
Wiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Osaka hat 24 wiken (ku) :
-
Osaka, sicht op de stêd
-
Kastiel Osaka
-
Umeda en Nakanoshima
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Abeno Harukas, in 300 meter hege wolkekliuwer yn Osaka