Michael Caine

Ut Wikipedy
Michael Caine
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael Caine (sûnt 2016)
nasjonaliteit Britsk
berne 14 maart 1933
berteplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Iersk
jierren aktyf 1953 – no
prizen Oscar 1986, 1999
BAFTA Award 1983, 2000
Golden Globe 1983, 1988, 1998
SAG Award 1999
offisjele webside
www.michaelcaine.com
Michael Caine ferhellet oer syn trochbraakrol yn 'e film Zulu (1964).

Sir Michael Caine (berne as: Maurice Joseph Micklewhite; Londen, 14 maart 1933) is in Britsk akteur en filmprodusint fan Ingelsk en Iersk etnysk komôf dy't bekend stiet om syn Cockney-aksint. Hy wurke fan 'e 1950-er jierren ôf as film- en tillefyzje-akteur en briek yn 'e 1960-er jierren troch mei films as Zulu, Alfie, The Italian Job en Battle of Britain. Bûten it Feriene Keninkryk waard er benammen bekend mei syn rollen yn The Man Who Would Be King, The Eagle Has Landed, A Bridge Too Far, The Cider House Rules en Miss Congeniality. Hy wûn twaris de Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol, twaris de Golden Globe foar bêste manlike haadrol en ien kear de BAFTA Award foar bêste manlike haadrol.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Caine waard yn 1933 berne as Maurice Joseph Micklewith yn it St Olave's Hospital yn 'e Londenske wyk Rotherhithe. Syn heit, Maurice Joseph Micklewith sr., wie in kroader op 'e fiskmerk, en syn mem, Ellen Frances Marie Burchell, wie kokkinne en wurkster. Syn heit, waans foarâlden Ierske Reizgers wiene, wie roomsk, mar syn mem wie protestantsk, en sa waard Caine ek grutbrocht. Hy hie in jongere broer, Stanley Micklewhite (1935-2013), dy't ek as akteur wurke, ûnder de artystenamme Stanley Caine. Nei it ferstjerren op hege jierren fan harren mem ûntdieken de bruorren Caine dat se in âldere healbroer hiene, David William Burchell, in foarsoan út in eardere relaasje fan harren mem. Dy litte oan in earnstige foarm fan epilepsy en hie syn hiele libben trochbrocht yn it Psychiatrysk Sikehûs Cane Hill. Hoewol't harren mem him dêr geregeldwei besocht, fertelde se noch har lettere bern, noch har man ea dat se in âldere soan hie. David ferstoar yn 1992.

In yn 2003 oanbrochte plakette dy't it berteplak fan Michael Caine oanjout, oan 'e muorre fan it St Olave's Hospital.

Caine brocht syn jonkheid troch yn 'e Londenske wyk Southwark, en ûnder de Twadde Wrâldoarloch, doe't er krekt as in soad bern út Britske stêden nei it plattelân evakuëarre waard, wied er yn 'e kost by in húshâlding yn it doarp North Runction, yn 'e neite fan King's Lynn, yn Norfolk. Nei de oarloch kaam syn heit, dy't yn it Britske Leger tsjinne hie, wer thús. Mei't der troch Dútske bombardeminten fan Londen ûnder de Slach om Ingelân yn 1940 amper genôch wenromte wie, waard it gesin doe ferhuze nei Marshall Gardens, by it krúspunt dat bekendstiet as de Elephant and Castle. Dêr kamen se yn in prefabrisearre hûs te wenjen dat as tydlike wente bedoeld wie. It gesin wenne der lykwols achttjin jier lang, en Caine fertelde letter dat se it as poere lúkse beskôgen yn ferhâlding mei harren eardere wenromte: in krap appartemintsje yn in flatgebou mei in bûtendoarhúske.

Yn 1944 wist Caine in stúdzjebeurs te bemachtigjen oan om nei de legere skoalle fierder te learen oan 'e Hackney Downs School (earder The Grocers' Company's School). Nei't er dêr in jier west hie, feroare er fan skoalle en ferfolge er syn middelber ûnderwiis oan 'e Wilson's Grammar School yn Camberwell (no Wilson's School yn Wallington), dêr't er mei sechstjin jier yn seis skoalfakken slagge foar it eksamen. Neitiid wurke er koart as in argyfklerk en as boadskipjonge foar in filmstudio yn Victoria (Londen).

Michael Caine yn 1967.

Op 28 april 1952 waard Caine oproppen foar de tsjinstplicht. Hy tsjinne oant 1953 yn it Britske Leger by it rezjimint fan 'e Keninklike Fusiliers. Earst lei er as ûnderdiel fan it Britsk Leger fan de Ryn (BAOR) yn it Dútske Iserlohn. Neitiid waard er nei Súd-Koreä ta stjoerd, dêr't er yn 'e Koreaanske Oarloch focht. Caine sei letter dat er dêrhinne gien wie as in sympatisant fan it kommunisme, mei't er út in húshâlding yn 'e arbeidersklasse kaam, mar dat syn ûnderfinings yn Koreä him foargoed in wjersin tsjin dy politike streaming joegen. Hy makke der in momint mei dat er wist dat er stjerre soe, en de oantins dêroan bleau him tenei altyd by. "De rest fan myn libben haw ik elts ferdomd momint libbe, fan it stuit dat ik wekker waard oant de tiid dat ik my deljoech," skreau er yn 2010 yn syn autobiografy The Elephant to Hollywood.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dreech begjin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn karriêre as akteur begûn Caine mei tweintich jier, doe't er yngie op in fakatuere yn it blêd The Stage, wêryn't frege waard om in assistint-toanielmaster yn Horsham, yn Susseks, dy't tagelyk ek lytse roltsjes yn toanielstikken spylje koe. Hy naam de artystenamme 'Michael White' oan, en waard yn july 1953 cast as de sûplap Hindley yn in produksje fan Emily Brontë har Wuthering Heights fan 'e Westminster Repertory Company. Yn 1954 wurke er in jier by de Lowestoft Repertory Company yn Lowestoft, yn Suffolk, dêr't er yn njoggen stikken spile en mei syn earste frou yn 'e kunde kaam. Letter soe Caine de earste njoggen jier fan syn wurkpaad omskriuwe as "hiel, hiel freeslik", mei't er amper wat fertsjinne en sadwaande yn djippe earmoede libbe.

Michael Caine yn 2008 mei Scarlett Johansson.

Doe't Caine ein 1954 yn Londen kaam te wurkjen, krige er fan 'e ympressario te hearren dy't er dêr yn 'e earm naam, dat der yn Londen as in akteur mei de namme Michael White aktyf wie. Hy skille mei it ympressariaat út in tillefoansel op Leicester Square, en moast daliks mei in nije artystenamme op 'e lapen komme. Dat, hy seach ris om him hinne, en murk op dat de film The Caine Mutiny yn 'e bioskoop Odeon Cinema draaide. Sa kaam er doe op 'e namme 'Michael Caine'. Yn 1987 makke er op 'e Britske tillefyzje de grap dat as de beam, dy't him út 'e tillefoansel wei foar in part it útsicht benaam, justjes mear nei lofts stien hie, hy himsels wierskynlik 'Michael Mutiny' neamd hie. Hy hie trouwens likegoed, sa seid er in oare kear, 'Michael One Hundred and One Dalmations' hite kinnen.

De earste filmrol dy't Caine wist te bemachtigjen, wie dy fan ien fan 'e soldaten yn A Hill in Korea, út 1956. Dêrnjonken wied er fan 'e midden fan 'e jierren fyftich ôf ek geregeldwei yn lytse roltsjes op 'e Britske tillefyzje te sjen, lykas yn 'e BBC-registraasje fan it toanielstik The Lark (1956) en tillefyzjesearjes as Dixon of Dock Green, Escape en The Caine Mutiny Court-Martial. Yn 1959 wied er de dûbluere fan Peter O'Toole yn it toanielstik The Long and the Short and the Tall, dat yn it Londenske West End op 'e planken brocht waard. Hy naam dy rol oer doe't O'Toole de titelrol yn 'e film Lawrence of Arabia taparte krige. Begjin 1960-er jierren wie Caine op 'e tillefyzje te sjen yn searjes as The Golden Girl en No Wreath for the General, en yn 'e skouboarch yn The Compartment. Yn 1961 krige er in haadrol yn it stik Somewhere for the Night, en letter ek yn The Playmates, Funny Noises with Their Mouths en The Way with Reggie. Fierders wurke er mei oan harkspullen foar de BBC-radio, wêrûnder Looking for Frankie (1963) en Ping Pong (1964).

Michael Caine yn 2015 mei Rachel Weisz.

Trochbraak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Caine krige in moaie ynstruier doe't er cast waard as Meff yn 'e komeedzje Next Time I'll Sing to You, dy't op 23 jannewaris 1963 yn it New Arts Theatre yn it West End iepene. Doe't dat stik ferfear nei it Criterion Theatre, krige Caine yn 'e klaaikeamer besite fan akteur en filmprodusint Stanley Baker, mei wa't er gearwurke hie yn A Hill in Korea. Dy fertelde him oer de rol dy't him op it liif skreaun wie, fan in arbeidersjonge út Londen dy't soldaat wurden wie, yn 'e oankommende filmproduksje Zulu. Caine gie dêrom nei de regisseur ta, Cy Endfield, dy't him fertelde dat er de oangeande rol al ferjûn hie oan akteur James Booth, in freon fan Caine. Endfield sei ek dat er Caine de rol fan 'e soldaat likegoed net jûn hie, om't er him earder in ofsier taliek. Dêrop bea er Caine de haadrol fan 'e snobistyske luitenant Gonville Bromhead oan, op betingst dat Caine mei in oertsjûgjend skiteldeftich aksint prate koe. En sa spile de arbeidersjonge út Southwark yn 'e rol dy't syn trochbraak as akteur betsjutte soe in aristokratysk ofsier. Caine soe letter skriuwe dat er de rol inkeld krigen hie om't de regisseur, Endfield, in Amerikaan wie dy't gjin klassefoaroardielen hie; fan in Britske regisseur hied er dy rol nea krigen.

Zulu wie in ferfilming fan 'e Slach by Rorke's Drift, in treffen ûnder de Sûlû-Oarloch, yn 1879. De film waard op lokaasje yn 'e Súdafrikaanske provinsje Natal draaid. De opnamen fûnen plak yn 1963 en duorren fjirtjin wiken. Neffens syn autobiografy The Elephant to Hollywood hie Caine foarôfgeande oan 'e opnamen in sânjierrich kontrakt sletten mei Joseph E. Levine, waans bedriuw Embassy Films de Amerikaanske distribúsje fan Zulu die. Nei't er werom wie yn Ingelân ferbriek Levine dat kontrakt lykwols en joech it ynstee oan James Booth. De útlis dy't er Caine joech wie (neffens Caine sels): "Ik wit datst it net bist, mar moatst it feit ûnder eagen sjen datst der op it wite doek útsjochst as in flikker."

Michael Caine yn 'e trailer fan Zulu (1964).

Neitiid besoarge Caine syn ympressario him de rol fan 'e ferweakke Horatio yn 'e BBC-produksje Hamlet at Elsinore (1964), wêryn't er spile njonken Christopher Plummer as Hamlet. Dat wie de iennichste klassike rol dy't Caine, dy't gjin inkele formele aktearoplieding folge hie, ea spylje soe. Dy beide rollen as aristokraten dy't wol fan koekedaai lieken te wêzen, stiene yn skril kontrast mei Caine syn folgjende rollen, dêr't er syn trochbraak mei konsolidearre. Dat wiene dy fan 'e spion Harry Palmer yn The Ipcress File (1965) en dy fan it rokkejeiende titelpersonaazje yn Alfie (1966). Caine spriek yn dy films miskien net rjocht Cockney (it dialekt fan 'e Londenske arbeidersklasse), mar hy hie beslist in dúdlik Cockney-aksint. Yn in tiid dat hast alle Britske akteurs war diene om 'aksintleas' Oxford-Ingelsk te praten, foel er dêrmei op.

Caine spile de rol fan Harry Palmer letter noch fjouwer kear, yn 'e films Funeral in Berlin (1966), Billion Dollar Brain (1967), Bullet to Beijing (1995) en Midnight in Saint Petersburg (1995). Syn earste film yn Hollywood makke er yn 1966, nei't er troch Shirley MacLaine útnûge wie om har tsjinspiler te wêzen yn Gambit. Yn 'e earste twa wiken dat er yn Kalifornje ferbleau yn The Beverly Hills Hotel, kaam er yn 'e kunde en rekke er befreone mei akteur John Wayne en ympressario Swifty Lazar. Yn 1969 hied er de haadrol yn 'e Britske komeedzjemisdiefilm The Italian Job, as de lieder fan in Londenske binde dy't yn Itaalje goudsteaven stelle wol út in pânsere weardetransportauto.

Michael Caine yn 'e trailer fan Get Carter (1971).

Santiger en tachtiger jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1969 spile Caine in gefjochtspiloat fan 'e RAF yn 'e histoaryske oarlochsfilm Battle of Britain, oer de Slach om Ingelân. Yn 1971 fertolke er de haadrol yn 'e Britske misdiefilm Get Carter, en yn 1972 hied er sir Laurence Olivier as tsjinspiler yn Sleuth. Syn rol yn dy film smiet Caine in nominaasje op foar de Oscar yn 'e kategory bêste akteur. Yn 1975 hiene Caine en Sean Connery de haadrollen yn The Man Who Would Be King, fan regisseur John Huston, nei it ferhaal mei deselde namme út 1888 fan Rudyard Kipling. Dy film gie oer in pear Britske âld-militêren yn Yndia dy't harsels ta hearskers meitsje fan in primitive stamme yn 'e bergen fan Afganistan en harsels alhiel fergodlikje litte, oant it spul freeslik misbeteart. Dy film waard in grut súkses, net inkeld yn it Feriene Keninkryk, mar ek om utens, en Caine fêstige der ynternasjonaal syn namme mei.

Michael Caine yn Ashanti (1979).

Yn 1976 spile Caine de haadrol fan Luftwaffe-kolonel Kurt Steiner yn in oare tige bekende film, The Eagle Has Landed, nei in roman fan Jack Higgins. De oarlochsfilm giet oer in ôfdieling nazy-Dútske paratroepen, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch ferklaaid yn Poalske unifoarmen nei Ingelân ta stjoerd wurde om premier Winston Churchill út 'e wei te romjen. As tsjinspilers hie Caine yn dy film û.m. Hollywoodstjerren as Donald Sutherland en Robert Duvall. Yn 1977 spile Caine ek yn in oare film oer de Twadde Wrâldoarloch: A Bridge Too Far, dy't de Slach om Arnhim yn byld brocht.

