Kommandant
Appearance
In kommandant (fan it Frânske commandant) is de algemiene beneaming foar in ofsier dy't it befel fiert oer in militêre ienheid, in ienheid fan 'e plysje of in ienheid fan in oare unifoarmearre tsjinst. Ek kin in kommandant it befel fiere oer in ynstelling lykas in legerbasis, in militêre akademy, in plysjeskoalle of in militêr finzenekamp (bgl. in kriichsfinzenekamp of in konsintraasjekamp). 'Kommandant' is in funksje, net in rang. De kommandant fan in militêre basis kin dus bgl. de rang fan kolonel hawwe.
Yn Nederlân wurdt mei de oantsjutting 'kommandant' ek ferwiisd nei de befelhawwers fan 'e ferskate kriichsmachtûnderdielen. Sa binne der:
- de kommandant fan de Striidkrêften (befelhawwer fan 'e hiele Nederlânske Striidkrêften)
- de kommandant fan de Seestriidkrêften (befelhawwer fan 'e Keninklike Marine)
- de kommandant fan de Seemacht yn Nederlân (earder de befelhawwer fan 'e Keninklike Marine yn Jeropa)
- de kommandant fan de Nederlânske Marine yn it Karibysk Gebiet
- de kommandant fan it Korps Mariniers
- de kommandant fan de Lânstriidkrêften (befelhawwer fan 'e Keninklike Lânmacht)
- de kommandant fan de Loftstriidkrêften (befelhawwer fan 'e Keninklike Loftmacht)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |