Springe nei ynhâld

Taspraak

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lêzing (taspraak))
Martin Luther King hâldt syn ferneamde taspraak I Have a Dream.

In taspraak, rede of speech is in foardracht yn proaza oer in beskaat non-fiktyf ûnderwerp, dy't troch in sprekker holden wurdt foar in publyk fan taharkers. It is dêrmei in foarm fan mûnlinge kommunikaasje. De tûke fan 'e wittenskip dy't taspraken en it hâlden fan taspraken bestudearret, is de retoarika.

It hâlden fan taspraken kaam foar it earst yn 'e moade yn 'e Klassike Aldheid, yn it âlde Atene en yn 'e Romeinske Republyk. De reden dêrfoar wie dat dat demokrasyen wiene, dêr't it miene folk oardielje mocht oer juridyske en politike kwestjes; it hâlden fan taspraken krige yn dat ramt deselde funksje dy't tsjintwurdich fraachpetearen op 'e tillefyzje en yn 'e oare moderne media hawwe. Lykwols meitsje politisy en teffens abbekaten en aktivisten ek hjoed oan 'e dei noch in protte gebrûk fan taspraken.

Feitliks hat men foar frijwat moderne beroppen ferlet fan it fermogen om in goede taspraak hâlde te kinnen. In protte minsken kinne dat lykwols út noch yn net, en, sterker noch, binne fobysk benaud om foar in grutte kloft folk sprekke te moatten. Soks wurdt yn 'e folksmûle 'plankefrees' neamd (nei de houten planken fan it poadium dêr't de sprekker op stiet), en yn wittenskiplike termen glossofoby. De bekende Amerikaanske komyk Jerry Seinfeld hat yn dat ramt ris sein (oer de Amerikaanske gewoante dat djipdrôven en freonen fan 'e ferstoarne saneamde lykredes hâlde op in begraffenis): "De trochsneed persoan soe ûnder in begraffenis leaver yn 'e kiste lizze as in taspraak hâlde."

In goede taspraak wurdt holden op in soarchfâldich opboude wize, en hat ta doel om 'e taharkers te ynformearjen, te beynfloedzjen of te fermeitsjen. Bejeftige sprekkers binne by steat en wurkje op 'e emoasjes fan harren taharkers. As soks dien wurdt foar eigen gewin (ynstee fan bygelyks fanút in oprjochte politike oertsjûging of foar in ideëel doel), sprekt men fan demagogy, en wurdt de sprekker in demagooch of ek wol in folksmenner neamd.

It skoalfoarbyld fan 'e demagooch is de eardere Dútske lieder Adolf Hitler. Politisy dy't harren talint foar it hâlden fan taspraken better brûkten, wiene bygelyks de Amerikaanske minskerjochte-aktivist Martin Luther King (I Have a Dream) en de Amerikaanske presidint John F. Kennedy (Ich Bin ein Berliner), dy't guon fan 'e bekendste taspraken út 'e skiednis holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Leeman, A.D., en Braet, A.C., Klassieke Retorica: Haar Inhoud, Functie en Betekenis, Grins, 1987 (Wolters-Noordhoff/Forsten), ISBN 9 06 24 30 740.