Tsjin 'e ein fan 'e 1970-er jierren begûn der krityk te kommen op 'e rollen dy't Caine oannaam, in krityk dy't dêrnei altyd oanhold. Gauris wie Caine, dy't no de reputaasje hie in akteur fan formaat te wêzen, te sjen yn B-films dy't troch de resinsinten net wurdearre waarden en dy't de bioskoopbesikers faak ek links lizze lieten. Foarbylden fan sokke films binne The Magus (1968), The Swarm (1978), Ashanti (1979), Beyond the Poseidon Adventure (1979), The Island (1980), The Hand (1981) en The Jigsaw Man (1982). Sels makke Caine dêr in grapke fan, troch te sizzen dat er guon rollen útslutend foar it jild oannaam, mar yn in fraachpetear gied er der in kear serieus op yn en lei út dat in senario hiel wat lykje kin, mar dat men mar ôfwachtsje moat wat in regisseur der úteinlik fan meitsje sil.

Yn 1983 wûn Caine in BAFTA Award en in Golden Globe, beide yn 'e kategory bêste akteur, foar syn rol yn 'e film Educating Rita. En yn 1986 wûn er in Oscar foar bêste manlike byrol foar syn rol yn Hannah and Her Sisters. Hy spile mei Steve Martin yn Dirty Rotten Scoundrels (1988), en datselde jiers fertolke er yn 'e minysearje Jack the Ripper de rol fan ynspekteur Frederick Abberline, wêrfoar't er op 'e nij in Golden Globe wûn yn 'e kategory bêste akteur. Oare films fan sines út dyselde snuorje dy't it goed diene, wiene: California Suite (1978), Dressed to Kill (1980), Escape to Victory (1981), Deathtrap (1982) en Mona Lisa (1986). Tagelyk hold er oan mei yn sokke minne films te spyljen as Blame It on Rio (1984), Water (1985), Jaws: The Revenge (1988) en Bullseye! (1990). Oer Jaws: The Revenge seid er letter: "Ik haw dy film sels nea sjoen, mar neffens alles dat ik deroer heard haw, moat er ferskriklik west hawwe. Ik haw lykwols it hûs dat ik fan dy film boud haw, en dat is geweldich."

Michael Caine op 'e premiêre fan The Dark Knight, yn 2008.

Yn 1987 die Caine de voice-over foar Hero, de offisjele film fan it Wrâldkampioenskip fuotbal 1986. Yn 1988 spile er de privee-detektive Sherlock Holmes yn 'e film Without a Clue, en yn 1990 waard er nominearre fan in Golden Globe yn 'e kategory bêste akteur foar syn fertolking fan 'e titelrol yn 'e minysearje Jekyll & Hyde. Datselde jiers spile er ek de mysterieuze barkeeper Mike yn 'e film Mr. Destiny, en yn 1992 hied er de rol fan 'e nepert Ebenezer Scrooge yn it mei loovjende kritiken ûntfongen The Muppet Christmas Carol, wêryn't alle oare rolle fertolke waarden troch de poppen fan The Muppet Show.

Op it wite doek spile Caine yn 'e 1990-er jierren de pleage toanielregisseur Lloyd Fellowes yn Noises Off (1992) en de miljeufersmoargjende smjunt Michael Jennings yn On Deadly Ground, mei Steven Seagal (1994). Mei de rol fan Ray Say yn Little Voice wûn er yn 1998 in trêde Golden Globe foar bêste akteur, en as dokter Wilbur Larch, yn The Cider House Rules, wûn er yn 1999 in twadde Oscar foar bêste manlike byrol, wylst er dêr yn deselde kategory ek in Screen Actors Guild Award foar binnenhelle. Yn 2000 waard syn hiele oeuvre boppedat bekroane mei in BAFTA Fellowship Award. Underwilens wie Caine op 'e tillefyzje te sjen as Sovjet-lieder Josef Stalin yn 'e dokumintêre World War II: When Lions Roared (1994), as de Súdafrikaanske presidint F.W. de Klerk yn 'e minysearje Mandela and De Klerk (1997), en as de dûkboatkaptein Nemo yn 'e tillefyzje-adaptaasje fan Jules Verne syn ferneamde roman, 20,000 Leagues Under the Sea (1997).

Lettere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 makke Caine himsels by in hiele nije generaasje bioskoopbesikers populêr as de homoseksuële fisazjist Victor Melling yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje Miss Congeniality, mei Sandra Bullock yn 'e haadrol. Yn 'e jierren dêrnei wied er te sjen yn films as Last Orders (2001) en The Quiet American (2002), dêr't er wer in Oscar-nominaasje foar krige. Yn 2002 spile er de heit fan Austin Powers yn 'e spionaazjefilm-parody Austin Powers in Goldmember, en yn 2003 spile er op 'e nij mei Robert Duvall yn Secondhand Lions. Yn Around the Bend (2004) fertolke Caine de rol fan 'e famylje-âldste Henry Lair, en yn 'e superheldefilm Batman Begins (2005) wied er cast yn 'e rol fan Alfred Pennyworth, de butler fan Bruce Wayne (Batman). Dy lêste rol soed er nochris fertolkje yn 'e ferfolgen The Dark Knight (2008) en The Dark Knight Rises (2012). Ek wie Caine te sjen as de heit fan heks Nicole Kidman yn 'e film Bewitched (2005).

Michael Caine (2e f. rj.) mei de cast fan Inception by de premiêre fan dy film yn 2010.

Yn 2007 fertolke Caine yn 'e remake fan Sleuth de rol dy't sir Laurence Olivier yn 'e orizjinele ferzje út 1972 spile hie, wylst Jude Law de rol foar syn rekken naam dy't Caine sels yn it orizjineel hân hie. Yn 2008 hie Caine de haadrol yn 'e Britske dramafilm Is Anybody There? oer de lêste dagen fan it libben fan in âldman. Der waard fan grute dat syn rol yn Harry Brown, in film dy't útkaam yn novimber 2009, syn lêste wêze soe, mar Caine ferwiisde dat geroft letter nei it ryk der fabelen mei de útspraak "Hâldst as akteur net op mei it wurk; it wurk hâldt op mei dý." Yn 2010 spile er perfester Stephen Miles yn 'e science fiction-skriller Inception, mei Leonardo DiCaprio yn 'e haadrol, en yn 2012 liende er syn stim oan it personaazje fan Lord Redbrick, yn 'e tekenfilm Gnomeo & Juliet fan Touchstone Pictures, en oan 'e auto Finn McMissile yn 'e tekenfilm Cars 2 fan Pixar.

Caine hy byrollen yn 'e films Journey 2: The Mysterious Island (2012), Now You See Me (2013), Interstellar (2014) en Kingsman: The Secret Service (2015). Hy spile ek de rol fan 'e pinsjonearre komponist Fred Ballinger yn 'e dramakomeedzjefilm Youth, wêrfoar't er fan alle kanten lof taswaaid krige. Yn oktober 2015 lies er it mearke Little Claus and Big Claus fan Hans Christian Andersen foar, as ûnderdiel fan 'e bernemearkes-app GivingTales fan UNICEF. Oare mearkes waarden foarlêzen troch û.o. sir Roger Moore, Stephen Fry, Ewan McGregor, Joan Collins, Joanna Lumley en Charlotte Rampling. Yn 'e oarlochsfilm Dunkirk, út 2017, hie Caine in sprutsen cameoroltsje as in Spitfire-piloat fan 'e RAF, by wize fan knikje nei syn rol yn Battle of Britain, út 1969.

De byltenis fan Michael Caine (sa't er derút seach yn syn rol fan Harry Palmer yn The Ipcress File, yn 1965) yn it waaksen-byldemuseum Madame Tussauds yn Londen.

Ikoan fan 'e Britske popkultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Michael Caine is in ikoan fan 'e Britske popkultuer. Dat hat net inkeld te krijen mei syn kapasiteiten as akteur, mar ek mei yn ferneamde Londenske Cockney-aksint, dat in ûnútputbere boarne fan fermaak is foar lju út oare dielen fan it Feriene Keninkryk. Mei syn opfallende stim en spraakritme is Caine in populêr ûnderwerp wurden foar imitators. Syn útspraak út 'e misdiefilm The Italian Job (1969) "You're only supposed to blow the bloody doors off!" ("Hoegdest der ferdomme allinnich de doarren mar ôf te blazen!") kaam yn 2003 by in opinypeiling ûnder 1.000 Britske filmfans as favorite filmtekst út 'e bus.

Noch bekender is Caine syn útspraak "Not a lot of people know that" ("Net in soad minsken witte dat"), dy't steefêst folget nei't er in obskuer feit op 't aljemint brocht hat. Dy útspraak waard op 28 oktober 1972 ferneamd doe't er oanhelle waard troch kollega-akteur Peter Sellers yn it BBC-praatprogramma Parkinson. Sellers neamde Caine by dy gelegenheid "de grutste boarne fan weardeleaze ynformaasje" dy't jo je mar foarstelle kinne, en sei dat er "by de minste of geringste oanlieding" út it Guiness Book of Records sitearret. Troch de jierren hinne hat Caine sels dit ferskynsel parodiëarre, sawol de útspraak "not a lot of people know that," dy't er soms mei opsetsin brûkt, as it feit dat er om it hoartsje mei "ynteressante weetsjes" op 'e lapen komme soe. Ek hat er de imitaasjes fan himsels troch oaren imitearre. Sa beklage er him yn in fraachpetear mei Michael Parkinson yn 2007 heal gekjeiend oer de imitaasjes troch syn eigen manear fan sprekken swierder oan te setten en te sizzen: "'Goeie. Ik hyt Michael Caine. Net in soad minsken witte dat.' Sa klink ik ferdomme as in debyl. Witst wêr't se my no al hawwe? Op jierdeiskaarten. 'It is hjoed dyn jierdei. Net in soad minsken witte dat.'"

