VHS

Ut Wikipedy
Inkele VHS-fideokassettes.

VHS (in ôfkoarting foar Video Home System) is in standert foar it opnimmen en ôfspyljen fan fideo's op fideokassettes yn in fideorecorder. It systeem, dat in horizontale byldresolúsje fan 240 byldlinen hat, waard oan it begjin fan 'e 1970-er jierren yn Japan ûntwikkele troch JVC. It waard dêre ynfierd op 9 septimber 1976. Yn 'e Feriene Steaten fûn de ynfiering yn 1977 plak, en yn 'e rest fan 'e wrâld yn 'e jierren dêrnei.

Fan 'e 1950-er jierren ôf wiene fideobannen, dy't gebrûk makken fan in magnetyske bân om fideobylden op fêst te lizzen, in wichtich helpmiddel wurden yn 'e tillefyzjeyndustry. Om sokke fideobannen ôf te spyljen wie in fideobânrecorder nedich, dat yn dy tiid in rottekrûddjoer apparaat wie dat inkeld ûnder profesjonele omstannichheden betelber wie, lykas yn tillefyzjestudio's en yn sikehuzen (dêr't it brûkt waard foar fluoroskopy). Yn 'e 1970-er jierren soarge de yntroduksje fan 'e earste, betelbere fideorecorders, dêr't nije fideokassettes yn brûkt wurde koene foar opnimmen en ôfspyljen fan tillefyzjeprogramma's, lykwols foar in revolúsje yn 'e tillefyzje- en filmyndustry. Dêrby seagen tillefyzje- en filmprodusinten de nije technology oer it algemien as in bedriging dy't harren sektor op 'e kop sette, wylst de sjoggers it beskôgen as in middel om kontrôle út te oefenjen oer de sjochûnderfining.

It VHS-logo.

Yn 't earstoan wiene der ferskate systemen foar fideokassettes. Njonken VHS bestiene ek Video 2000, dat ûntwikkele wie troch Philips, en Betamax, in útfining fan Sony. Yn 'e 1970-er en iere 1980-er jierren late dat ta de saneamde fideobânsysteemoarloch. Hoewol't it systeem fan Philips kwalitatyf better wie, moast it wike foar de beide Japanske systemen, dy't mear ynfloed hiene. Uteinlik treau VHS ek Betamax út 'e merk en kaam it út 'e striid as it dominante (en nei ferrin fan tiid iennichst oerbleaune) fideobânsysteem. Yn 1987 kaam der in ferbettere ferzje op 'e merk ûnder de namme Super-VHS of S-VHS. Foar kamera's waard in fariant mei lytsere kassettes brûkt, VHS-C.

Hoewol't VHS-fideobannen oer de hiele wrâld brûkt waarden, koene Jeropeeske bannen troch ferskillen yn it tillefyzjesysteem ornaris net ôfspile wurde yn Amerikaanske fideorecorders en oarsom. Dat kaam om't yn Jeropa, útsein Frankryk, it tillefyzjesinjaal PAL brûkt waard, wylst yn 'e Feriene Steaten it NTSC-sinjaal yn gebrûk wie, wylst boppedat it ljochtnet dêre in oare frekwinsje hie. Der waarden lykwols beskate spesjalisearre fideorecorders makke dy't mei beide systemen en soms ek mei it Frânske SECAM-systeem omgean koene.

Yn 'e 1990-er jierren kamen de earste optyske skiven yn gebrûk, dy't in bettere (digitale) byldkwaliteit beaen as de (analoge) fideobannen. De ierste foarm fan dat nije formaat, de LaserDisc, liet men yn Jeropa oer it algemien links lizze, mar waard ûnbidige populêr yn Japan en wie ek ridlik gongber yn 'e Feriene Steaten. Troch de yntroduksje fan 'e dvd, yn 1996, dy't wol oer de hiele wrâld yn gebrûk kaam, rekke it neitiid mei VHS stadichoan yn it neigean. Tsjin 2008 hie de dvd VHS folsein ferfongen as it medium foar ôfspyljen en opnimmen fan fideobylden. De lêste produsint fan VHS-fideo-apparatuer, it Japanske Funai, hold dêr yn july 2016 mei op.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.