Springe nei ynhâld

The King's Speech (film)

Ut Wikipedy
The King's Speech
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tom Hooper
produsint Iain Canning
Emile Sherman
Gareth Unwin
útfierend
   produsint
Harvey Weinstein e.o.
senario David Seidler
basearre op wiere foarfallen
kamerarezjy Danny Cohen
muzyk Alexandre Desplat
filmstudio Momentum Pictures
See-Saw Films
Bedlam Productions
The Weinstein Company
FilmNation Entertainment
UK Film Council
Aegis Film Fund
Molinare, London
distribúsje Momentum Pictures (Fer. Ken.)
The Weinstein Company (Fer. St.)
spilers
haadrollen Colin Firth
Geoffrey Rush
byrollen Helena Bonham Carter
Guy Pearce
Timothy Spall
Derek Jacobi
Michael Gambon
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 28 novimber 2010
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske biografyske
   dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $427,4 miljoen
prizen 4 × Oscar
1 × Golden Globe
7 × BAFTA
2 × Screen Actors Guild Award
2 × Satellite Award
1 × Empire Award

The King's Speech is in Britsk-Amerikaanske histoaryske biografyske dramafilm út 2010 ûnder rezjy fan Tom Hooper, mei yn 'e haadrollen Colin Firth en Geoffrey Rush. It ferhaal giet oer de mei stammerjen oanhelle Britske prins en lettere kening George VI, dy't de eksintrike Australyske logopedist Lionel Logue yn 'e earm nimt om derfoar te soargjen dat er út 'e wurden komme kin as er taspraken hâlde moat. De titel is in wurdboarterij, dy't sawol "De Taspraak fan 'e Kening" as "It Spraakfermogen fan 'e Kening" betsjutte kin. De film, dy't as ûnôfhinklike film makke waard, krige poerbêste resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ek ta in trochslaand kommersjeel súkses. The King's Speech wûn fjouwer Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), in Golden Globe, sân BAFTA's, twa Screen Actors Guild Awards, twa Satellite Awards, in Empire Award en in grut tal oare prizen.

By de seremoniële ôfsluting fan 'e Tentoanstelling fan it Britske Ryk yn it Wembleystadion yn Londen, hâldt prins Albert, hartoch fan York, de twadde soan fan kening George V fan it Feriene Keninkryk, mei muoite in taspraak foar it gearklofte publyk, dy't ûntsierd wurdt troch syn stammerjen. Syn syktocht nei genêzing fan dy oandwaning hat oant no ta om 'e nocht west, mar syn leafhawwende frou, Elizabeth Bowes-Lyon, bringt him yn kontakt mei in logopedist fan Australysk komôf oer wa't se heard hat, in Lionel Logue.

De earste moeting tusken Logue en syn nije pasjint ferrint stroef, mei't de logopedist derop stiet om Lionel neamd te wurden en de prins oansprekt as 'Bertie' (de ropnamme dy't yn famyljefermidden foar him brûkt wurdt). De prins is derfan oertsjûge dat er nea prate kinne sil sûnder te stammerjen, mar Logue set him in koptillefoan mei lûde muzyk op en lit him dan in passaazje út Hamlet fan Shakespeare foardrage. Fan it resultaat makket er in lûdsopname. Prins Albert rekket allinne mar mear frustrearre troch dat eksperimint, en rint lulk fuort, hoewol't it Logue noch wol slagget om him de lûdsopname by wize fan sûvenir mei te jaan.

Nei't kening George V yn 1934 syn krysttaspraak foar de radio fan 'e BBC holden hat, drukt er prins Albert op it hert dat dit medium yn it ferfolch in wichtich ûnderdiel útmeitsje sil fan 'e rol fan it Britske keninklik hûs. Hy fiteret syn soan oan om deselde taspraak sels te prebearjen (hoewol net op 'e radio), mar dat rint út op in mislearring as de prins troch syn stammerjen alhiel net út syn wurden komme kin. Dy jûns spilet er lykwols út in morbide sucht nei selshoffening de lûdsopname fan Logue ôf en rekket ferbjustere as bliken docht dat er de passaazje út Hamlet sûnder hapering foarlêzen hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Stipe troch syn frou Elizabeth keart de prins dêrop by Logue werom om tenei deistige oefenings yn sykheljen en foarlêzen te dwaan. Logue wol it ek oer de psychologyske oarsaak fan it stammerjen hawwe, mar dêr wol de prins earst neat oer loslitte. Meitiid fertelt er lykwols dat er as bern o sa troch syn bruorren narre is mei syn stammerjen, en dat syn heit wegere dêr it near op te lizzen om't er miende dat it narjen him twinge soe it stammerjen ôf te learen. Ek fertelt er oer syn mishanneling troch syn earste bernefamke.