De hânprinten fan Michael Caine yn it trotwaar fan Leicester Square, yn Londen.

Earbewizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Caine is ien fan mar twa akteurs dy't yn elts desennium fan 'e 1960-er jierren oant en mei de 2000-er jierren nominearre waarden foar in Oscar yn 'e kategory bêste akteur (de oare is Jack Nicholson). Yn 1992 waard er beneamd ta kommandeur yn 'e Order of the British Empire (OBE), en yn 2002 waard er troch keninginne Elizabeth II yn Buckingham Palace riddere as 'sir Maurice Micklewhite CBE'. Op 5 jannewaris 2011 waard Caine ek beneamd ta kommandeur yn 'e Frânske Ordre des Arts et des Lettres troch de Frânske minister fan Kultuer Frédéric Miterrand. En yn maaie 2012 krige er de kaaien fan 'e stêd fan 'e Londenske borough Southwark, dêr't er opgroeide.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 2016 liet Caine syn namme offisjeel feroarje yn 'Michael Caine'. Syn reden om syn bertenamme Maurice Joseph Micklewhite ôf te tankjen en syn artystenamme offisjeel te meitsjen wie praktysk: it makke ynchecken op lofthavens in stik simpeler. Caine sels lei it sa út: "[In feilichheidsbeämte] sei: 'Hee, Michael Caine,' en dan joech ik him myn paspoart en ynienen stie dêr dan in oare namme yn. Dan koe ik dêr wol in oere stean. Dus haw ik myn namme oanpast."

Michael Caine mei syn frou Shakira Baksh yn 2015.

Caine wie fan 1955 oant 1962 troud mei aktrise Patricia Haines, mei wa't er in dochter hat, Dominique (dy't ferneamd is nei de heldinne yn 'e roman The Fountainhead fan Ayn Rand). Dat houlik einige lykwols yn in skieding. Yn 1968 hie Caine koarte tiid in relaasje mei de Nikaragûaaanske aktrise Bianca Jagger. Sûnt 8 jannewaris 1973 is er troud mei aktrise en model Shakira Baksh, in islamityske Ingelse fan Yndo-Guyaneesk komôf. Hy kaam mei har yn 'e kunde nei't er har yn in reklamespotsje foar kofje fan Maxwell House sjoen hie, en fia-fia har tillefoannûmer wist te bemachtigjen. Hy skille har dêrnei tsien dagen efterinoar eltse dei op oant se úteinlik belies joech en der yn tastimde om mei him op in ôfspraakje te gean. Hja hawwe in dochter, Natasha Haleema. Hoewol't er in kristen is dy't mei in moslima troud is, joech er oan, doe't er dêrnei frege waard, dat har op dat mêd "nea fraachstikken of swierrichheden oppenearje."

