Klimaks (narratology)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Dea fan Caesar, in skilderij fan Vincenzo Camuccini dat in byld jout by de klimaks yn it toanielstik Julius Caesar, fan Shakespeare.

De klimaks, fan it Grykske κλῖμαξ (klimax), dat "trep" of "ljedder" betsjut, ek wol hichtepunt of kearpunt neamd, is yn 'e narratology in ferheljend wurk it punt dat it ferhaal syn grutste spanning en dramatyk berikt. Soks komt benammen foar yn wurken fan fiksje, mar ek ferheljende non-fiksjewurken hawwe faak in klimaks, ek al hat de skriuwer dan net deselde frijheid om 'e foarfallen en de 'plot' fan syn wurk nei eigen goedfinen oan te passen. In teloarstellende klimaks wurdt in antyklimaks neamd.

Foarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In foarbyld fan in klimaks is de moard op Julius Caesar yn it toanielstik Julius Caesar, fan William Shakespeare.

In oar foarbyld is it fjochtsjen fan 'e hobbit Frodo Baggins mei it wêzen Gollum om it besit fan 'e Iene Ring op 'e top fan 'e Doemberch yn 'e romantrilogy The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien.

Yn in ferheljende non-fiksjebeskriuwing fan 'e Slach by Waterloo soe de klimaks middeis om 17.00 oere wêze, doe't de Prusyske troepen fan Blücher op it slachfjild ferskynden en Napoleon in ruteroanfal fan hast 10.000 Frânsen ynsette om te besykjen it Britsk-Nederlânske leger fan Wellington te brekken foar't der in grutte Prusyske oanfal tsjin him beävensearre wurde koe.

Yn in mop wurdt de klimaks foarme troch de klû.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.