Dunkirk (film út 2017)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Dunkirk
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Dunkirk Logo.png
makkers
regisseur Christopher Nolan
produsint Emma Thomas
Christopher Nolan
senario Christopher Nolan
kamerarezjy Hoyte van Hoytema
muzyk Hans Zimmer
filmstudio Syncopy Inc.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Fionn Whitehead
Aneurin Barnard
Harry Styles
byrollen Mark Rylance
Kenneth Branagh
Jack Lowden
Tom Hardy
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of France.svg Frankryk
Flag of the Netherlands.svg Nederlân
premiêre 13 july 2017
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $100–150 miljoen
opbringst $527,3 miljoen
prizen Oscar
BAFTA Award

Dunkirk is in Britsk-Amerikaansk-Frânsk-Nederlânske histoaryske oarlochsfilm út 2017 ûnder rezjy fan Christopher Nolan, mei yn 'e haadrollen Fionn Whitehead, Aneurin Barnard en Harry Styles. De titel betsjut: "Dúntsjerk". De film giet oer de Evakuaasje fan Dúntsjerk yn 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't ûnder de Slach om Frankryk tusken 26 maaie en 3 juny 1940 by Operaasje Dynamo 338.000 Alliëarde militêren dy't by Dúntsjerk troch de Dútsers besingele rekke wiene, fan it fêstelân fan Jeropa evakuëarre waarden nei Ingelân. Dunkirk bringt de evakuaasje út trije perspektiven yn byld, fan it lân ôf, fan see ôf en út 'e loft wei. De foarfallen op it lân duorje in wike, dy op see in dei en dy yn 'e loft in oere. Se wurde lykwols op non-lineêre wize trochinoarhinne ferteld, wêrby't geregeldwei foarkomt dat in foarfal letter yn in oar perspektyf weromkomt. De film hat mar in hiel lyts bytsje dialooch, mei't regisseur Nolan spanning opbouwe woe troch in kombinaasje fan kamerarezjy en filmmuzyk. Dunkirk waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûntfongen en wûn trije Oscars en in BAFTA Award.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Dúntsjerk, oan 'e kust fan It Kanaal, binne ûnder de Slach om Frankryk yn maaie 1940 de hiele Britske Ekspedysjemacht op it fêstelân fan Jeropa en frijwat Frânske troepen ôfsnien rekke fan 'e rest fan it Frânske Leger. Se wurde besingele troch in nazy-Dútske legermacht en driigje harren oerjaan te moatten as se net nei Ingelân ta evakuëarre wurde kinne. Tommy, in jonge Britske soldaat, oerlibbet as iennichste fan syn ienheid in fjoergefjocht mei Dútske troepen binnen de beboude kom fan Dúntsjerk. Hy wit te ûntkommen nei it strân, dêr't er in oare Britske soldaat treft, Gibson, dy't krekt in maat fan sines oan it begraven is. Tommy helpt him en de jonges diele swijend in slokje út in fjildflesse.

Op it strân treft Tommy tûzenen Britske soldaten oan dy't yn fertwifeling wachtsje op evakuaasje. Om't er sa gau mooglik fuort wol en net ree is om syn beurt ôf te wachtsjen, siket er nei in mooglikheid om foar te kringen. Dy fynt er as er nei in oanfal fan in Dútske Junkers Ju-87 "Stuka"-dûkbommesmiter Gibson wer treft by in plak dêr't in swierferwûne Britske soldaat op in brankaar efterbleaun is. Se wikselje ien blik út en dogge har dan foar as brankardiers, dy't de ferwûne oer it strân en de pier nei it hospitaalskip bringe moatte sadat er sa gau mooglik nei Ingelân evakuëarre wurde sil. Tommy en Gibson wurde lykwols, nei't se de ferwûne oan board brocht hawwe, wer fan it skip ôf stjoert; dêrop hâlde se har tusken de balken ûnder it dek fan 'e pier beskûl, harren kâns ôfwachtsjend om wer oan board te glûpen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By in nije oanfal fan in dûkbommesmiter wurdt it hospitaalskip lykwols rekke, en it sinkt, wêrby't alle ferwûnen oan board ferdrinke. Tommy helpt Alex, in soldaat dy't oerboard sprongen is, út it wetter foar't er tusken de pier en it kapseizende skip ferplettere wurde kin. Neitiid jouwe Tommy en Gibson harren by de ienheid fan Alex, wêrmei't se oan board geane fan in torpedoboatjager. Dy wurdt lykwols nachts torpedearre troch in Dútske U-boot. Gibson rêdt it libben fan Tommy en Alex, en trijeresom swimme se werom nei it strân.