Yn 1936 komt kening George V te ferstjerren en wurdt opfolge troch syn âldste sôan David, dy't op 'e troan komt as kening Edwert VIII fan it Feriene Keninkryk. Tsjin dy tiid is de nije kening lykwols al oan kop en earen ta behelle yn in leafdesrelaasje mei Wallis Simpson, in troude Amerikaanske frou dy't earder alris skieden is. Sy lit har ek fan har twadde man skiede, en Edwert wol dêrnei beslist mei har trouwe. Syn keninklike posysje as haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân, dy't skiedings net erkent, makket soks lykwols ûnmooglik. Yn 'e eagen fan 'e tsjerke soe it nammentlik in gefal fan dûbele bigamy wêze, mei't Wallis har beide eardere mannen noch libje.

Prins Albert hat op in stuit skjin syn nocht fan it ûnferantwurde hâlden en dragen fan syn broer en siket Logue op foar in net yn 't foar ôfsprutsen moeting. Troch de jierren hinne is er Logue as in freon begûn te sjen, wat wat nijs foar him is, om't er troch syn isolearre maatskiplike posysje nea earder freonen hân hat. Oan Logue lit de prins syn frustraasje blike, net inkeld oer syn broer de kening, mar ek oer himsels. Syn spraakfermogen is der ûnderwilens yn 'e measte omstannichheden in stik op foarút gien, mar syn broer kin him noch sa stammerje litte dat er op 't lêst gjin wurd mear útbringe kin. Hy bringt de relaasje fan Edwert mei Wallis Simpson oan Logue út. Dy besiket him in hert ûnder de rym te stekken troch te sizzen dat Albert sels in goede kening wêze soe, mocht it slimste barre en Edwert abdisearje. De prins wol dêr lykwols neat fan witte en kiest derfoar om dat op te fetsjen as in ynflústering fan heechferrie. Neitiid kappet er alle bannen mei Logue troch.

De Abdikaasjekrisis rint der úteinlik op út dat Edwert ôfstân docht fan 'e troan, om't er bûge of barste mei Wallis Simpson trouwe wol en dat ûnmooglik is salang't er kening is. Stipe troch premier Stanley Baldwin folget prins Albert syn broer op as kening, ûnder de keningsnamme George VI. Underwilens hat Logue besocht syn ûntskuldigings oan te bieden, nei't syn frou Myrtle him dêrta oantrune doe't er har fertelde dat er rûzje krigen hie mei "in pasjint". It slagget him lykwols net om ta de prins talitten te wurden.

Prins Albert, dy't as kening oansjocht tsjin in hiele takomst fol taspraken, beseft dat er ferlet hat fan Logue syn help, en regelet in nije moeting by Logue thús. De logopedist hat soarge dat syn frou en syn beide soannen op dat stuit fuort binne. Hy en de prins prate harren skeel út en ferfetsje de oefenings, wylst prinsesse Elizabeth Bowes-Lyon yn it oangrinzgjende fertrek in kopke tee drinkt. As Myrtle Logue, dy't noch altyd neat wit fan 'e omgong dy't har man hat mei it keninklik hûs, ûnferwachts earder thúskomt, treft se de prinsesse yn har wenkeamer oan. Dat liedt ta in fermaaklik ynsidint wêrby't Logue him foar syn frou besiket te ferskûljen en troch prins Albert oanfitere wurde moat om har ûnder eagen te kommen.

