Springe nei ynhâld

Oerlis:Melbourne

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Kategory

[boarne bewurkje]

Moatte wy in aparte kategory 'Melbourne' ha of kin dit noch ûnder de kategory Austraalje? As wy fan dizze side in topside meitsje wolle is it handich as dêr wat dúdlikens oer is. Groetnis --Kening Aldgilles 3 jan 2011, 23.41 (CET)[beäntwurdzje]

Ynfoboks

[boarne bewurkje]

Moat der ek in aparte ynfoboks foar stêden yn it algemien of stêden yn Austraalje komme? Groetnis --Kening Aldgilles 3 jan 2011, 23.44 (CET)[beäntwurdzje]

Op it earste stuit kinne wy folstean my in ynfoboks foar stêden yn it algemien. Foar de takomst kin it al handich wêze om nei lân in ynfoboks te meitsjen. As ik ea wer de nocht haw om in grutte side te skriuwen dan is de kans grut dat dy oer in stêd giet, dêrnjonken binne der ek al aardich wat siden oer stêden út oare lannen, dat in ynfoboks nei lân soe ek kinne. Op it stuit soe ik foar in algemiene ynfoboks gean. J'88 4 jan 2011, 00.08 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha no in nije ynfoboks makke. Sjoch Berjocht:Universele ynfoboks stêd. Groetnis --Kening Aldgilles 4 jan 2011, 19.05 (CET)[beäntwurdzje]

Artikelhifker

[boarne bewurkje]

Goeie,

Ik ha de hiele side no goed hifke (trije oeren wurk...) en wat lytsguod feroare. Oer de hiele side ha ik de tekst nochris neisjoen en benammen oan de lêsberens fan it artikel wurke. Ik ha noch twa fragen.

  • Moat der by transport ek noch wat skreaun wurde oer taksy's?
  • Ik kaam twa ferskillende jiertallen tsjin wêryn't goud ûntdutsen waard. Wie dat jiertal no 1851 of 1852? Graach mei boarne derby.

Dan noch wat opmerkings.

  • By de side Londen ha ik de ôfstannen fan de fleanfjilden nei it sintrum ta derby set. Soks is wichtige ynformaasje foar dyjingen dy't miskien in kear nei Melbourne/Austraalje wolle.
  • Ik kin neat fine oer de enerzjyfoarsjenning (kin ûnder ekonomy) fan Melbourne, bysûndere miljeusaken soene ûnder geografy noch neamt wurde kinne. Dizze beide dinkjes stean beskreaun op de Ingelske Wiky.

Fierders liket de side dik yn oarder. It is ien fan de grutsten en ynkoarten ek ien fan de bêste siden dy't ik op de Fryske Wiky sjoen ha. Ik kaam noch wol wat lytse dinkjes (somtiden stridige of suggestive dinkjes) tsjin yn de tekst dêr't noch boarnen by koenen. No sa! Groetnis --Kening Aldgilles 4 jan 2011, 18.12 (CET)[beäntwurdzje]

Tige tank foar it hifkjen fan de side Aldgilles! Dat stik oer it goud sil ik efkes neisjen. Oer taksy's haw ik gjin ynformaasje fûn. Dat fan de fleanfjilden is goeie ynformaasje, mar wit net wêrt ik it weihelje moat. Oer jo lêste punt dan noch, dat stik haw ik yndie (noch) net oersetten/beskreaun. Hie myn nocht der wol ôf nei it útsykjen fan al de ynformaasje. As immen nocht hat mei it derby en oars sil ik yn de takomst ris sjen of ik it derby sette kin. Groetnis, J'88 4 jan 2011, 18.44 (CET) .[beäntwurdzje]