Caine en de frou wenje yn Leatherhead, yn Surrey, fuortby Londen. Harren hûs, dat £100.000 koste om bouwe te litten, hat in ynboude bioskoop. Caine hat fierders ek apparteminten yn Southwark, fuortby it plak dêr't er opgroeide, en yn Miami Beach, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Hy smookte oarspronklik tachtich sigaretten deis oant de Amerikaanske akteur Tony Curtis him dêr yn 'e iere jierren santich it leksum oer lies. Op it mêd fan sport is Caine in grut fan fan cricket. Op it mêd fan polityk is er oanhinger fan 'e Konservative Partij en in fûleindich tsjinstanner fan it ferheegjen fan ynkomstebelesting foar de meastfertsjinjenden. Hy hat twa autobiografyen skreaun: What's It All About?, yn 1992, en The Elephant to Hollywood, yn 2010. Fierders hat er, fuortborduerjend op syn imago as "boarne fan weardeleaze ynformaasje", ferskate boeken mei trivia skreaun, wêrûnder Not Many People Know That! en And Not Many People Know This Either! De opbringst fan dat soarte boeken skonk Caine oan it goede doel.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1956 The Adventures of Sir Lancelot trêde ridder ôflevering The Magic Sword; op 'e ôftiteling fermeld as 'Michael Scott'
1956 BBC Sunday Night Theatre ? ôflevering The Lark
1957 Blood Money ? tillefyzjefilm
1957 BBC Sunday Night Theatre ? ôflevering Requiem for a Heavyweight
1957 Dixon of Dock Green Yndiaaske sutelder ôflevering A Penn'orth of Allsorts
1958 Navy Log ? ôflevering The Field
1958 The Vise ? ôflevering The Sucker Game
1958 BBC Sunday Night Theatre plysjeman ôflevering The Frog
1958 The Adventures of William Tell Max ôflevering The Prisoner
1958 Dixon of Dock Green Brocklehurst ôflevering Bracelets for the Groom
1959 Dixon of Dock Green Tufty Morris ôflevering Helmet on the Sideboard
1959 The Adventures of William Tell sersjant Weinar ôflevering The General's Daughter
1960 Deadline Midnight Ted Drake ôflevering 1/5
1960 No Wreath for the General plysjeman tillefyzjefilm
1961 The Compartment ?
1961 Walk a Crooked Mile plysjeman minysearje
1961 Armchair Theatre roerman ôflevering The Ship That Couldn't Stop
1961 The Younger Generation Ray the Raver ôflevering Goodbye Charlie
1961 ITV Play of the Week ? ôflevering Ring of Truth; net fermeld op 'e ôftiteling
1962 The Edgar Wallace Mystery Theatre Paddy Mooney ôflevering Solo for Sparrow
1962 ITV Play of the Week Willie Mossop ôflevering Hobson's Choice
1963 First Night: Funny Noises with Their Mouths ? tillefyzjefilm
1964 ITV Play of the Week George Grant ôflevering The Other Man
1964 Hamlet Horatio tillefyzjefilm
1969 Male of the Species ? tillefyzjefilm
1969 ITV Saturday Night Theatre Cornelius ôflevering Cornelius
1988 Jack the Ripper resjersjeur Frederick Abberline minysearje; wûn Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
1990 Jekyll & Hyde dokter Henry Jekyll / Edward Hyde minysearje; nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
1994 World War II: When Lions Roared Josef Stalin dokumintêre
1996 Midnight in Saint Petersburg Harry Palmer tillefyzjefilm
1997 Mandela and De Klerk F.W. de Klerk minysearje; nominearre foar in Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
1997 20,000 Leagues under the Sea kaptein Nemo tillefyzjefilm
2003 Freedom: A History of Us William Pitt
dû. John Cotton
Charles Cornwallis
Edmund Everett
William Wood
kranteredakteur
ôflevering Independence
ôflevering Liberty for All
ôflevering Revolution
ôflevering Wake Up America
ôflevering Working for Freedom
ôflevering Yearning to Breathe Free
films
1950 Morning Departure teejonge net fermeld op 'e ôftiteling
1956 Panic in the Parlour seeman net fermeld op 'e ôftiteling
1956 A Hill in Korea soldaat Lockyer oarspronklike titel: Hell in Korea
1957 The Steel Bayonet Caine net fermeld op 'e ôftiteling
1957 How to Murder a Rich Uncle Gilrony
1958 A Woman of Mystery figurant net fermeld op 'e ôftiteling
1958 Carve Her Name with Pride toarstige treinpassazjier net fermeld op 'e ôftiteling
1958 The Key figurant net fermeld op 'e ôftiteling
1958 Blind Spot Johnny Brent
1958 The Two-Headed Spy Gestapo-agint
1958 Passport to Shame brêgeman alternative titel: Room 43
1959 Danger Within finzene mei pin-up net fermeld op 'e ôftiteling
1960 Foxhole in Cairo Weber
1960 The Bulldog Breed matroas by slaanderij yn bioskoop net fermeld op 'e ôftiteling
1961 The Day the Earth Caught Fire plysjeman by dykôfsetting
1962 Solo for Sparrow Paddy Mooney
1963 The Wrong Arm of the Law plysjeman op plysjeburo net fermeld op 'e ôftiteling
1964 Zulu luitenant Gonville Bromhead
1965 The Ipcress File Harry Palmer
1966 Alfie Alfie Elkins nominearre foar in Oscar foar bêste akteur
1966 The Wrong Box Michael Finsbury
1966 Gambit Harry Tristan Dean
1966 Funeral in Berlin Harry Palmer
1967 Billion Dollar Brain Harry Palmer
1967 Hurry Sundown Henry Warren
