Kekenens

Ut Wikipedy

Kekenens, kekenheid, fizens of prudery (miskien better bekend ûnder de Nederlânske namme preutsheid) is in minsklike gemoedstastân dy't karakterisearre wurdt troch in ôfwizing fan alles dat mei seksualiteit yn ferbân brocht wurde kin. Dêrby giet it sawol om eksplisite neakenens yn it iepenbier as om alle oantsjuttings fan neakenens, seksualiteit en erotyk yn byld, (sprutsen) wurd en geskrift. It kin sels om it ûnderfinen fan it eigen (neakene) lichem yn in priveefermidden gean. It begryp 'kekenens' is negatyf beladen; positivere tsjinfuotters binne deugdsumens en keinens, al hat dat lêste begryp yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw foar it meastepart ek in negative lading krigen.

Lju dy't keken binne, omskriuwe harsels ornaris as minsken dy't jouwe om fatsoen en 'hoe't it heart', hoewol't harren gefoel dêrfoar sterk oermjittich ûntwikkele is yn ferhâlding ta de gongbere noarmen en wearden fan harren tiid en kultuer. Kekenens wurdt faak assosjearre mei it oproppen ta of útfieren fan sinsuer yn 'e media, it foarstean fan in ferbod op pornografy en/of neakenfotografy, en it feroardieljen fan iepenbiere bliken fan affeksje, lykas tútsjen, omearmjen of sels it fêsthâlden faninoars hannen. Mei't sokke dingen yn ferskillende kultueren ferskillend besjoen wurde, moat ek it punt dêr't op sprutsen wurde kin fan kekenens per kultuer ferskille.

Yn 'e skiednis fan 'e Westerske wrâld hat fierders it nivo fan kekenens fan tiid ta tiid ferskillend west. Sa wie de Klassike Aldheid alhiel gjin kekene tiid, en hoewol't de ynfiering fan it kristendom in sterke foarm fan lichemsskamte yntrodusearre, benammen ûnder strang leauwige lju, kinne de Midsiuwen ek net echt in kekene tiid neamd wurde. Midsiuwske bylden fan 'e hel binne fol neakene froulju en doopt waard der soms mei ferskate neakene persoanen yn ien doopbekken. De Renêssânse en de Ferljochting brochten nije snuorjes fan frijheid yn in stadichoan kekener wurdende tiid, dy't syn hichtepunt berikte yn it Fiktoriaanske Tiidrek yn Ingelân, dat op dit mêd suver sprekwurdlik wurden is. Yn de twadde helte fan 'e tweintichste iuw makken sekularisaasje en de Seksuële Revolúsje yn 'e Westerske Wrâld fierhinne in ein oan 'e op it kristendom weromgeande kekenens.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.