David Lean
Sir David Lean (Croyden, 25 maart 1908 – Londen, 16 april 1991) wie in Ingelsk filmregisseur, filmprodusint en screenwriter dy ferneamd waard fan epyske spektakelfilms lykas Lawrence of Arabia, The Bridge on the River Kwai en Doctor Zhivago. Syn ferfilmings fan Dickens syn romans Great Expectations (1946) en Oliver twist (1948) wurde heech oanskreaun.
Regisseur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lean stie bekend as in regisseur dy't tige sekuer wurke en dy't each hie foar details. Dean syn films hawwe fierder as skaaimerk dat de karakters en de ûntjouwing dêrfan in protte omtinken krije. Foar de rezjy fan Lawrence of Arabia en The Bridge on the River Kwai ûntfong er in Oscar.
The Bridge on the River Kwai en Lawrence of Arabia wûnnen elk sân Oscars. Lawrence of Arabia wurdt yn it generaal beskôge as in hichtpunt yn de filmskiednis. Ek Doctor Zhivago krige fiif Oscars.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lean hat lang yn Limehouse, east Londen wenne. It hûs oan Narrow Street sit noch yn de famylje. Lean hat seis kear troud west en skiede fiif kear; syn lêste frou hat him oerlibbe. Hy hat ien soan en teminsten twa pakesizzers, dêr't er oars folslein fan ferfrjemde wie.
- Isabel Lean (1930 – 1936) (in folle nicht); sy krigen ien soan, Peter
- Kay Walsh (1940 – 1949)
- Ann Todd (1949 – 1957)
- Leila Matkar (1960 – 1978) (út Hyderabad, Yndia), syn langste houlik.
- Sandra Hotz (1981 – 1984)
- Sandra Cooke (1990 – 1991)
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In Which We Serve (1942)
- This Happy Breed (1944)
- Blithe Spirit (1945)
- Brief Encounter (1945)
- Great Expectations (1946)
- Oliver Twist (1948)
- The Passionate Friends (1949)
- Madelein (1950)
- The Sound Barrier (1952)
- Hobson's Choice (1954)
- Summertime (1955)
- The Bridge on the River Kwai (1957)
- Lawrence of Arabia (1962)
- Doctor Zhivago (1965)
- Ryan's Daughter (1970)
- A Passage to India (1984)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kevin Brownlow: David Lean. A Biography. St. Martin's Press, 1996, ISBN 0-312-14578-0.
- Michael Coyne: Epic Encounters. The Films of David Lean. yn: Cinema & Society. I.B. Tauris, 2004,ISBN 1-86064-513-5.
- Thomas Koebner, Fabienne Liptay, Matthias Bauer (Hrsg.): David Lean. yn: Film-Konzepte Nr. 10. edition text + kritik, München 2008, 100 S., ISBN 978-3-88377-922-5 oder ISBN 3-88377-922-9.
- Sandra Lean, Barry Chattington: David Lean. An Intimate Portrait. Carlton Books, 2001, ISBN 0-233-05014-0.
- Gene D. Phillips: Beyond the Epic: The Life and Films of David Lean. The University Press of Kentucky, 2006, ISBN 0-8131-2415-8.
- Stephen M. Silverman: David Lean. Harry N. Abrams, 1992, ISBN 0-8109-2507-9.
- James Ursini, Alain Silver: David Lean and His Films. Silman-James Press, 1992, ISBN 1-879505-00-2.