1967 Woman Times Seven knappe frjemdling segmint: Show
1968 Deadfall Henry Stuart Clarke
1968 The Magus Nicholas Urfe
1969 The Italian Job Charlie Croker
1969 Play Dirty kaptein Douglas
1969 Battle of Britain majoar Canfield
1970 The Last Valley de kaptein
1970 Simon, Simon himsels koarte film
1970 Too Late the Hero soldaat Tosh Hearne
1971 Get Carter Jack Carter
1972 Pulp Mickey King
1972 Sleuth Milo Tindle nominearre foar in Oscar foar bêste akteur
1972 Zee and Co. Robert Blakeley
1973 Kidnapped Alan Breck
1974 The Black Windmill majoar John Tarrant
1974 The Marseille Contract John Deray yn 'e Feriene Steaten útbrocht ûnder de titel The Destructors
1975 The Man Who Would Be King Peachy Carnehan
1975 The Romantic Englishwoman Lewis Fielding
1975 The Wilby Conspiracy Jim Keogh
1976 The Eagle Has Landed kolonel Kurt Steiner
1976 Harry and Walter Go to New York Adam Worth
1976 Peeper Leslie C. Tucker
1977 A Bridge Too Far Joe Vandeleur
1978 California Suite Sidney Cochran
1978 Silver Bears Doc Fletcher
1978 The Swarm dr. Bradford Crane
1979 Ashanti dokter David Linderby
1979 Beyond the Poseidon Adventure kaptein Mike Turner
1980 Dressed to Kill dokter Robert Elliott
1980 The Island Blair Maynard
1981 Escape to Victory kaptein John Colby
1981 The Hand Jonathan Lansdale
1982 Deathtrap Sidney Bruhl
1983 Educating Rita dr. Frank Bryant nominearre foar in Oscar foar bêste akteur
wûn in Golden Globe foar bêste akteur
wûn in BAFTA foar bêste akteur
1983 The Honorary Consul konsul Charley Fortnum
1983 The Jigsaw Man Philip Kimberly / Sergej Kuzminsky
1984 Blame It on Rio Matthew Hollins
1985 Water gûverneur Baxter Thwaites
1985 The Holcroft Covenant Noel Holcroft
1986 Half Moon Street lord Sam Bulbeck
1986 Hannah and Her Sisters Elliot wûn in Oscar foar bêste byrol fan in akteur
1986 Mona Lisa Mortwell
1986 Sweet Liberty Elliott James
1986 The Whistle Blower Frank Jones
1987 The Fourth Protocol John Preston ek útfierend produsint
1987 Jaws: The Revenge Hoagie Newcombe
1987 Surrender Sean Stein
1988 Dirty Rotten Scoundrels Lawrence Jamieson
1988 Without a Clue Sherlock Holmes / Reginald Kincaid
1990 Bullseye Sidney Lipton / dokter Hicklar
1990 Mr. Destiny Mike / Mr. Destiny
1990 A Shock to the System Graham Marshall
1992 Blue Ice Harry Anders ek filmprodusint
1992 The Muppet Christmas Carol Ebenezer Scrooge
1992 Noises Off Lloyd Fellowes
1994 On Deadly Ground Michael Jennings
1994 Then There Were Giants Josef Stalin
1995 Bullet to Beijing Harry Palmer
1996 Blood and Wine Victor "Vic" Spansky
1998 Curtain Call Max Gale
1998 Little Voice Ray Say
1998 Shadow Run Haskell
1999 The Cider House Rules dokter Wilbur Larch wûn in Oscar foar bêste byrol fan in akteur
wûn in Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur
1999 The Debtors ferslaafde
2000 Get Carter Cliff Brumby
2000 Miss Congeniality Victor Melling
2000 Quills dokter Royer-Collard
2000 Shiner Billy "Shiner" Simpson
2001 Last Orders Jack
2002 Austin Powers in Goldmember Nigel Powers
2002 The Quiet American Thomas Fowler nominearre foar in Oscar foar bêste akteur
2003 The Actors O'Malley
2003 Quicksand Jake Mellows
2003 Secondhand Lions Garth
2003 The Statement Pierre Brossard
2004 Around the Bend Henry Lair
2005 Batman Begins Alfred Pennyworth
2005 Bewitched Nigel Bigelow
2005 The Weather Man Robert Spritzel
2006 Children of Men Jasper
2006 The Prestige John Cutter
2007 Flawless dhr. Hobbs
2007 Sleuth Andrew Wyke
2008 The Dark Knight Alfred Pennyworth
2008 Is Anybody There? Clarence
2009 Harry Brown Harry Brown
2010 Inception perfester Stephen Miles
2011 Cars 2 Finn McMissile as stimakteur
2011 Gnomeo & Juliet Lord Redbrick as stimakteur
2012 The Dark Knight Rises Alfred Pennyworth
2012 Journey 2: The Mysterious Island Alexander Anderson
2013 Mr. Morgan's Last Love Matthew Morgan
2013 Now You See Me Arthur Tressler
2014 Interstellar perfester Brand
2014 Kingsman: The Secret Service Arthur / Chester King
2014 Stonehearst Asylum dokter Benjamin Salt
2015 The Last Witch Hunter Father Dolan
2015 Youth Fred Ballinger
2016 Now You See Me 2 Arthur Tressler
2017 Going in Style Joe Harding
2017 Dunkirk stim fan Fortis-lieder cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
2017 My Generation himsels dokumintêre
2018 Dear Dictator generaal Anton Vincent
2018 King of Thieves Brian Reader
2018 Sherlock Gnomes Lord Redbrick as stimakteur
2020 Come Away Charlie
2020 Tenet Fagin
2021 Twist ?
ûnwis Best Sellers ?
ûnwis Four Kids and It Psammead
ûnwis Medieval Lord Boresh
fideospultsjes*
2005 Batman Begins Alfred Pennyworth as stimakteur
2015 GivingTales Little Claus, Big Claus as stimakteur

*) yn it fideospultsje The Italian Job, út 2001, waard de stim fan Michael Caine (yn 'e rol fan Charlie Croker) imitearre troch Phil Cornwell

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.