Ympressario

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In ympressario is immen dy't as tuskenpersoan wurket tusken yndividuële artysten en de entertainmentyndustry, en dêrby artysten oan wurk helpt en organisaasjes dy't immen sykje yn kontakt bringt mei artysten. Faak wurkje ympressario's by in buro, in saneamd ympressariaat, dat mear as ien ympressario yn 'e tsjinst hat.

As der bgl. in organisaasje is dy't muzyk brek is foar in doarpsfeest, bradery of de iepening fan it ien of oar, dan kin it bestjoer fan dy organisaasje kontakt opnimme mei in ympressario of mei in ympressariaat. De ympressario of it ympressariaat soarget dan yn oerlis mei de organisaasje en de beskikbere artyst(en) dat der in bandsje by it evenemint optreedt.

De foardielen foar organisaasjes binne dat se net sels op 'e sneup hoege om in band, en dat as de band om 'e iene of oare reden ôfseit, de ympressario of it ympressariaat yn 'e measte gefallen noch wol in oar bandsje hat dat de put oernimme kin. Foar de artysten is it grutte foardiel fan dizze wurkwize dat se net altyd sels op 'e jacht hoege nei wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.