As Logue en de prins de rol fan 'e prins by de kroaning oefenje wolle yn 'e Abdij fan Westminster, komme se yn botsing mei Cosmo Gordon Lang, dy't as aartsbiskop fan Canterbury it deistich bestjoer oer de Tsjerke fan Ingelân hat. Lang sjocht neat yn in sljochtwei man as Logue, dy't boppedat ek noch in Austraaljer is, en komt mei in eigen logopedist foar de prins oan. Dy jout him lykwols te ferstean dat er himsels wol rêde kin mei eigen priveelibben. Dêrop besiket de aartsbiskop Logue te ûndermynjen troch derop te wizen dat er gjin dokterstitel hat om't er nea gjin formele oplieding ta logopedist folge hat. Logue leit oan in ûntstelde prins Albert út dat der doedestiden yn Austraalje hielendal gjin formele logopedy-oplieding bestie en dat er syn fak yn 'e praktyk leard hat troch syn behanneling fan Australyske soldaten dy't út 'e Earste Wrâldoarloch weromkeard wiene mei shellshock. De prins bliuwt twifelich oer de saak, oant Logue him mei syn opsetlik ûnearbiedich hâlden en dragen foar de Stoel fan Kening Edwert en de Stien fan Scone oer ta sa'n razernij bringt dat er syn stammerjen alhiel kwytrekket.

Nei de rippetysje mei Logue giet de kroaningsplechtichheid, wêrby't de prins inkeld fjouwer koarte antwurden hoecht te jaan, dat it slydjaget. As nijbakken kening binne foar Albert lykwols de rapen gear as er yn septimber 1939, nei de oarlochsferklearring fan it Feriene Keninkryk oan nazy-Dútslân, mei frijwol gjin tiid foar tarieding in taspraak fan fjouwer kantsjes foar de radio jaan moat. Logue wurdt ûntbean op Buckingham Palace en nimt de taspraak fjirtich minuten lang mei de kening troch. As it heve moat mei de taspraak binne Elizabeth Bowes-Lyon, de beide jonge dochters fan 'e kening, aartsbiskop Lang, Winston Churchill en premier Neville Chamberlain oanwêzich om morele stipe te bieden. De kening en Logue sûnderje harren ôf yn 'e útstjoerkeamer, dêr't Logue as dirigint it sprekken fan 'e kening beävensearret. It begjin is dreech, mar it giet almar better en tsjin 'e ein praat er suver foar it faderlân wei.

Colin Firth.
Geoffrey Rush.
Helena Bonham Carter.

Wylst kening George en syn gesin nei de radiotaspraak fan it balkon fan it paleis ôf de gearklofte mannichte folk tawiuwe, komt in tekst yn byld dy't fertelt dat Logue de hiele Twadde Wrâldoarloch troch altyd oanwêzich wie as de kening in taspraak jaan moast. Hy waard dêrfoar ûnderskaat mei de Keninklike Fiktoaria Oarder foar persoanlike tsjinsten oan 'e Kroan, en teffens waard er yn 'e adelstân ferheft. Hy en de kening bleaune befreone oant it ûntidich ferstjerren fan George oan longkanker yn 1952.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise    
kening George VI fan it Feriene Keninkryk Colin Firth
Lionel Logue Geoffrey Rush


byrollen
personaazje akteur/aktrise
keninginne Elizabeth Bowes-Lyon Helena Bonham Carter
kening Edwert VIII fan it Feriene Keninkryk Guy Pearce
Winston Churchill Timothy Spall
aartsbiskop fan Canterbury Cosmo Gordon Lang Derek Jacobi
kening George V fan it Feriene Keninkryk Michael Gambon
Myrtle Logue Jennifer Ehle
Wallis Simpson Eve Best
Stanley Baldwin Anthony Andrews
prinsesse Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk Freya Wilson
prinsesse Margaret fan it Feriene Keninkryk Ramona Marquez
Clive Wigram, 1e baron Wigram Patrick Ryecart
Bertrand Dawson, 1e boarchgreve Dawson fan Penn Simon Chandler
keninginne Marije fan Teck Claire Bloom
prins George, hartoch fan Kent Orlando Wells

