Springe nei ynhâld

Nebula Award

Ut Wikipedy
Nebula Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction- en fantasyliteratuer
útrikt troch Science Fiction and Fantasy
   Writers of America
frekwinsje 1x jiers
plak [ferskilt per jier]
1e útrikking 1966
offisjele webside
www.sfwa.org/nebula-awards/

De Nebula Awards binne in groep prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste science fiction- en fantasywurken fan it foargeande jier. De namme is it Ingelske wurd foar in galaktyske dize of galaktyske nevel, wat in massa gas of stof of in ferminging fan beide yn 'e ynterstellêre romte is, lykas de bekende Krabdize of de Grutte Oriondize. De prizen wurde útrikt troch de Amerikaanske Science Fiction and Fantasy Writers of America, in nonprofitorganisaasje fan profesjonele skriuwers fan dy beide sjenres. De earste útrikking fan 'e Nebula Awards fûn plak yn 1966 en sûnt wurde se (tegearre mei de Hugo Awards) beskôge as ien fan 'e meast prestizjeuze prizen dy't in science fiction- en/of fantasyauteur mar winne kin.

De Nebula Awards wurde útrikt yn fjouwer kategoryen:

  • Bêste roman (sûnt 1966): in ferhaal fan 40.000 wurden of mear.
  • Bêste novelle (sûnt 1966): in ferhaal fan 17.500-40.000 wurden.
  • Bêste koarte novelle (sûnt 1966): in ferhaal fan 7.500-17.500 wurden.
  • Bêste koarte ferhaal (sûnt 1966): in ferhaal fan minder as 17.500 wurden.

Yn it ferline hat der noch ien oare kategory bestien:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.