Keunsttaal

Ut Wikipedy

In keunsttaal is in taal dy't útfûn is om oan in beskaat ferlet te foldwaan. Sa binne ferskate keunsttalen gearstald om te tsjinjen as medium foar ynternasjonale kommunikaasje, om sa it probleem fan 'e spraakbetizing op te lossen. Sokke keunsttalen wurde gauris oantsjut as "universele talen" of "helptalen". Dêrby moat oantekene wurde dat soks net bjuster súksesfol west hat. In foarbyld fan sa'n soarte keunsttaal is yn it foarste plak it Esperanto, dat yn 1887 troch de Poalsk-Joadske taalkundige Ludwik Lejzer Zamenhof skepen waard. Tsjintwurdich sprekke wrâldwiid mear as 2 miljoen minsken floeiend Esperanto, en dêrmei is dy taal fierwei it súksesfolst fan alle keunsttalen. Soartgelikense talen binne it Ynterlingua (1.500 brûkers); it Ido (100-200 brûkers); it Volapük (20 brûkers); en it Novial. In foarbyld fan in helptaal dy't net as wrâldtaal ornearre is, is it Ynterslavysk, in saneamde zonale keunsttaal, d.w.s. in taal foar kommunikaasje tusken sprekkers fan ien bepaalde taalfamylje.

Fierders binne guon keunsttalen ek yn it libben roppen om kompjûters mei te programmearjen (bgl. BASIC), om mei robots te kommunisearjen, of om minsken mei learswierrichheden te helpen (bgl. blissymbolics). Dêrnjonken binne beskate keunsttalen betocht en útwurke by wize fan it jaan fan eftergrûn oan wurken fan literatuer, film en tillefyzje. Dêrby moat men tinke oan it Quenya, de taal fan 'e elven yn J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings, of oan it Klingon, in taal fan bûtenierdske wêzens út 'e Amerikaanske tillefyzjerige Star Trek, dy't útwurke waard troch de taalkundige Marc Okrand.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 24.