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It senario foar The King's Speech waard skreaun troch David Seidler. Dyselde stammere sels as bern ek en waard ta it oerwinnen dêrfan ynspirearre troch it súkses op dat mêd fan George VI. Hy woe dêrom in skript oer de kening skriuwe en die dêrta oan 'e ein fan 'e 1970-er en yn 'e 1980-er jierren in protte ûndersyk. Hy kaam in protte oan 'e weet oer de kening, mar frijwol neat oer Lionel Logue. Uteinlik naam er kontakt op mei Valentine Logue, in soan fan 'e logopedist, dy't dermei ynstimde om 'e notysjeboeken fan syn heit beskikber te stellen as keninginne-mem Elizabeth Bowes-Lyon dêrmei ynstimde. Dy frege him lykwols dat net te dwaan salang't sy noch libbe, wêrnei't Seidler syn wurk foarearst rêste liet.

Nei it ferstjerren fan 'e keninginne-mem yn 2002 pakte Seidler it projekt yn 2005 wer op. Op oanrieden fan oaren makke er der earst in toanielstik fan, dat er letter omwurke ta in filmsenario. By in lêzing fan it toanielstik troch in groep Austraaljers om utens wie de mem fan regisseur Tom Hooper belutsen, dy't neitiid har soan opskille om him te fertellen dat se syn folgjende film ûntdutsen hie. As produsinten wiene Iain Canning, Emile Sherman en Gareth Unwin by it projekt belutsen foar de filmstudio's Momentum Pictures, See-Saw Films, Bedlam Productions, FilmNation Entertainment en de Amerikaanske Weinstein Company, wat fan 'e film in Britsk-Amerikaanske ko-produksje makke. Bykommende finansiering waard feilichsteld fia de UK Film Council, Aegis Film Fund en Molinare, London. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Danny Cohen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alexandre Desplat.

Colin Firth en Helena Bonham Carter op 'e filmset fan The King's Speech as kening George VI fan it Feriene Keninkryk en keninginne Elizabeth Bowes-Lyon.

De opnamen foar The King's Speech fûnen fan novimber 2009 oant jannewaris 2010 plak op lokaasje yn Londen en op oare plakken yn Ingelân en Skotlân. Om it stammerjen fan George VI sa reälistysk mooglik foar te stellen, wurke haadrolspiler Colin Firth gear mei twa stimcoaches: Neil Swain en syn eigen suster Kate Firth. Nei ôfrin fan 'e opnamen hie Colin Firth muoite om wer fan it stammerjen ôf te kommen. Yn in fraachpetear neamde er it "út en troch harstikkene besmetlik". Ek seid er dêroer: "Wat mear ik deroan tink, wat slimmer it wurdt. Yn elts gefal jout my dat in ynkykje yn hoe't it wêze moat [foar in echte stammerder]."

De distribúsje fan The King's Speech waard yn it Feriene Keninkryk fersoarge troch Momentum Pictures, yn 'e Feriene Steaten troch The Weinstein Company en yn Australaazje troch Paramount Pictures. De film wie op 6 septimber 2010 foar it earst te sjen op it Filmfestival fan Telluride, en iepene dêrnei op 28 novimber fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn it Feriene Keninkryk kaam er op 7 jannewaris 2011 pas yn 'e bioskoop. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 novimber by platemaatskippij Decca Records.

Oangeande de historisiteit sitte der guon heakken en eagen oan The King's Speech. De film kondinsearret de gronology fan 'e wiere foarfallen, dêr't er op basearre is, ta in pear jier, wylst se yn it echt oer in langere perioade plakfûnen. De lettere kening begûn eins al yn 1926 mei Logue gear te wurkjen om fan syn stammerjen ôf te kommen, ynstee fan yn 'e earste helte fan 'e 1930-er jierren, sa't de film hawwe wol. Boppedat wie it effekt fan 'e oefening binnen in stikmannich moannen al hiel dúdlik, en duorre dat net jierren, sa't de film suggerearret. Yn 1927 makke de doetiidske hartoch fan York in reis nei Austraalje sûnder dat Logue him beselskippe, en dêrby joech er ferskate taspraken dy't him al goed ôfgiene.

