Murder on the Orient Express (film út 1974)

Ut Wikipedy
Murder on the Orient Express
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sidney Lumet
produsint John baron Brabourne
Richard Goodwin
senario Paul Dehn
basearre op de roman fan Agatha Christie
kamerarezjy Geoffrey Unsworth
muzyk Richard Rodney Bennett
filmstudio G.W. Films Ltd
EMI Films
distribúsje Anglo-EMI Film Distributors
spilers
haadrollen Albert Finney
Martin Balsam
byrollen Lauren Bacall
Ingrid Bergman
Jacqueline Bisset
Jean-Pierre Cassel
Sean Connery
Vanessa Redgrave
Wendy Hiller
John Gielgud
Michael York
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre 21 novimber 1974
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske detektivefilm
taal Ingelsk
spyltiid 128 minuten
budget en resultaten
budget $1,4 miljoen
opbringst $35,7 miljoen (Noard-Amearika)
prizen 1 × Oscar
3 × BAFTA
filmsearje
filmsearje Hercule Poirot
● folgjend diel Death on the Nile

Murder on the Orient Express is in Britske histoaryske detektivefilm út 1974 ûnder rezjy fan Sidney Lumet en op basis fan 'e roman mei deselde namme fan Agatha Christie út 1934. De haadrollen waarden fertolke troch Albert Finney (as de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot) en Martin Balsam. Hja waarden ûnderstipe troch byrollen fan û.o. Lauren Bacall, Ingrid Bergman, Jacqueline Bisset, Jean-Pierre Cassel, Sean Connery, Vanessa Redgrave, Wendy Hiller, John Gielgud en Michael York. De titel betsjut "Moard op 'e Oriïnt Ekspres".

It ferhaal folget Poirot as der ûnderweis yn 'e Oriïnt Ekspres fan Istanbûl nei Calais yn 'e sliepkûpee njonken sines in moard begien wurdt. De trein strânet yn Joegoslaavje yn 'e snie en alle mei-passazjiers binne fertochten. Oan Poirot de taak om 'e tizeboel fan oanwizings te folgjen nei de dieder. Murder on the Orient Express krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film wûn in Oscar en trije BAFTA's. In ferfolchfilm, Death on the Nile, kaam út yn 1978, sij it mei Peter Ustinov as Poirot. Yn 2017 waard der in remake makke, dy't ek Murder on the Orient Express hiet.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In prolooch lit bylden sjen (beselsippe fan útlizzende krantekoppen) oer de saak fan 'e pjut Daisy Armstrong. Hja is in dochterke fan rike âlden, dat yn 1930 yn 'e Feriene Steaten ûntfierd wurdt. It is in saak dy't it hiele lân blykber dwaande hâldt. De âldelju, de Britske kolonel Hamish Armstrong en syn Amerikaanske frou Sonia, betelje it losjild dat troch de ûntfierders easke wurdt, mar de lytse Daisy wurdt letter fermoarde weromfûn.

Fiif jier letter, yn desimber 1935, arrivearret de ferneamde Belgyske privee-detektive Hercule Poirot yn Istanbûl. Hy is dêrhinne reizge út 'e Britske koloanje Transjordaanje wei, yn it Midden-Easten, dêr't er in saak oplost hat foar it Britske Leger. No is er ûnferwachts weromroppen nei Londen foar in oare saak dy't gjin útstel lije kin, dat ynderhaasten is er fan doel om 'e Oriïnt Ekspres te nimmen. Dat is de fluchste en meast streekrjochte spoarline nei West-Jeropa, dy't fan Istanbûl fia Sofia, Belgrado, Zagreb, Triëst, Feneesje, Milaan, Lausanne en Parys nei Calais rint, dêr't er de fearboat oer It Kanaal nei Ingelân nimme kin.

Yn Istanbûl moetet er in âlde freon, signore Bianchi, in Italjaan dy't in liedingjaande funksje beklaait by de Compagnie Internationale des Wagons-Lits, it bedriuw dat de Oriïnt Ekspres útbaat. Hoewol't de trein al folboekt is, soarget Bianchi, dy't sels ek meireizget, derfoar dat Poirot in sliepkûpee kriget. De oare passazjiers binne de lûdroftige Amerikaanske widdo Harriet Hubbard; de Ingelske gûvernante Mary Debenham; de Sweedske sindelinge Greta Ohlsson; de Amerikaanske sakeman Samuel Ratchett mei syn jonge sekretaris anneks tolk Hector McQueen en syn Ingelske butler Edward Beddoes; de Italjaansk-Amerikaanske autoferkeaper Antonio Foscarelli; de Russyske foarstinne op jierren Natalja Dragomiroff en har Dútske tsjinstfaam Hildegard Schmidt; de Hongaarske greve Rudolf Andrenyi en syn frou grevinne Elena; de Skotske kolonel yn it Britsk-Yndyske Leger John Arbuthnott; de Amerikaanske toanielympressario Cyrus Hardman; en de Grykske dokter Stavros Constantine, in oare freon fan Bianchi. Ek yn 'e wagon oanwêzich is de Frânske kondukteur Pierre Paul Michel.

Op 'e moarn nei de earste nacht fan 'e reis hâldt Ratchett yn 'e restauraasjewagon Poirot oan en besiket him oer te heljen om by him yn 'e tsjinst te kommen as in soarte fan liifwacht. De sakeman hat de lêste tiid nammentlik ferskate anonime deadsbedrigings ûntfongen. Dat ferklearret er troch te sizzen dat eltse sakeman op syn wurkpaad fijannen makket. Hy biedt Poirot $15.000 oan foar it putsje, mar Poirot stegeret him ôf. Nei in koart petear is him al dúdlik dat Ratchett in ferline hat dêr't er neat oer sizze wol, wat it wurk ûnnedich dreech meitsje soe. Boppedat is Poirot no yn 'e fortúnlike omstannichheid dat er syn skiepkes op it drûge hat en útkieze kin oan hokker saak er syn tiid besteegje wol.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dy jûns komt de Oriïnt Ekspress yn Joegoslaavje tusken de stêden Vinkovci en Slavonski Brod stil te stean foar in mânske sniebank dy't oer it spoar leit en dêr't gjin trochkommen oan is. Dy nachts wurdt Poirot ferskate kearen út 'e sliep helle, wêrûnder ienris troch in gjalp fan Ratchett, dy't yn 'e kûpee njonken sines sliept. De oare moarns antwurdet Ratchett net op it oanklopjen fan syn butler Beddoes op syn kûpeedoar. De beskoattele doar wurdt iepenbrutsen troch Beddoes, Poirot en kondukteur Michel, dy't Ratchett op syn bluodderich bêd oantreffe: hy is deastutsen.

Bianchi, dy't der alles oan gelegen is om negative imagoskea foar de Oriïnt Ekspres safolle mooglik te beheinen, freget Poirot om 'e moard op te lossen foar't de sniebank dêr't de trein efter fêstsit, romme wurdt. Op dy wize kin in geroftmeitsjend ûndersyk troch de Joegoslavyske plysje foarkomd wurde. Poirot seit syn help ta en ornearret dat de wagon de hiele nacht lang isolearre wie, sadat de moardner wol ien fan 'e ynsittenden wêze moat. Mei't Bianchi syn eigen kûpee oan Poirot ôfstien hat en by dokter Constantine yn in oare wagon sliept hat, kinne dy beide mannen de dieder net wêze. Poirot freget dêrom dokter Constantine om syn medyske kennis ta beskikking fan it ûndersyk te stellen. Wannear't se it stoflik omskot fan Ratchett ûndersykje, stelt Constantine fêst dat de man tolve kear yn it boarst stutsen is. De stekwûnen fariëarje lykwols tige by tige yn djipte: trije hiene op harsels al deadlik west, wylst twa amper mear as skrammen yn 'e hûd binne. De oare sân sitte dêrtuskenyn.

Poirot fynt yn 'e kûpee fan Ratchett in ferbrând stikje papier dat lykwols net hielendal ta jiske baarnd is. Op yngenieuze wize wit er it skriuwen op it bryfke wer lêsber te meitsjen. Ut wat er op dy wize oan it ljocht bringt, makket Poirot op dat Samuel Ratchett eins de gangster Lanfranco Cassetti wie, ien fan 'e meast sochte kriminelen fan 'e wrâld. Yn 1930 wie hy it brein efter de ûntfiering fan en moard op 'e lytse Daisy Armstrong. Wylst syn hantlangers neitiid oppakt waarden en de deastraf krigen, wist Cassetti mei it troch de âldelju fan Daisy betelle losjild nei it bûtenlân te ûntkommen. Poirot wiist Bianci en dokter Constantine derop dat Ratchett mei dy saak gâns fijannen makke hat, om't de lytse Daisy net it iennichste slachtoffer fan syn misdie wie. Paulette, de tsjinstfaam fan 'e Armstrongs, waard yn 't earstoan beskuldige fan mandéligens oan 'e ûntfiering. Letter waard dúdlik dat se der neat mei te krijen hie, mar tsjin dy tiid hie se har eigen libben al nommen troch út it finster fan in heech gebou te springen. Sonia Armstrong, de mem fan Daisy, dy't swier wie fan har twadde bern, rekke fan it nijs fan 'e moard op har dochter sa oerstjoer dat se in miskream krige en yn it kreambêd ferstoar. Dêrnei skeat kolonel Hamish Armstrong himsels mei in pistoal troch de holle.

Yn 'e kûpee fan Cassetti treft Poirot noch ferskate oare oanwizings oan, wêrûnder in stikje ark dêr't men pipen mei himmelet, in frouljusbûsdoekje mei de letter H derop borduerre, en it stikkene bûshorloazje fan Cassetti, dat nei't men oannimme mei stilstiet op 'e tiid fan 'e moard: 1.15 oere. Omtrint dyselde tiid hearde Poirot in gjalp út 'e kûpee fan Cassetti kommen. Doe't kondukteur Michel neitiid oankloppe om te sjen oft der wat wie, rôp immen yn it Frânsk dat it mar in nachtmerje wie, wylst Cassetti syn sekretaris McQueen earder oan Poirot ferteld hie dat Cassetti gjin inkele oare taal as Ingelsk spriek. Frou Hubbard is boppedat, ek om dy tiid hinne, in ynkringer yn har kûpee gewaarwurden. Har kûpee grinzget oan 'e oare kant oan dy fan Cassetti en dielt mei de kûpee fan Cassetti in tuskendoar. Dat ferklearret hoe't de moardner de kûpee fan Cassetti binnenkommen is wylst de doar nei de treinkorridor de moarns noch beskoattele wie. Frou Hubbard komt ek op 'e lapen mei it moardwapen, in beblet mês, en mei in knoop fan kondukteurspak dy't se moarns allebeide yn har kûpee fûn hat. It pak fan kondukteur Michel hat alle knopen noch, mar letter dûkt der yn 'e koffer fan Hildegard Schmidt in twadde kondukteurspak op, dat Michel fiersten te lyts is en dêr't wól in knoop oan ûntbrekt.

Der binne safolle oanwizings dat Poirot, dy't ûnderfining mei moardsaken hat, der erchtinkend fan wurdt. Hy begjint Michel en alle passazjiers ien foar ien te ûnderfreegjen. Dêrby komt oan it ljocht dat McQueen de soan is fan 'e ofsier fan justysje dy't de ûntfierings- en moardsaak fan Daisy Armstrong behannele; sadwaande hie McQueen as teenager gedoente mei frou Armstrong, foar wa't er waarme gefoelens koestere om't se yn syn libben min ofte mear it plak ynnaam fan syn eigen ier ferstoarne mem. Beddoes blykt foarôfgeande oan syn karriêre as butler in militêre oppasser yn it Britske Leger west te hawwen. Greta Ohlsson kin harsels mar amperoan fersteanber meitsje yn it Ingelsk, mar se hat wol yn 'e Feriene Steaten west, dêr't se nei eigen sizzen inkeld Sweedsk prate mei Sweedske ymmigranten yn dat lân. Grevinne Andrenyi is fan etnysk Dútsk komôf en wannear't Poirot nei har famkesnamme fernimt, antwurdet se dat dy 'Grünwald' is.

Pierre Paul Michel, de kondukteur, rouwet noch altyd om syn frou en dochter. De frou is inkele jierren earder stoarn fan fertriet om 'e dea fan 'e dochter, dy't neffens Michel dearekke wie oan reafonk. Poirot freget him om in foto fan syn ferstoarne dochter. Foscarelli ûnstriidt dat er ea as sjauffeur wurke hat, mar bringt wol in eigen teory oer de moard op Cassetti op 't aljemint, dy't neffens him troch in oare gangster "omlein" wêze soe yn in ûnderlinge ôfrekken binnen de maffia. Hardman, de toanielympressario, blykt eins foar it Pinkerton-detektiveburo te wurkjen en earder in plysje west te hawwen. Hy seit dat er troch Cassetti ynhierd wie as liifwacht. As Poirot him de foto fan 'e ferstoarne dochter fan kondukteur Michel sjen lit, rekket er sichtber emosjoneel.

Wannear't Poirot kolonel Arbuthnott oan 'e tosk fielt oer in mooglike konneksje mei kolonel Armstrong, leit Arbuthnott út dat hy in ofsier fan it Britsk-Yndyske Leger is, wylst Armstrong by it Britske Leger tsjinne, twa folslein faninoar skate kriichsmachten. Nettsjinsteande dat liket er in ûngewoan protte te witten fan Armstrong syn militêre ûnderskiedings. Hy en Mary Debenham, de gûvernante, binne mei deselde fearboat as Poirot oerkommen oer de Bosporus fan it Aziatyske diel fan Istanbûl nei it Jeropeeske diel fan 'e stêd, en Poirot hat harren inoar tútsjen sjoen. As er juffer Debenham dêroer ûnderstiet, wegeret dy syn fragen te beäntwurdzjen, mar Arbuthnott brekt yn it petear yn en leit út dat hy en juffer Debenham fereale opinoar rekke binne en trouwe wolle sadree't syn skieding fan syn hjoeddeistige oerhuorrige frou regele is. Doe't Poirot him yn Istanbûl tsjin juffer Debenham sizzen hearde dat se wachtsje moasten "oant neidat it ôfhannele" wie, tsjutte er op 'e skieding, sa seit er, en net op 'e moard op Cassetti.

Om 'e foarstinne Dragomiroff te befreegjen, bejouwe Poirot en Bianchi harren nei de kûpee fan 'e âlde dame. Yn harren petear jout sy ta dat se befreone rekke wie mei de Amerikaanske aktrise Linda Arden, de mem fan Sonia Armstrong en de beppe fan 'e fermoarde Daisy. It docht bliken dat foarstinne Dragomiroff eins de petemem fan Sonia wie. Poirot bringt himsels yn 't sin dat kolonel Armstrong en de frou behalven de tsjinstfaam, dy't harsels omreden fan falske beskuldigings tekoart die, ek in butler, in sekretaresse, in kokkinne, in sjauffeur en in bernefamke yn 'e tsjinst hiene. Wannear't er foarstinne Dragomiroff oer al dat tsjinstfolk befreget, antwurdet dy dat sokke lju har te min binne om op te merken, útsein de sekretaresse, in juffer Freebody. As Poirot dan freget nei de jongere suster fan Sonia Armstrong, wol de foarstinne hawwe dat dy op in kostskoalle siet doe't sy gedoente hie mei Linda Arden en dat se har de namme fan it fanke net tebinnenbringe kin. Dêrop hâldt Poirot de tsjinstfaam fan 'e foarstinne, Hildegard Schmidt, oan en priizget har troch te sizzen dat de foarstinne wol bliid wêze moat mei sa'n goede kokkinne as sy. Frou Schmidt is sichtber flaaike oant har yn 't sin komt dat se ommers in tsjinstfaam is en gjin kokkinne.

Underwilens brekt in spesjale trein mei in snieploech foar de lokomotyf troch de sniebank hinne en sil it dus net lang mear duorje ear't de Oriïnt Ekspres wer fierder kin. De tiid begjint sadwaande foar Poirot te driuwen, mar hy hat al genôch heart en mient dat er wit wêr't yn dizze saak de foarke fêstsit. Hy lit alle ynsittenden fan 'e wagon gearroppe yn 'e restauraasjewagon, dêr't er úteinset mei it beskriuwen fan twa oplossings foar de moard op Cassetti. Earst suggerearret er dat de moard in ôfrekken yn it kriminele sirkwy wie, krekt sa't Foscarelli al hawwe woe. In ûnbekende man ynfiltrearre de wagon troch him te klaaien yn in kondukteursunifoarm. Hy krong de kûpee fan Cassetti binnen fia de tuskendoar yn 'e kûpee fan frou Hubbard en stiek om 1.15 oere nachts Cassetti dea, dy't dêrby in gjalp joech. Doe't Michel oankloppe om te fernimmen wat der oan 'e hân wie, antwurde de moardner yn it Frânsk dat it mar in nachtmerje wie. Hy ûntkaam fia de kûpee fan frou Hubbard, dy't him diskear opmurk, en ferlear dêr in knoop fan syn unifoarm. It moardwapen liet er der ek efter. Dêrnei ferstoppe er it kondukteursunifoarm yn in willekeurige koffer (tafallich dy fan frou Schmidt), klom út 'e stilsteande trein en pykte troch de snie hinne út. Bianchi en dokter Constantine fine dat in healwiis ferhaal, mar Poirot rikkemandearret oan om it net daliks ôf te wizen.

Yn it twadde plak stelt Poirot in folle yngewikkelder oplossing foar, wêrby't er alle ynsittenden fan 'e wagon útsein hysels ta moardner ferklearret. Yn dizze teory draait de moard op Cassetti om wraak op 'e wrede gangster foar de ûntfieringssaak, dy't úteinlik ta de dea late fan 'e lytse Daisy, har mem Sonia en dy har noch net berne poppe, har heit kolonel Armstrong en de tsjinstfaam, in Fransêze dy't Paulette hiet. Hy wiist derop dat sawol McQueen as foarstinne Dragomiroff al bekend hawwe dat se in bân mei Sonia Armstrong hiene. De foto fan 'e dochter fan Pierre Paul Michel hat er werkend út 'e kranten fan fiif jier lyn as Paulette de tsjinstfaam. Cyrus B. Hardman, sa spekulearret er, moat de frijer fan Paulette west hawwe. Hildegard Schmidt hat harsels yn har petear mei Poirot ferret as kokkinne; Poirot wol hawwe dat se yn dy funksje ek yn 'e Armstrong-húshâlding tsjinne. Hy ornearret dat Foscarelli de sjauffeur wie, Beddoes de butler en Greta Ohlsson it bernefamke. De sekretaresse, dy't neffens foarstinne Dragomiroff in juffer Freebody wie, moat neffens Poirot juffer Debenham west hawwe, mei't Debenham & Freebody in bekend Britsk warehûs is.

Poirot wol fierders hawwe dat kolonel Arbuthnott en kolonel Armstrong, yn 'e tiid dat hja beiden yn Britsk-Ynje tsjinnen, goed befreone rekken, ek al hearden hja ta ferskillende legers. It frouljusbûsdoekje mei de inisjaal H derop, dêr't Poirot al in hiel skoft mei omrint, soe fan Harriet Hubbard of Hildegard Schmidt wêze kinne, of fan grevinne Andrenyi, mei wa har paspoart omknoeid is: hja hjit eins net Elena, mar Helena. Mar Poirot ornearret dat it bûsdoekje eins fan foarstinne Dragomiroff is. Dy hjit dan wol Natalja fan foarren, mar hja is Russysk, en de letter N wurdt yn it Syrillysk skrift skreaun as Н. Grevinne Andrenyi is eins hielendal net fan Dútsk komôf, mar is ynstee in Amerikaanse. Har famkesnamme is net Grünwald, mar Greenwood, wat ek de famkesnamme wie fan Sonia Armstrong en de namme fan 'e earste man fan Linda Arden: grevinne Andrenyi is feitliks de jongere suster fan Sonia Armstrong. En frou Hubbard, ta einbeslút, is neffens Poirot nimmen oars as Linda Arden sels, de mem fan Sonia Armstrong en it brein efter de hiele wraakoperaasje.

Poirot bringt út dat er nea leaud hat dat it stikkene horloazje de tiid fan 'e moard oanjoech, mei't dat sa'n knoffelige oanwizing wie dat er it absurd fûn. Hy tinkt dat McQueen Cassetti drogearre hie troch in bedwelmjend middel yn it nachtmûtske te dwaan dat Beddoes Cassetti brocht hie. Dêrtroch rekke Cassetti bewusteleas. It horloazje waard troch McQueen stikken makke. Ek de gjalp en de gerêststelling dat it mar in nachtmerje wie, kamen allebeide fan McQueen en wiene poer bedoeld om Poirot op 'e doele te bringen troch it tiidstip fan 'e moard nei foarren te heljen, doe't alle fertochten in aliby hiene. Feitliks fûn de moard pas nei 02.00 plak, doe't Poirot einlings mei it fel oer de eagen lei. De trettjin gearspanners kamen doe om bar yn 'e kûpee fan Cassetti del om op 'e warleaze gangster yn te stekken: in totaal fan 12 stekken (de Andrenyi's stieken tegearre), om't tolve it gebrûklike tal sjueryleden is by sjueryrjochtspraak. Dat ferklearret de tige ferskillende djipten fan 'e stekwûnen.

Nei't Poirot syn twadde teory op 't aljemint brocht hat, is it stil yn 'e restauraasjewagon. Hy lit it oan Bianchi oer om ien fan beide oplossings te kiezen foar't de trein yn Slavonski Brod arrivearret en de Joegoslavyske plysje oer de saak ynljochte wurde moat. Nei in skoftke prakkesearre te hawwen, kiest Bianchi foar de ienfâldigere, earste opsje, sawol om't dat minder roftberens oan 'e saak jaan sil en dus better foar de Oriïnt Ekspres is, as om't er mei de trettjin dieders sympatisearret en ornearret dat de wrâld der net minder op wurden is sûnder sa'nent as Cassetti. Poirot en dokter Constantine stimme yn mei syn beslút, ek al moatte se har gewisse dêrfoar in beskate mjitte fan geweld oandwaan. Wylst de trein wer begjint te riden, wurde Linda Arden en har dochter Helena ien foar ien formeel begroete troch de oare alve gearspanners.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albert Finney.
Martin Balsam.
Lauren Bacall.
haadrollen
personaazje                           akteur/aktrise
Hercule Poirot Albert Finney
Bianchi Martin Balsam


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Harriet Hubbard / Linda Arden Lauren Bacall
Greta Ohlsson Ingrid Bergman
grevinne Helena Andrenyi Jacqueline Bisset
Pierre Paul Michel Jean-Pierre Cassel
kolonel John Arbuthnott Sean Connery
Mary Debenham Vanessa Redgrave
foarstinne Natalja Dragomiroff Wendy Hiller
Edward Beddoes John Gielgud
greve Rudolf Andrenyi Michael York
dokter Stavros Constantine George Coulouris
Hector McQueen Anthony Perkins
Hildegard Schmidt Rachel Roberts
Samuel Ratchett / Lanfranco Cassetti Richard Widmark
Cyrus B. Hardman Colin Blakely
Antonio Foscarelli Denis Quilley
assistint Jeremy Lloyd
haadsuppoast John Moffat
konsjerzje Vernon Dobtcheff

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Murder on the Orient Express waard regissearre troch Sidney Lumet nei in senario fan Paul Dehn op basis fan 'e detektiveroman Murder on the Orient Express, út 1934, fan Ingelske skriuwster Agatha Christie. Dyselde wie tige ûntefreden oer guon ferfilmings fan har boeken dy't yn 'e 1960-er jierren makke wiene en stie dêrom bepaald net posityf foar in nije filmadaptaasje oer. Om't sy de auteursrjochten op it ferhaal yn eigendom hie, koe de produksje sûnder har goedkarring net trochgean. Dêrom rôpen Nat Cohen, de presidint-direkteur fan filmstudio EMI Films, en filmprodusint John Knatchbull, 7e baron Brabourne, de help yn fan Brabourne syn skoanheit, Louis Mountbatten, 1e greve Mountbatten fan Birma, in neef fan kening George VI, om Christie te bepraten en jou tastimming foar de nije film. Dat slagge, mar neffens sir Max Mallowan, de man fan Christie, die se it mei tsjinnichheid.

Regisseur Sidney Lumet.

As produsinten wiene Brabourne en Richard Goodwin by it projekt belutsen foar EMI Films en G.W. Films Ltd. Foar de film wie in budget beskikber fan £554.000, oftewol $1,4 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Geoffrey Unsworth, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Richard Rodney Bennett.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Agatha Christie fûn úteinlings dat Murder on the Orient Express in goed makke film wie, mar dat der ien grutte flater yn siet: it casten fan Abert Finney yn 'e rol fan Hercule Poirot. Neffens har biografe Gwen Robyns sei hja dêroer: "Ik skreau dat er de moaiste snor fan Ingelân hie. En dat wie net sa yn 'e film. Dat fûn ik wol spitich."

Regisseur Sidney Lumet wie ferantwurdlik foar it casten fan 'e rollen en frege dêrfoar in hiele rige ferneamde filmstjerren, ûnder wa grutte nammen as Lauren Bacall, Ingrid Bergman, Jacqueline Bisset, Sean Connery, John Gielgud, Vanessa Redgrave en Michael York. Dy stimden allegearre daliks ta om yn in Agatha Christie-ferfilming te spyljen. Lumet frege Connery it earst en dyselde bekende letter dat er him "stomme flaaike" field hie doe't de regisseur tsjin him sei dat it syn strategy wie om 'e grutste stjer it earst te freegjen, om't de oaren dan wol folgje soene. Bergman waard troch Lumet frege foar de rol fan foarstinne Dragomiroff, mar se hie ynstee har sinnen set op 'e lytsere rol fan Greta Ohlsson. Lumet besocht har dat te ûntpraten, mar moast him úteinlik by har beslissing dellizze. Bergman wûn letter de Oscar foar bêste froulike byrol mei har fertolking fan 'e rol fan Ohlsson.

