Filmfestival fan Mill Valley

Ut Wikipedy
Filmfestival fan Mill Valley
Mill Valley Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Marin County
plak Mill Valley
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
ôfkoarting MVFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1977 – no
org. troch Kalifornysk Filmynstitút (CFI)
offisjele webside
www.mvff.com

It Filmfestival fan Mill Valley (Ingelsk: Mill Valley Film Festival), ôfkoarte ta MVFF, is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn Mill Valley, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, deunby San Francisco. It evenemint waard yn 1977 oprjochte troch sinefilen Mark Fishkin, Rita Cahill en Lois Cole. Sûnt is it útwoeksen fan in trijedeisk amateurbarren ta ien fan 'e meast foaroansteande filmfestivals fan 'e Amerikaanske westkust. It wurdt ta de top 10 fan Amerikaanske filmfestivals rekkene.

Hjoed de dei is de organisaasje fan it Filmfestival fan Mill Valley yn 'e hannen fan it Kalifornysk Filmynstitút (CFI). It festival biedt in platfoarm foar it yntrodusearjen fan nije Amerikaanske, mar ek bûtenlânske films by it publyk oan 'e Amerikaanske westkust. De fertoanings wurde behalven yn Mill Valley sels ek yn bioskopen yn 'e oanbuorjende plakken San Rafael, Corte Madera en Larkspur holden.

It Filmfestival fan Mill Valley hat in reputaasje fêstige foar it presintearjen fan lytse ûnôfhinklike films en dokumintêres njonken grutte en bekende studioprojekten. Elts jier komme op it no alve dagen duorjende barren mear as 200 filmmakkers en sa'n 60.000 belangstellenden út 'e hiele wrâld ôf. It oanbod oan films op it festival is ferdield oer de folgjende seksjes:

  • World Cinemalangspylfilms fan bûten de Feriene Steaten
  • U.S. Cinema – Amerikaanske langspylfilms
  • Valley of the Docs – dokumintêres
  • FilmHOOD – ûnôfhinklike films
  • 5@5koarte films
  • MVFF Musicfilmmuzyk

Elts jier wurdt op it Filmfestival fan Mill Valley fierders de karriêre fan ferskate renommearre regisseurs, senarioskriuwers en/of akteurs beljochte.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.