Springe nei ynhâld

Stjer (figuer)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stjer (symboal))
In lykmjittige fiifhoeksstjer mei 'ribben'.

Yn 'e mjitkunde is in stjer in soarte fan net-rûne mearhoeke. De oantsjutting 'stjer' ferwiist nei it himellichem mei deselde namme, wêrfan't de foarm, as dy mei it bleate each fan it ierdoerflak ôf waarnommen wurdt, op in stjerfoarm liket fanwegen de flikkering fan it stjerreljocht dy't feroarsake wurdt troch de atmosfear. In lykmjittige mearhoeksstjer, dat wol sizze in mjitkundige stjer mei útstykjende punten fan gelikense grutte, is in lyksidige lykhoekige mearhoek wêrfan't de linen inoar kruse. Lykmjittige mearhoeksstjerren waarden foar it earst systematysk bestudearre troch de Ingelske geastlike Thomas Bradwardine1290-1349), en letter troch de Dútske wiskundige en astronoom Johannes Kepler (1571-1630).

Der besteane letterlik withoefolle foarmen fan mjitkundige stjerren, mei't it tal útstykjende punten yn prinsipe ûneinich is. Yn 'e regel wurdt mei de oantsjutting 'stjer' (op it mêd fan 'e mjitkunde) lykwols ferwiisd nei in beheind tal foarmen. De meast foarkommende dêrfan is tsjintwurdich de lykmjittige fiifhoeksstjer dy't fiif punten fan gelikense lingte en breedte hat, mei bûtenhoeken fan 36° en binnenhoeken fan 72°. In oare bekende foarm is de lykmjittige seishoeksstjer, dy't foarhinne mear brûkt waard (en dêrom noch altyd yn gebrûk is yn 'e heraldyk), mei bûtenhoeken fan 60° en binnenhoeken fan 120°. Sokke ferskillende soarten stjerren kinne ek oantsjut wurde mei lienwurden út it Gryksk, besteande út in telwurd en it suffiks -gram, fan γραμμή, grammḗ ("line"). In synonym foar 'fiifhoeksstjer' is sadwaande pentagram en in synonym foar 'seishoeksstjer' is heksagram.

Mjitkundige stjerren komme geregeldwei foar yn keunst en kultuer, wêrûnder yn 't besûnder de heraldyk en de feksillology (flaggekunde). Dêrnjonken is oan 'e lykmjittige fiifhoeksstjer mei bûtenhoeken fan 36° en binnenhoeken fan 72°, wêrby't de inoar krusende linen binnenyn it figuer yntekene binne, histoarysk in beskate magyske, boppenatuerlike of okkulte betsjutting takend, û.m. yn 'e wikka. Dizze stjerfoarm stiet bekend ûnder namme fan pentagram, hoewol't dat eins in oantsjutting is foar alle soarten fiifhoeksstjerren. Fierders stiet de lykmjittige seishoeksstjer mei bûtenhoeken fan 60° en binnenhoeken fan 120°, as de inoar krusende linen binnenyn it figuer yntekene binne, bekend as de davidsstjer, dat in symboal is fan it joadendom. Sânhoeksstjerren (of heptagrammen) hawwe in bysûndere betsjutting yn 'e kabbala (de joadske mystyk), wylst achthoeksstjerren (of oktagrammen) gauris brûkt binne as motyf yn 'e islamityske arsjitektuer, benammen op it Yndiaaske subkontinint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.