Suffolk
Appearance
Suffolk | ||
Lizzing Suffolk yn Ingelân | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | East Ingelân | |
Status | Ceremonial & Non-metropolitan county | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 719.500 (2007) | |
Oerflak | 3.798 km² | |
Befolkingsticht. | 189 / km² | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webside oerheid Suffolk |
Suffolk is in greefskip yn de Ingelske regio East-Ingelân, dat nei alle gedachten oprjochte is yn 'e 10e iuw. It hie yn 2001 668.553 ynwenners en it oerflak berint 3801,1 km2. De haadstêd is Ipswich; oare plakken fan belang binne Lowestoft, Bury St Edmunds en Felixstowe, ien fan de grutste kontenerhavens yn Europa.
It lânskip is frijwat flak mei mar in pear hichten, meast lânbougrûn.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de befolking is 18,3 % âlder as 65 jier. De wukleazens is 2,7 % fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001).
It ynwennertal gie omheech fan sa'n 649.100 yn 1991 nei 668.553 yn 2001 en 719,500 yn 2007.
Suffolk hat in eigen dialekt fan it Ingelsk, it Suffolkdialekt.
Distrikten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Distrikten | Detailkaart |
---|---|
Ferneamde lju út Suffolk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Thomas Wolsey (1471-1530), kardinaal en steatsman
- Thomas Gainsborough (1727-1788), keunstskilder.
- Edward FitzGerald (1809-1883), skriuwer en oersetter.
- Dani Filth (1973-), sjonger fan de band Cradle of Filth