Springe nei ynhâld

Jennifer Fallon

Ut Wikipedy
Jennifer Fallon
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jennifer Fallon
nasjonaliteit Australysk
berne 1959
berteplak Melbourne (Fiktoaria)
etnisiteit Iersk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, science fiction
bekendste
  wurk(en)
Second Sons-trilogy
Hythrun Chronicles
útjouwer Voyager, Orbit Books,
Tor Books, Random House,
Luitingh Fantasy
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.jenniferfallon.com

Jennifer Fallon (Melbourne, 1959) is in Australysk skriuwster fan romans, novelles en koarte ferhalen fan 'e sjenres fantasy- en science fiction. Ek hat hja ferskate non-fiksjepublikaasjes útbrocht. Fallon is ek ûndernimster, kompjûterspesjaliste en sakekonsulinte.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fallon waard yn 1959 berne yn it Australyske Melbourne, yn 'e steat Fiktoaria, as de njoggende dochter yn in gesin mei mar leafst trettjin bern, allegearre famkes. Hja groeide op yn Melbourne oant har heit, in hege amtner, yn 1970 wurk krige yn 'e Australyske haadstêd Canberra, en it gesin sadwaande nei it Australysk Haadstedsk Territoarium ferhuze. Fallon wenne acht jier lang yn en yn 'e omkriten fan Canberra, en folge it middelber ûnderwiis oan in roomsk-katolike famkesskoalle.

Fallon hat twa dochters en in soan, en hat troch de jierren hinne mear as fyftich pleechbern hân. Hja hat in mastergraad behelle oan 'e fakulteit fan 'e kreätive keunsten fan 'e Queenslânske Universiteit fan Technology (QUT). Fan 1980 ôf wenne Fallon tritich jier lang yn it Noardlik Territoarium, mar yn 2010 fêstige se har op it Sudereilân fan Nij-Seelân, dêr't se belutsen is by it opsetten fan it Reynox International Writers Centre. Hja ûnderhâldt harsels as kompjûterspesjaliste en is wurksum yn 'e ynformaasjetechnologybrâns. As ûnderdiel dêrfan jout Fallon kompjûterkursussen oan bedriuwspersoneel, en elts jier bringt se foar har wurk in moanne troch op 'e Basis Scott, yn it Ross-ôfhinklikheidsgebiet, de Nijseelânske sektor fan Antarktika.

Yn har frije tiid skriuwt Fallon fan 'e ein fan 'e jierren njoggentich ôf benammen romans, mar ek wol novelles en koarte ferhalen, dy't ta de sjenres fan fantasy en science fiction hearre. Hja hat wrâldwiis mear as 750.000 boeken ferkocht. Har wurken wurde yn Austraalje útbrocht troch û.o. Voyager, yn 'e Feriene Steaten troch Tor Books en Random House en yn Grut-Brittanje troch Orbit. Guon Nederlânske oersettings binne ferskynd by Luitingh Fantasy. Behalven fiksje hat Fallon ek ferskate non-fiksjeboeken publisearre.

yn 'e wrâld fan 'e Demon Child-trilogy en de Hythrun Chronicles-trilogy
  • Demon Child-trilogy (yn Noard-Amearika mei de 'echte' Hythrun Chronicles op 'e merk brocht as de Hythrun Chronicles)
    • 2000 – Medalon
    • 2001 – Treason Keep
    • 2001 – Harshini
  • Hythrun Chronicles-trilogy (prequel fan 'e Demon Child-trilogy)
    • 2004 – Wolfblade
      • Nederlânske oersetting: Marla Wolfsblad (fert. Richard Heufkens, 2010)
    • 2004 – Warrior
      • Nederlânske oersetting: Damin Wolfsblad (fert. Richard Heufkens, 2010)
    • 2005 – Warlord
      • Nederlânske oersetting: Wolfsblad voor Altijd (fert. Richard Heufkens, 2011)
  • War of the Gods-trilogy
    • 2014 – The Lyre Thief
    • 2015 – Retribution *
    • 20?? – Covenant *
  • 20?? – Brakandaran the Halfbreed *

*) Retribution is inkeld yn Austraalje útbrocht en Covenant is noch hielendal net ferskynd, fanwegen in langrinnend konflikt tusken Fallon en har ynternasjonale útjouwer Tor Books. It is ûndúdlik wannear't de beide boeken foar in ynternasjonaal lêzerspublyk beskikber komme sille. Neffens Fallon hat Tor foar Retribution 2028 as jier fan útjefte fêststeld.[1] Brakandaran the Halfbreed sit fêst efter de opstopping fan 'e oare beide boeken.

oare romans
  • Second Sons-trilogy
    • 2002 – Lion of Senet
    • 2003 – Eye of the Labyrinth
    • 2003 – Lord of the Shadows
  • Stargate SG-1-rige (skreaun troch ferskate auteurs)
  • Tide Lords-rige
    • 2007 – The Immortal Prince
    • 2007 – Gods of Amyrantha
    • 2008 – The Palace of Impossible Dreams
    • 2008 – The Chaos Crystal
  • Rift Runners-trilogy
    • 2011 – The Undivided
    • 2011 – Dark Divide
    • 2013 – Reunion
  • 2011 – The Magic Word (earder útbrocht as ûnderdiel fan 'e blomlêzing Australia's Legends of Fantasy, út 2009)
  • 2016 – First Kill

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2009 – The Magic Word (yn 'e blomlêzing Australia's Legends of Fantasy, û.red.f. Jack Dann en Jonathan Strahan)
  • 2009 – Yours and Mine (yn 'e blomlêzing More Tales of Zorro)
  • 2010 – MacReadie V: The Love Machine (yn 'e blomlêzing Baggage: An Anthology of Australian Speculative Fiction, û.red.f. Gillian Pollack)
  • 2010 – Diary of a Superchick (yn 'e blomlêzing Chicks in Capes)
  • 2013 – How to Write a Bestseller
  • 2013 – How to Find Your Soulmate on the Internet – NOT!
  • 2013 – How to Write a Bestseller 2
  • 2014 – How to Write a Bestseller 3
  • 2014 – How to Write a Bestseller 4

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Notysje fan Fallon hjiroer op Facebook

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.