Mei't der mar ien kwetsbere pier is dy't brûkt wurde kin om soldaten oan board te bringen fan marineskippen, hat it Britske regear fan premier Winston Churchill ûnderwilens oardere om boaten fan 'e boargerskipfeart yn te setten, sadat dy soldaten fan it strân by Dúntsjerk nei marineskippen op see oerfarre kinne. Yn Weymouth sette sadwaande Dawson en syn teenersoan Peter op harren jacht de Moonstone ôf nei Dúntsjerk, krekt as hûnderten oare Britske boargerskippen fan sawol de plezier- as de beropsfeart. Ympulsyf jout Peter syn freon George him by harren. Midden op It Kanaal, pikke se in oan shellshock lijende soldaat op dy't omdriuwt op in skipswrak. As dyselde foar it ferstân kriget dat de Moonstone ûnderweis is nei Dúntsjerk, rekket er yn panyk om't er út noch yn net werom wol. Hy besiket it roer út 'e hannen fan Dawson te skuorren, en by de wrakseling kriget George in triuw dêr't er troch yn 'e kajút falt, syn holle stompt en blyn rekket.

Underwilens stekke trije Supermarine Spitfires fan 'e Royal Air Force It Kanaal oer om 'e evakuaasje út 'e loft te beskermjen. Harren lieder wurdt al rillegau delsketten by in loftgejocht mei in Dútske jachtfleanmasine, wêrnei't ien fan 'e oaren, Farrier, it befel oernimt. Syn brânstofmeter is lykwols stikken sketten, sadat er net mear sjen kin hoelang't er noch yn 'e loft bliuwe kin. Hy en de oare piloat, Collins, rêde in minefeier fan in oanfal troch in Dútske Heinkel He-111-bommesmiter, mar Collins wurdt rekke en moat yn see lânje. By de hurde lâning rekket it skorút fan 'e fleantúchkabine skansearre. It wol net mear iepen, en Collins ferdrinkt op in hier nei, mar wurdt rêden as de Moonstone njonken syn sinkende Spitfire ferskynt en Peter Dawson mei in roeirym it skorút ynslacht.

Op it strân jouwe Tommy, Alex en Gibson harren by in groepke Skotske soldaten. Se sykje bûten de Alliëarde frontliny beskûl yn in troch leech tij strâne fiskersboat, wêrfan't se hoopje dat er by floed wer loskomme sil, sadat se dermei nei Ingelân farre kinne. Dútske skerpskutters, dy't der gjin aan fan hawwe dat der Alliëarde soldaten yn sitte, brûke de boat lykwols foar sjitoefenings, mei as gefolch dat er trochsingele rekket mei kûgelgatten. As it tij opkomt, rint de boat fol. It is dúdlik dat se ballêst kwyt moatte, sadat de kûgelgatten boppe de wetterline komme te sitten. De Skotten wolle dêrom dat Gibson fan board giet. Dy hat noch nea in stom wurd sein, en se fertinke him derfan dat er in Dútske spion is. Sa komt oan it ljocht dat 'Gibson' eins in Frânske soldaat is, dy't it militêr unifoarm fan in sneuvele Brit stellen hat om yn oanmerking te kommen foar evakuaasje.

Nije Dútske sjitoefenings meitsje in gatsjepanne fan 'e fiskersboat, en it wurdt dúdlik dat dy folslein weardeleas is. Mei it rom al fol wetter geane Tommy, Alex en de Skotten fan board, mar Gibson kin der net útkomme en ferdrinkt. Alex, Tommy en de oaren swimme nei in torpedoboatjager ta dy't net al te fier ôf is, mar krekt as se dy hast berikt hawwe, wurdt er ta sinken brocht troch in Dútske bommesmiter. De Moonstone is lykwols deunby, en manûvrearret om 'e oerlibbenen fan 'e torpedoboatjager út see op te fiskjen. Under harren is ek Alex. As de earste oerlibbenen nei ûnderen yn 'e kajút stjoerd wurde, trunet Peter harren oan om foarsichtich mei George te wêzen, mar de soldaten stelle fêst dat de jonge ferstoarn is. As de soldaat mei shellshock letter nei George fernimt, liicht Peter en seit er dat der neat mei George oan 'e hân is.

Farrier, dy't eins al ûnderweis werom nei Ingelân wêze moatte soe om't syn brânstof sa goed as op wêze moat, keart om en sjit de Dútske bommesmiter del dy't de torpedoboatjager ta sinken brocht hat. De bommesmiter stoart brânend del yn it oaljeplak dat út 'e torpedoboatjager lekt is. Collins sjocht it oankommen en hjit Dawson om te sjen dat de Moonstone, dy't makke is fan hout, út 'e oalje wei komt. De oalje fettet flam, mar de Moonstone ûntkomt krekt op 'e tiid. Guon fan 'e Skotske soldaten ferbrâne libben yn it oaljeplak, mar Peter rêdt noch ien soldaat it libben troch him by de hân te gripen en troch de see mei te slepen. As er him neitiid einlings oan board skuorre kin, docht bliken dat it om Tommy giet. Troch de wylde fleanbewegings dy't nedich wiene foar it delsjitten fan 'e bommesmiter, is Farrier syn brânstof no echt op en syn motor slacht ôf. Hy sweeft oer it strân en wit sûnder wurkjende motor noch in Stuka-dûkbommesmiter del te sjitten.