Albert Finney as Hercule Poirot yn Murder on the Orient Express.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Murder on the Orient Express waarden dien yn 1973. Alle sênes yn 'e trein waarden filme yn 'e soundstages fan 'e Elstree Studios yn it Ingelske greefskip Hertfordshire, deunby Londen. De sênes yn it restaurant yn Istanbûl en mei de oertocht fan 'e fearboat oer de Bosporus waarden yn Parys opnommen. De sênes op it spoarstasjon fan Istanbûl waarden filme yn in treinremize yn 'e neite fan Parys. De lânskipsbylden fan 'e Oriïnt Ekspres dy't troch de Balkan riidt, waarden opnommen yn 'e Sjuera, in berchtme yn eastlik Frankryk. Dat de trein fêstrekket yn 'e snie en it troch de sniebank hinne brekken fan 'e oare trein waard filme by Montbenoît. Dêr wie koart foar de plande opnamen noch gjin flokje snie fallen, dat der waard mei frachtweinen snie oanfierd fan oare plakken. Mar de nachts foar de opnamen foel der in tsjûk pak snie. Dêrtroch kamen de frachtweinen mei de snie sels yn 'e snie fêst te sitten en wiene se net op tiid foar de opnamen, mar lokkigernôch ek net mear nedich.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Murder on the Orient Express waard fersoarge troch Anglo-EMI Film Distributors. De film gie op 21 novimber 1974 yn 'e Britske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Murder on the Orient Express oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau dat Murder on the Orient Express "fermaak, styl en in leafdefol salút oan in eardere perioade fan filmmeitsjen" bea. En yn The New York Times neamde Vincent Canby de film in "geweldich fermaaklike super-Falentynskaart oan it soarte whodunit dat miskien wol ien fan 'e lêste fêststeande punten is yn ús oan ynflaasje bleatsteande hielal."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Murder on the Orient Express in tige heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 40 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Moard, yntriizjes en in fan stjerren oerrinnende cast meitsje dizze stylfolle produksje fan Murder on the Orient Express ta ien fan 'e bêste Agatha Christie-adaptaasjes dy't ea op it wite doek te sjen west hawwe." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Murder on the Orient Express in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 8 resinsjes.

De Elstree Studios yn Hertfordshire, dêr't de film foar it meastepart opnommen waard.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Murder on the Orient Express brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $35,7 miljoen op. Hoewol't ûnbekend is hoe grut oft de opbringst yn oare lannen en territoaria wie, makke de film allinnich al yn Noard-Amearika in winst $34,3 miljoen as it budget fan $1,4 miljoen derfan ôflutsen wurdt. Dêrby moat wol oantekene wurde dat ek de marketingkosten noch fan 'e winst ôf moasten.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Murder on the Orient Express waard yn 1975 by de Oscars nominearre foar prizen yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Albert Finney), bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk en bêste kostúmûntwerp. Ingrid Bergman wûn foar har rol as Greta Ohlsson de Oscar foar bêste froulike byrol. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Murder on the Orient Express nominearre yn 10 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Albert Finney), bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. De film wûn 3 BAFTA's, foar bêste manlike byrol (John Gielgud), bêste foulike byrol (Ingrid Bergman) en bêste filmmuzyk. Murder on the Orient Express waard ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste orizjinele soundtrack skreaun foar in film of tillefyzjespecial, de Edgar Award foar bêste filmsenario, en (yn 2005) de Satellite Award foar bêste dvd fan in filmklassiker.

Ferfolchfilms en remake[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan Murder on the Orient Express late ta it meitsjen fan noch trije films oer privee-detektive Hercule Poirot troch deselde produsinten. Dêrby gie it om Death on the Nile (1978), Evil under the Sun (1982) en Appointment with Death (1988). Yn alle trije films waard de rol fan Poirot fertolke troch akteur Peter Ustinov. Yn 2017 waard fan Murder on the Orient Express in remake makke, dy't ek Murder on the Orient Express hiet. Yn dy film waard de rol fan Poirot spile troch Kenneth Branagh.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.