Oare punten fan krityk wiene de portrettearring yn The King's Speech fan Lionel Logue, dy't neffens syn pakesizzer Robert Logue wierskynlik nea flokte yn it bywêzen fan 'e (lettere) kening, en him beslist net oanspriek mei "Bertie". De Ingelske histoarikus Andrew Roberts wiisde der dêrnjonken op dat de personaazjes fan Edwert VIII, Wallis Simpson en George V foar dramatysk effekt yn 'e film dúdlik antagonistysker makke binne as dat se yn it echt wiene. Ut ferskate boarnen, lykas fan 'e Britsk-Amerikaanske sjoernalist en publisist Christopher Hitchens en de Frânske krante Le Monde, kaam fierders krityk dat de film de Britske polityk fan appeasement foar Hitler en nazy-Dútslân oer kreas ûnder it flierkleed faget.

Fan 'e filmkritisy krige The King's Speech rûnom loovjende resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren om't it neffens him "in histoarysk drama fan 'e heechste kwaliteit en in krêftich persoanlik drama" wie. Yn 'e Britske krante The Guardian parte Peter Bradshaw The King's Speech 4 fan 5 stjerren ta. Hy skreau: "Tom Hooper syn tige fermaaklile en knaphandich produsearre film […] is in publyksfilm dy't in ûnbidich soad selsfertrouwen hat."

Yn it Amerikaanske tydskrift Time neamde Richard Corliss de fertolking fan 'e rol fan kening George VI troch Colin Firth ien fan 'e top 10-aktearprestaasjes fan 2010. Manohla Dargis fan The New York Times hie oer de film as gehiel mingde gefoelens, mar liet har ek tige loovjend út oer it aktearjen fan Firth, dat foar har it wichtichste pluspunt oan The King's Speech wie.

Regisseur Tom Hooper efter de kamera by de opnamen fan The King's Speech.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The King's Speech in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 297 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Colin Firth leveret in masterlike prestaasje ôf yn [dizze film], dy't in foarsisber mar stylfol produsearre […] kostúmdrama is." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The King's Speech in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 41 resinsjes.

Keninginne Elizabeth II krige de film foar de kryst fan 2010 tastjoerd en beseach him yn besletten fermidden. Neffens de berjochten wie hja "oandien troch in op it moed kommende portrettearring fan har heit."

The King's Speech brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $138,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $289,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $427,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen betsjut dat in winst fan $412,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2011 waard The King's Speech by de Oscars nominearre foar prizen yn tolve kategoryen, wêrûnder bêste byrol fan in akteur (Geoffrey Rush), bêste byrol fan in aktrise (Helena Bonham Carter), bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste kostúmûntwerp, bêste lûdsmixing en bêste artdirection. De film wûn fjouwer Oscars: foar bêste film, bêste regisseur (Tom Hooper), bêste akteur (Colin Firth) en bêste orizjinele senario (David Seidler).

By de Golden Globes waard de film nominearre foar sân prizen, wêrûnder bêste film (drama), bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur yn in dramafilm (Geoffrey Rush), bêste byrol fan in aktrise yn in dramafilm (Helena Bonham Carter), bêste senario en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn ien Golden Globe, foar bêste akteur yn in dramafilm (Colin Firth).

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The King's Speech nominearre foar fjirtjin prizen, wêrûnder bêste regisseur, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste lûd, bêste kostúmûntwerp, bêste produksje-ûntwerp en bêste fisazjy en hierstilearring. De film wûn sân BAFTA's, foar bêste film, bêste Britske film, bêste akteur (Colin Firth), bêste byrol fan in akteur (Geoffrey Rush), bêste byrol fan in aktrise (Helena Bonham Carter), bêste senario (David Seidler) en bêste filmmuzyk (Alexandre Desplat).

The King's Speech wûn fierders twa Screen Actors Guild Awards, twa Satellite Awards, in Empire Award, twa Critics' Choice Awards, in Directors Guild of America Award, de Italjaanske David di Donatello yn 'e kategory bêste Jeropeeske film, en prizen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan de Hamptons, it Filmfestival fan Hollywood, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.