Underwilens is de evakuaasje troch de ynset fan 'e lytse boatsjes in daverjend súkses wurden. Ynstee fan 'e 30.000 evakuëarre soldaten, dêr't Churchill op hope, binne der krapoan 300.000 evakuëarre. Op it strân nimt luitenant-op-see 1e klasse Bolton ôfskie fan kolonel Winnant, dat ien fan 'e lêste Britske militêren is dy't ôfset nei Ingelân. Bolton bliuwt efter om te sjen hoefolle Frânske soldaten oft noch evakuëarre wurde kinne. Nei syn sweefflecht oer it strân set Farrier syn Spitfire bûten de Alliëarde frontliny del, wêrnei't er it tastel yn 'e brân stekt foar't er troch de Dútsers kriichsfinzen nommen wurdt. As de Moonstone oankomt yn syn thúshaven Weymouth, wurdt Dawson lokwinske om't er safolle soldaten rêden hat. Peter giet nei de redaksje fan in pleatslike krante en soarget derfoar dat der in artikel oer syn maat George yn komt, ûnder de kop "De Held fan Dúntsjerk". Tommy en Alex geane fan Weymouth mei de trein nei Woking, dêr't se tsjin alle ferwachtings yn as helden ferwolkomme wurde.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
Tommy Fionn Whitehead
Gibson Aneurin Barnard
Alex Harry Styles
dhr. Dawson Mark Rylance
luitenant-op-see 1e klasse Bolton Kenneth Branagh
Collins Jack Lowden
Farrier Tom Hardy
Peter Dawson Tom Glynn-Carney
George Barry Keoghan
kolonel Winnant James D'Arcy
soldaat mei shellshock Cillian Murphy
Fortis Leader (inkeld stim) Michael Caine

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur Christopher Nolan kaam foar it earst op it idee om Dunkirk te meitsjen doe't er mids 1990-er jierren mei syn takomstige frou Emma Thomas it It Kanaal oerfear en sa it paad folge dat de boaten namen dy't behelle wiene yn 'e Evakuaasje fan Dúntsjerk. Hy skreau sels it senario foar de film, en tegearre mei syn frou wied er ak as produsint by it projekt belutsen foar filmstudio Syncopy Inc. De film wie in ynternasjonale ko-produksje fan it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Frankryk en Nederlân. Foar Dunkirk wie in budget beskikber fan nei skatting $100 oant 150 miljoen. De kamerarezjy waard fierd troch de Nederlânske kameraregisseur Hoyte van Hoytema, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch komponist Hans Zimmer.

De opnamen setten op 23 maaie 2016 yn Dúntsjerk útein. De sênes dy't de eigentlike evakuaasje sjen litte, waarden op persiis it plak filme, dêr't de evakuaasje 76 jier earder plakfûn hie. De strjitsênes yn Dúntsjerk waarden eins opnommen yn it deunby leine Malo-les-Bains, mei't de measte oarspronklike gebouwen fan Dúntsjerk yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferlern gien wiene. Nei't de opnamen yn Dúntsjerk en omkriten ôfrûne wiene, ferhuze de filmcrew nei it Nederlânske Urk, dêr't fjouwer wiken lang de sênes oan board fan 'e Moonstone opnommen waarden. By guon fan dy sênes waarden mear as sechtich minsken yn in boat troppe dy't bedoeld wie foar minder as tsien. Dat wie al dreech genôch sûnder rekken hâlde te moatten mei êb en floed, dat sadwaande waard derfoar keazen om ynstee fan It Kanaal de Iselmar te brûken, dêr't men dat probleem net hat. Neitiid waard noch in wike yn Swanage en Weymouth filme, oan 'e súdkust fan Ingelân, en dêrnei noch twa wiken oan 'e kust by Rancho Palos Verdes, yn Kalifornje.

It jacht de Moonstone by de opnamen fan Dunkirk op 'e Iselmar by Urk.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Dunkirk waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 13 july 2017 yn premiêre yn Londen. Hy iepene op 19 july yn 'e Frânske bioskopen, op 20 july yn 'e Nederlânske bioskopen en op 21 july yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. De soundtrack fan 'e film waard ek op 21 july op cd útbrocht. Dunkirk kaam op 12 desimber 2017 as digitale download beskikber en waard op 18 desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Historisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dunkirk stie bleat oan frijwat krityk, fral út Frankryk, om't de film de bydrage oan 'e striid om Dúntsjerk fan Frânske troepen, en ek fan Afrikaanske en Britsk-Yndyske legerienheden, frijwol hielendal negearret.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dunkirk krige rûnom loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy. Peter Bradshaw fan The Guardian parte de film fiif fan fiif stjerren ta en neamde it de bêste dy't Nolan oant safier makke hie. Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter omskreau de film as "in ympresjonistysk masterwurk" dat "djip op it moed kaam", mar "sûnder forsearre sentimintaliteit of falske heldhaftigens" wie. Yn it tydskrift Variety neamde Peter Debruge de filmmuzyk fan Hans Zimmer "bombastysk", mar fierders hied er foar Dunkirk inkeld lof.

Manohla Dargis fan The New York Times omskreau de film as "in sterk staaltsje filmyske feardichheid en technyk" en priizge Nolan syn non-lineêre wize fan it fertellen fan it ferhaal. Yn 'e San Francisco Chronicle omskreau Mick LaSalle Dunkirk as in "triomf" en in "masterwurk". Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times joech de film fjouwer fan fjouwer stjerren en omskreau him as ien fan 'e bêste oarlochsfilms fan it desennium. Yn it tydskrift Rolling Stone wie Dunkirk de earste film fan 2017 dy't fan Peter Travers fjouwer fan fjouwer stjerren krige, mei dêrby de omskriuwing: "miskien wol de bêste oarlochsfilm ea".

Ofwikende lûden wiene te hearren fan û.o. Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com, dy't "walge fan dielen fan ['e film]", wylst er fûn dat oare dielen yn werhelling foelen of net út 'e ferve kamen. Lykwols parte er Dunkirk trije en in heal fan fjouwer stjerren ta, mei't er paradoksaal genôch dochs bewûndering foar de film hie en him neitiid net út 'e holle krige. Yn 'e Frânske krante Le Monde hie Jacques Mandelbaum lof foar it reälisme fan Dunkirk, mar de film waard foar him bedoarn trochdat de rol dy't Frânske troepen by de Evakuaasje fan Dúntsjerk spilen, folslein negearre wurdt.

Yn The Times joech Kevin Maher de film twa fan fiif stjerren. Hy skreau: "[Dunkirk] is 106 lûdroftige minuten fan bombast op in grut skerm dy't sà dwaande is mei syn eigen spektakel en skaal dat er ferjit om it meast krúsjale eleminten te leverjen: drama." Ek fûn er dat it by Dunkirk krekt wie as seach er nei in Call of Duty-fideospultsje. David Cox, fan The Guardian, ta einbeslút, fûn dat de film te sink gie oan histoaryske ûnsekuerens, in tekoart oan froulike personaazjes, in lytse skaal, in cast fan personaazjes sûnder persoanlikheid en in gebrek oan spanning.

Ien fan 'e Spitfires dy't foar de opnamen fan Dunkirk brûkt waard.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Dunkirk in heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 397 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] tsjinnet in emosjoneel befredigjend spektakel op, makke troch in skriuwer-regisseur dy't syn fakgebiet folslein behearsket, en ta libben brocht troch in talintearre stjerrecast dy't it op feiten basearre ferhaal rjocht docht." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Dunkirk in goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 53 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Dunkirk yn 'e bioskopen $190,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $337,2 miljoen. De totale opbringst kaam dêrmei út op $527,3 miljoen, wêrmei't de film Saving Private Ryan ($481,8 miljoen) foarby stiek as de meast opbringende film oer de Twadde Wrâldoarloch (as men ynflaasje bûten beskôging lit). Ofset tsjin it budget fan $100 oant 150 miljoen, makke Dunkirk in winst fan teminsten $377,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch fan ôflutsen wurde moasten.

Dunkirk waard yn 2018 nominearre foar acht Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste regisseur, bêste kamerarezjy, bêste orizjinele filmmuzyk en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de Oscars foar bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste filmmontaazje. By de Golden Globes waard Dunkirk datselde jiers nominearre foar trije prizen (bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste orizjinele filmmuzyk), mar dy giene alle trije nei oare films.

By de Britske BAFTA Awards waard Dunkirk nominearre foar de prizen yn acht kategoryen, wêrûnder dy foar bêste film, bêste regisseur, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp en bêste special effects. Hy wûn de BAFTA Award foar bêste lûd. De film wûn fierders noch in grut tal minder wichtige prizen, wêrûnder de Critic's Choice Award foar bêste filmmontaazje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.