Bataljon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Standertsymboal brûkt troch de NATO om in bataljon oan te jaan.

In bataljon (fan it Italjaanske battaglione fia it Frânske bataillon) is in militêre ienheid of formaasje fan 'e lânmacht en it marinierskorps, dy't bestiet út tusken de 300 en 800 manskippen. Yn 'e measte legers wurde bataljons opmakke út fjouwer kompanjyen mei dêropta in stêfkompanjy. Trije oant seis bataljons foarmje in brigade. It befel oer in bataljon is yn 'e regel yn 'e hannen fan in luitenant-kolonel. De term 'bataljon' waard teminsten fan 'e sechstjinde iuw ôf yn it Italjaansk brûkt yn 'e foarm battaglione, dat ôflaat wie fan it Italjaanske wurd foar fjildslach, battaglia.

In bataljon is ornaris de lytste militêre ienheid dy't noch it fermogen hat om selsstannich te operearjen, hoewol't it fan bûtenôf befoarrieden wurde moat om sokke 'selsstannige' operaasjes langer as likernôch tsien dagen fol te hâlden. Bataljons besteane teminsten út twa gefjochtskompanjyen en ien ûnderstypjende of stêfkompanjy, dy't oer genôch manskippen en materieel beskikke om lytsskalige gefjochtsaksjes te ûndernimmen en teffens beheinde administrative en logistike fermogens hawwe. De ûnderhearrige militêre ienheden (kompanjyen en de pelotons dêr't dy kompanjyen út besteane) binne ôfhinklik fan it haadkertier fan it bataljon foar befel, kontrôle, kommunikaasje, ynljochtings, befoarrieding en logistike stipe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.