Body double

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
1rightarrow.png Dizze side giet oer de plakferfanger fan in akteur. Foar oare betsjuttings, sjoch: Body Double (betsjuttingsside).

In body double (Ingelsk foar "lichemsdûbelgonger") is immen dy't yn in spylfilm in sêne spilet yn it stee fan 'e eigentlike akteur dy't yn dy rol cast is, sûnder dat syn of har gesicht yn byld brocht wurdt. Dêrby giet it almeast om neakensênes. In body double is net itselde as in stand-in. In stand-in is immen dy't it plak fan in (bekende) akteur ynnimt by repetysjes as dy akteur dêr sels net by oanwêzich wêze kin of wol, mar yn 'e úteinlike film is de stand-in nea te sjen.

Der binne ferskate redens om in body double yn te setten. Fral yn 'e Feriene Steaten, dêr't noarmen en wearden oangeande neakenens yn film en op 'e tillefyzje hiel oars (folle kekener) binne as yn Jeropa, komt it faak foar dat in akteur of aktrise wegeret om in neakensêne te spyljen. Dan kin dêr in body double foar ynset wurde. Yn sokke gefallen wurdt nea it gesicht fan 'e body double yn byld brocht. Soms wurde bylden mei it gesicht fan 'e echte akteur of aktrise ôfwiksele mei bylden fan it lichem fan 'e body double. It is by soks fansels nedich dat de lichemsbou fan 'e body double oerienkomt mei dy fan 'e akteur of aktrise.

It kin ek wêze dat it om stuntwurk giet, dêr't de eigentlik akteur of aktrise net ta yn steat is. Ek yn sokke gefallen wurdt hy of sy ferfongen troch in body double, hoewol't men dan ornaris sprekt fan in stunt double. Ek by oare feardichheden dy't de akteur of aktrise net hat, kin in body double ynset wurde, lykas by jonglearjen, hynsteriden of it bespyljen fan in muzykynstrumint. Yn it lêste gefal wurde faak òf it gesicht fan 'e akteur of aktrise (en net de hannen), òf de hannen fan 'e body double (en net it gesicht) yn byld brocht, sadat it liket dat de akteur of aktrise sels in ynstrumint bespilet. By hynsteriden of jonglearjen of by stunts moat de body double fan efteren of út 'e fierte yn byld brocht wurde, sadat it ferskil mei de akteur of aktrise net te sjen is.

Noch wer in oar gefal wêrby't body doubles faak ynset wurde, is as de akteur of aktrise in rol spilet fan immen dy't op 'e iene of oare wize skeind rekke is, bgl. as by him of har in finger of in earm ôfset is. As it giet om in finger of in oar lyts diel fan it lichem, is it mooglik om yn 'e measte sênes te fertsjustermoanjen dat de akteur of aktrise eins dy skeining net hat. By it ferlies fan in earm of in skonk kin dat net, mar as it om in inkele sêne giet, bgl. oan 'e ein fan in film, kin dêrfoar in body double ynset wurde. As it in gruttere rol is, sil almeast nei in akteur of aktrise mei de skeining dêr't ferlet fan is, socht wurde, sadat it 'earlik' yn byld brocht wurde kin sûnder dat der in body double ynset hoegd te wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.