Mick LaSalle
Mick LaSalle | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michael LaSalle | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 maaie 1959 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus, kollumnist, publisist, filmhistoarikus | |
jierren aktyf | ±1980 – no | |
offisjele webside | ||
Mick LaSalle op Twitter |
Mick LaSalle (folút: Michael LaSalle; New York, 7 maaie 1959) is in Amerikaansk sjoernalist, kollumnist en publisist, dy't benammen bekendheid krigen hat as filmkritikus en filmhistoarikus. Hy wurket foar de krante de San Francisco Chronicle, dêr't er oant maart 2008 al mear 1.550 resinsjes foar skreaun hie. Sûnt 2005 bringt LaSalle syn resinsjes ek út yn 'e foarm fan podcasts.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]LaSalle waard yn 1959 berne yn 'e New Yorkske borough Brooklyn en wurket sûnt de iere 1980-er jierren as sjoernalist, wêrby't er him spesjalisearre hat as filmkritikus. Yn dy hoedanichheid is er (anno 2021) al desennia lang oan it wurk by de San Francisco Chronicle, de wichtichtste krante yn 'e Amerikaanske stêd San Francisco en omkriten, yn noardlik Kalifornje. Syn resinsjes ferskine ek yn 'e susterútjeften fan 'e Hearst Corporation, lykas de Connecticut Post, de Albany Times-Union, de San Antonio Express-News en de Houston Chronicle. Behalven resinsjes skriuwt LaSalle ek in film-relatearre kollumn yn 'e San Francisco Chronicle, mei as titel Ask Mick LaSalle, wêryn't er lêzersfragen oer films beäntwurdet.
Njonken syn wurk as lid fan 'e skriuwende parse wie LaSalle yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren ek tillefyzjekritikus foar de pleatslike tillefyzjestjoerder KGO-TV. Fan 2006 oant en mei 2008, fan 2011 oant en mei 2014 en teffens yn 2016, 2018 en 2019 wied er sjuerylid op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, en yn 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Ek ûnderwiisde LaSalle ferskate jierren lang filmstúdzjes oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley yn Berkeley, in foarstêd fan San Francisco. Fan 2016 ôf docht er itselde oan 'e Universiteit fan Stanford yn Palo Alto.
LaSalle timmeret fierders oan 'e dyk as publisist fan non-fiksjeboeken oer de filmyndustry fan Hollywood. Syn earste wurk op dat mêd wie Complicated Women: Sex and Power in Pre-Code Hollywood, in krityske histoaryske stúdzje fan 'e aktrises dy't yn 'e Amerikaanske filmyndustry fan it Pre-Code-tiidrek fan 'e lûdsfilm wurken, tusken 1929 en 1934. Dat boek waard troch de kritisy tige goed ûntfongen en omskreaun as "briljant". Complicated Women tsjinne as de basis foar in dokumintêre mei deselde titel ûnder rezjy fan Hugh Munro Neely en mei in voice-over troch Jane Fonda, dy't yn maaie 2003 útstjoerd waard troch de tillefyzjestjoerder Turner Classic Movies. LaSalle wie dêrby belutsen as assosjearre produsint.
Underwilens publisearre LaSalle yn 2002 it oanfoljende wurk Dangerous Men: Pre-Code Hollywood and the Birth of the Modern Man, oer de manlike akteurs út it Pre-Code-tiidrek. Oer syn beide skiedkundige wurken hold LaSalle neitiid lêzings op û.o. it Filmfestival fan Denver, it Filmfestival fan Mill Valley, yn it Film Forum yn New York, en yn it Castro Theatre yn San Francisco. Hy publisearre noch twa oare boeken oer filmkeunst: The Beauty of the Real: What Hollywood Can Learn from Contemporary French Actresses yn 2012, en Dream State: California in the Movies yn 2021.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mick LaSalle is troud mei toanielskriuwster Amy Freed.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2000 – Complicated Women: Sex and Power in Pre-Code Hollywood
- 2002 – Dangerous Men: Pre-Code Hollywood and the Birth of the Modern Man
- 2012 – The Beauty of the Real: What Hollywood Can Learn from Contemporary French Actresses
- 2021 – Dream State: California in the Movies
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Mick LaSalle op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Mick LaSalle yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |