Evakuaasje fan Dúntsjerk

Ut Wikipedy
Evakuaasje fan Dúntsjerk
(ûnderdiel fan 'e Slach om Frankryk)

Britske troepen evakuëarre fan it strân fan Dúntsjerk.
datum: 26 maaie4 juny 1940
plak: Dúntsjerk en It Kanaal
útkomst: súkses foar de Alliëarden: 338.226 soldaten evakuëarre nei Ingelân
konfliktpartijen
Feriene Keninkryk
●  Britsk-Ynje
●  Britsk-Syprus
Frankryk
●  Frânsk-Marokko
●  Frânsk-West-Afrika
Belgje
Kanada
Nederlân
Poalen
nazy-Dútslân









befelhawwers
Lord Gort
Bertram Ramsay
Harold Alexander
William Tennant
J.M.C. Abrial
Gerd von Rundstedt
Hermann Göring



De Evakuaasje fan Dúntsjerk, ek bekend ûnder de koadenamme Operaasje Dynamo, wie de evakuaasje fan in grut tal Alliëarde militêren fan it fêstelân fan Jeropa oer It Kanaal nei Ingelân yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Under de seiswykse Slach om Frankryk waard ein maaie 1940 in grut tal Britske, Belgyske en Frânske soldaten fan 'e rest fan it Frânske Leger ôfsnien troch de flugge opmars fan 'e Dútske troepen. Hja waarden troch de Dútsers besingele by de Noardfrânske havenstêd Dúntsjerk.

De evakuaasje sette útein op 26 maaie en duorre oant en mei 4 juny. Dêrby waarden úteinlik 338.226 Alliëarde militêren rêden en ûnder oanhâldende loftbombardeminten troch de Luftwaffe en oanfallen fan Dútske U-boaten troch in float fan marineskippen en boaten út 'e boargerskipfeart oerfearn nei Ingelân. Hoewol't de evakuëarre soldaten frijwol al harren materieel efterlitte moasten, waard dêrmei in ramp ôfkeard, om't se neitiid op 'e nij tarist waarden en de striid tsjin nazy-Dútslân ferfetsje koene. De Britske premier Winston Churchill omskreau de Evakuaasje fan Dúntsjerk yn syn ferneamde We shall fight on the beaches-taspraak fan 4 juny dan ek as in "wûnder fan ferlossing".

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 1939, doe't nei de Dútske ynfal yn Poalen de Twadde Wrâldoarloch útbriek, stjoerde it Feriene Keninkryk de Britske Ekspedysjemacht (BEF) nei it fêstelân fan Jeropa, om te helpen by de ferdigening fan syn bûnsgenoat Frankryk. Tsjin maaie 1940 bestie de BEF út tsien difyzjes yn trije legerkorpsen ûnder it opperbefel fan generaal John Vereker, 6e boarchgreve Gort. De BEF wurke nau gear mei it Belgyske Leger en mei de Frânske 1e, 7e en 9e Legers, dy't yn itselde gebiet stasjonearre wiene. Yn 'e 1930-er jierren hie Frankryk fan 'e Belgyske oant de Switserske grins de Maginotliny oanlein, in ferdigeningsliny dy't ûnnimber achte waard. In Dútske oanfal soe dêrom troch Belgje hinne komme moatte, en men fertroude derop dat it ûngaadlike terrein fan 'e Ardinnen sa'n oanfal miskien net ûnmooglik meitsje, mar dochs yn elts gefal slim behinderje soe. Noard-Frankryk waard sadwaande mar fan in lichte ferdigening foarsjoen.

Lord Gort (midden, wizend) wie befelhawwer fan 'e BEF.

Doe't nazy-Dútslân op 10 maaie 1940 sawol Belgje as Nederlân binnenfoel, en dêrmei kreas de Maginotliny links lizze liet, die lykwols bliken dat de fluch optsjende Dútske pânserdifyzjes ûnder generaal Gerd von Rundstedt net bot lêst hiene fan it terrein fan 'e Ardinnen. Harren strategy, bekend wurden as it Mansteinplan nei de betinker, generaal Erich von Manstein, wie om alle Alliëarde troepen yn Belgje en it uterste noarden fan Frankryk ôf te snijen fan Midden- en Súd-Frankryk mei in wedrin nei de see. De BEF en syn Belgyske en Frânske bûnsgenoaten waarden twongen om tebek te wiken. Doe't de Britske premier Winston Churchill op 17 maaie in besyk brocht oan 'e Frânske haadstêd Parys, hearde er dêr ta syn stomme ferheardens fan 'e Frânske opperbefelhawwer maarskalk Maurice Gamelin dat de Frânsen al harren troepen doe al yn 'e striid smiten hiene, en dat se gjin reserves mear hiene.

Op 19 maaie hie Lord Gort in moeting mei de Frânske generaal Gaston Billotte, de kommandant fan it Frânske 1e Leger, oan wa't it Alliëarde opperbefel yn Noard-Frankryk en Belgje taparte wie. Dyselde liet him witte dat de Frânsen alhiel gjin troepen mear hiene tusken de Dútsers en de kust fan It Kanaal yn. Gort besleat fuortendaliks dat er sjen moast om 'e BEF te rêden fan 'e ûndergong, en sadwaande begûn er plannen te meitsjen foar in evakuaasje nei Ingelân fia de haven fan Dúntsjerk. Dat plak waard útkeazen om't it de neiste stêd wie mei goede havenfasiliteiten, mei dêropta âlde fêstingwurken, in ring fan sompen om 'e stêd hinne en it langste strân fan Jeropa, dat brûkt wurde koe foar it sammeljen fan grutte oantallen soldaten. Nei de troch de Alliëarden ferlerne Slach by Arras, op 21 maaie, berikten de Dútske pânsertroepen súdlik fan Dúntsjerk de kust, mei as gefolch dat de BEF, it Belgyske Leger en de trije noardlikste Frânske legers yn 'e fûke sieten.

Oanrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnder harren Frânske bûnsgenoaten dêrfan op 'e hichte te stellen, begûnen de Britten op 20 maaie harren plannen foar de evakuaasje ûnder de militêre koadenamme Operaasje Dynamo yn wurking te stellen. De lieding dêroer waard taparte oan fise-admiraal Bertram Ramsay. Om marineskippen te sparjen, dêr't letter yn 'e oarloch noch ferlet fan wêze soe, en ek om't marineskippen net deun genôch by it strân komme koene, joech Churchill dyselde deis noch opdracht foar de ynset fan boaten út 'e boargerskipfeart. Ek op 20 maaie begûn brigadegeneraal Gerald Whitfield, dy't op dat stuit it befel oer de operaasjes yn Dúntsjerk hie, alfêst ûnnedich personiel werom te stjoeren nei Ingelân.

De sitewaasje op 21 maaie 1940: de Dútske opmars (rôze) hat de kust berikt en dêrmei de Alliëarde troepen yn 'e noardpunt fan Frankryk, westlik Belgje en Siuwsk-Flaanderen ôfsnien fan 'e rest fan Frankryk.

Op 22 maaie droech Churchill de BEF op om yn koördinaasje mei it Frânske 1e Leger fan generaal George Blanchard in útbraak nei it suden ta te prebearjen. Tsjin 25 maaie hie Lord Gort lykwols de hoop opjûn dat de útbraak noch slagje soe. Op eigen inisjatyf loek er him doe, yn 'e mande mei de troepen fan Blanchard, werom efter it Lyskanaal, dat by Grevelingen yn 'e see útkaam. Underwilens hiene de Dútsers op 24 maaie de havenstêd Boulogne-sur-Mer ferovere en Calais besingele.

Se wifelen lykwols om Dúntsjerk oan te fallen. Redens dêrfoar wiene dat se ynsieten oer harren tanks op 'e sompige grûn om 'e stêd hinne en dat se nei twa wiken ûnôflittende opmars sa stadichoan skjin te'n ein wiene. Ek Hitler beprakkesearre oft it noch wol sin hie en fal oan, mar Hermann Göring, de befelhawwer fan 'e Luftwaffe, stie der by him op oan om 'e Britten de genedeslach ta te bringen. Doe't Hitler op 26 maaie befel joech om in Alliëarde evakuaasje út Dúntsjerk foar te kommen, diene de pânserdifyzjes der noch sechstjin oeren oer om yn aksje te kommen yn wat him ta de Slach om Dúntsjerk ûntjoech. De pear tuskenlizzende dagen joegen de Alliëarden de tiid om harren út Risel werom te loeken op Dúntsjerk en dêr nije ferdigeningslinys oan te lizzen, dy't fan krúsjaal belang wiene. Fan 28 oant 31 maaie fochten de oerbleaune 40.000 man fan it Frânske 1e Leger yn it Belis fan Risel in efterhoedegefjocht, wêrby't se sân Dútske difyzjes opholden.

Evakuaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De evakuaasje sette formeel útein op 26 maaie en duorre oant en mei 4 juny. Uteinlik waarden yn totaal 338.226 Alliëarde militêren oer It Kanaal set troch in hastich gearstalde float fan mear as 800 fartugen. Under de rêden troepen wiene likernôch 235.000 Britten mei dêrby ferskate hûnderten ûnbewapene mûldierlieders dy't by de BEF detasjearre wiene fan it tsjinstekorps fan it Britsk-Yndyske Leger, mei dêropta in stikmannich Britsk-Syprioatyske mûldierlieders. Der waarden ek mear as 100.000 Frânske militêren evakuëarre, mei ûnder harren ôfdielings út Frânsk-Marokko en út Senegal, dat diel útmakke fan Frânsk-West-Afrika. It Belgyske Leger joech him op 28 maaie oer oan 'e Dútsers yn it ramt fan 'e kapitulaasje fan Belgje, en hoegde dêrom net evakuëarre te wurden. Lord Gort waard op 31 maaie evakuëarre, wêrnei't generaal-majoar Harold Alexander it befel yn Dúntsjerk oerkrige. De efterhoede, besteande út 35.000 Frânske soldaten, joech him op 4 juny oer oan 'e Dútsers.

Soldaten op it strân by Dúntsjerk besketten en bombardearre troch fleantugen fan 'e Dútske Luftwaffe.

Oan 'e evakuaasje waard meiwurke troch 39 torpedoboatjagers fan 'e Britske Keninklike Marine, 4 fan 'e Keninklike Kanadeeske Marine en teminsten 3 fan 'e Frânske Marine. Dêrnjonken waard der in ferskaat oan boargerskippen fan 'e Britske, Frânske, Belgyske en Nederlânske keapfardij ynset, en teffens de saneamde "Lytse Skipkes fan Dúntsjerk": in float fan hunderten lytse keapfarders, fiskersboaten, plezierjachten, sylboaten, rêdingsboaten, fearboaten, sleepboaten, rivierboaten en oare fartugen dy't troch de Britske oerheid foar dat doel opfoardere wiene, soms sûnder wittenskip of ynstimming fan 'e eigner. In soad fan dy boaten wiene bemanne troch matroazen fan 'e Britske Keninklike Marine, mar troch gebrek oan mankrêft bestiene ek in protte fan 'e bemannings út boargers. Teminsten ien fan 'e boaten dy't by de evakuaasje belutsen wiene, in motortorpedoboat fan 'e Ierske kustwacht, fear ûnder de flagge fan Ierlân.

De balâns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Britske Ekspedysjemacht ferlear yn 'e Slach om Frankryk 68.000 man, fan wa't 3.500 omkamen en 13.053 sa swier ferwûne rekken dat se bûten gefjocht steld wiene, wylst de rest troch de Dútsers kriichsfinzen nommen waard. Hast alle swiere materieel moast yn Frankryk efterlitten wurde, wêrûnder 20.000 motorfytsen, hast 65.000 oare fiertugen, frijwol alle 445 tanks, 2.472 kanonnen, 76.000 ton munysje, 165.000 ton brânstof en 423.000 ton itensfoarrieden.

Ferwûne Britske soldaten evakuëarre út 'e haven fan Dúntsjerk.

De skippen dy't de evakuaasje útfierden, stiene oanhâldend bleat oan torpedearrings troch Dútske U-boaten en bombardeminten troch fleantugen fan 'e Luftwaffe. (De Britske Royal Air Force wie mar beheind ynsetber troch de ôfstân fan 'e Ingelske kust en it feit dat de Britske generale stêf sunich wie om't de eigen fleantugen noch nedich wêze soene yn 'e driigjende Slach om Ingelân.) Seis Britske en trije Frânske torpedoboatjagers en njoggen oare grutte skippen waarden troch de Dútsers ta sinken brocht, wylst 19 torpedoboatjagers slimme averij oprûnen. Fan 'e Lytse Skipkes waarden mear as 200 ta sinken brocht, wylst nochris sa'n selde oantal slim skansearre rekke.

Hoewol't de Evakuaasje fan Dúntsjerk beslist net as in Alliëarde oerwinning sjoen wurde kin, wie it wol in Alliëard súkses. De evakuëarre soldaten ûntkamen oan Dútske kriichsfinzenskip om letter yn 'e oarloch op 'e nij tsjin 'e Dútsers ynset te wurden. Yn syn ferneamde We shall fight on the beaches-taspraak fan 4 juny omskreau Churchill de evakuaasje as in "wûnder fan ferlossing". Mar hy sei ek: "Wy moatte der hiel goed om tinke dat wy oan dizze ferlossing net de attributen fan in oerwinning taskriuwe. Oarloggen wurde net wûn troch middel fan evakuaasjes."

Fan 'e Dútske generaals beskôge Franz Guderian it falen om Dúntsjerk yn te nimmen foar't de evakuaasje plakfine koe, as ien fan 'e grutste oarlochsflaters oan it Westfront. Gerd von Rundstedt neamde it as "ien fan 'e grutte kearpunten fan 'e oarloch." En Erich von Manstein omskreau it as "ien fan Hitler syn meast kritike flaters." De Britske histoarikus B.H. Liddell Hart, dy't nei de oarloch in grut tal Dútske generaals ynterviewde, stalde dêrút Hitler syn ideeën gear oangeande de evakuaasje. Neffens him miende Hitler dat de Britske troepen, as se ienris it fêstelân ferlitten hiene, dêr nea wer weromkeare soene.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.