Springe nei ynhâld

Antyklimaks (narratology)

Ut Wikipedy

De antyklimaks, fan it Grykske κλῖμαξ (klimax), dat "trep" of "ljedder" betsjut en it foarheaksel anti- dat "tsjin" betsjut, is yn in ferheljend wurk in sitewaasje yn in plot wêrby't in probleem dat dreech oplosber liket, oplost wurdt troch wat triviaals. It punt wannear't it ferhaal syn grutste spanning en dramatyk berikke moatte soe, komt op dy manear narratologysk sjoen net út 'e ferve. Dat liedt by de lêzer, sjogger of harker (ôfhinklik fan it medium) oer it algemien ta teloarstelling, om't de klimaks fan in ferheljend wurk wat is dêr't men nei útsjocht.

In foarbyld fan in antyklimaks soe de ferneatiging fan in swierbewekke fasiliteit wêze kinne, dêr't avansearre technology, in protte fjoerwapens, in yngewikkeld plan en de gearwurking fan 'e haadpersoanen foar nedich heart te wêzen. It kin lykwols ek berikt wurde troch in skjinmakker dy't útglidet op in wiete flier en by fersin in reade knop yndrukt dêr't "selsferneatigingsmeganisme" op stiet.

In besteand foarbyld fan wat rûnom as in antyklimaks beskôge wurdt, komt foar yn 'e science fiction-film The War of the Worlds, dêr't middenmank de gaos fan in ferovering fan 'e Ierde troch bûtenierdske wêzens de fijân ferslein wurdt troch it meast ûnferwachte organisme: it firus dat ferkâldenens feroarsaket.

In fêste foarm fan 'e antyklimaks is de saneamde deus ex machina, dy't foar it earst yn Aldgrykske trageedzjes foarkaam en betocht waard troch de toanielskriuwer Aiskylos. Dêrby wurdt it ferhaal, as it syn hichtepunt berikt, binnenkrongen troch in ynfloed fan bûtenôf (oarspronklik altyd in god), dy't hielendal neat mei it ferhaal út te stean hat en it sintrale probleem sûnder swierrichheden oplost.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.