Rolling Stone
Rolling Stone | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | muzyktydskrift, opinyblêd | |
frekwinsje | 1x yn 'e moanne | |
bestean | 1967 – no | |
oprjochter | Jann Wenner Ralph J. Gleason | |
plak haadred. | New York (New York) | |
útjouwer | Penske Media Corporation | |
oplaach | 700.622 (2018) | |
ISSN | 0035-791X | |
offisjele webside | ||
rollingstone.com |
Rolling Stone is in Amerikaansk tydskrift dat ienris yn 'e moanne útkomt en bestiet sûnt 1967. It waard oarspronklik oprjochte as in blêd dat him sterk identifisearre mei de hippy-subkultuer fan 'e 1960-er jierren. De ûnderwerpen dêr't it him op talei, hiene mei dêrom fral mei muzyk te krijen, en spesifyk mei rockmuzyk. Al rillegau waard it ek in opinyblêd dat, út deselde hippy-eftergrûn wei, publisearre oer polityk en maatskiplike ûnderwerpen. Yn 'e 1990-er jierren ferbrede it blêd syn eachweid om behalven muzyk de hiele popkultuer te beslaan, ynkl. de filmyndustry, tillefyzje en oare entertainment. Sûnt 2017-2019 is de Penske Media Corporation eigner fan Rolling Stone.
Titel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e earste edysje fan Rolling Stone lei oprjochter Jann Wenner de titel fan it blêd út as in ferwizing nei sawol it bluesliet út 'e 1950-er jierren Rollin’ Stone, fan Muddy Waters, as de rockhit Like a Rolling Stone, fan Bob Dylan. Yn beide gefallen giet dat werom op it Ingelske wurd rolling stone ("rôljende stien"), in term foar immen dy't nea stil sitte kin of dy't gjin fêst wenplak hat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rolling Stone waard yn 1967 yn San Francisco oprjochte troch útjouwer Yann Wenner en muzykkritikus Ralph J. Gleason. Om it blêd fan 'e grûn te krijen, liende Wenner $7.500 fan syn âlden en oansteande skoanâlden. De earste edysje, mei sjonger John Lennon op 'e omslach, kaam út op 9 novimber op krantepapier. Yn 't earstoan identifisearre Rolling Stone him mei de hippy-subkultuer, mar it blêd distansjearre himsels fan 'e radikale ûndergrûnske hippykranten út 'e 1960-er jierren, lykas de Berkeley Barb, en hold fan it begjin ôf oan tradisjonelere sjoernalistike wurkwizen oan.
Nei't Rolling Stone de earste jierren benammen oer muzyk, spesifyk rockmuzyk, publisearre hie, begûn it blêd him yn 'e 1970-er jierren ek ta te lizzen op politike ferslachjouwing, mei sjoernalist Hunter S. Thompson as grutte oanjager. Dyselde publisearre syn meast ferneamde wurk, Fear and Loathing in Las Vegas, alderearst yn Rolling Stone, en bleau oant syn ferstjerren yn 2005 in bydragend redakteur fan it tydskrift. Yn 1977 waard it haadkantoar fan Rolling Stone ferpleatst fan San Francisco nei New York, mei't San Francisco neffens Wenner "kultureel stagnearre" wie.
Geandewei de 1980-er jierren ferbrede Rolling Stone njonkelytsen syn oandacht foar entertainment om each te hawwen foar mear as allinnich muzyk, mar pas yn 'e 1990-er jierren waard der in formele feroaring fan format trochfierd, mei as doel om in nije generaasje lêzers oan it blêd te binen. Dêrby krigen oare ûnderdielen fan 'e popkultuer, lykas de filmyndustry, tillefyzje en nijere foarmen fan muzyk (rap, hiphop) tenei likefolle oandacht as (rock)muzyk. Oandacht foar polityk bleau der, en nei 2000 kaam dêr noch ferslachjouwing oer de finansjele sektor en bankêre saken by. Fan gefolgen woeks de oplaach oan ta goed 700.000 eksimplaren yn desimber 2018.
Yn septimber 2016 ferkocht Wenner Media, it bedriuw fan Yann Wenner dat de doetiidske eigner fan Rolling Stone wie, 49% fan it tydskrift oan BandLab, in Singapoereeske ynvestearringsfirma sûnder foargeande belutsenens by de útjouwersbrâns of de muzykyndustry. Yn septimber 2017 makke Wenner Media bekend dat ek de restearjende 51% fan Rolling Stone yn 'e ferkeap gie. Dy waard yn desimber fan dat jier opkocht troch de Penske Media Corporation, in grut Amerikaansk mediakonglomeraat. Dat naam op 31 jannewaris 2019 ek de 49% fan BandLab oer, sadat it hiele blêd wer yn ien hân kaam.
Webside
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rolling Stone hat in website (RollingStone.com), dêr't ferlykbere ynhâld publisearre wurdt as yn it papierren tydskrift. It is lykwols net in onlineferzje fan it papierren blêd. Yn maaie 2016 lansearre Rolling Stone in onlinepublikaasje dy't útslutend oer fideospultsjes en fideospultsjekultuer gie, mei as titel Glixel. Dy wie oarspronklik op RollingStone.com te finen, mar krige yn oktober 2016 syn eigen webside. Nei de oernamme fan Rolling Stone troch de Penske Media Corporation gie Glixel op yn Variety, in oar tydskrift fan deselde útjouwer.
Ynternasjonale edysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e folgjende lannen wurde of waarden eigen edysjes fan Rolling Stone publisearre:
- Argentynje (sûnt april 1988; sirkulearret ek yn Bolivia, Paraguay en Oerûguay)
- Austraalje (Rolling Stone Australia begûn yn 1969 as in katern fan Revolution en waard yn 1971 in selsstannich blêd, dat bestie oant it yn jannewaris 2018 opdoekt waard)
- Brazylje (sûnt oktober 2006)
- Bulgarije (fan novimber 2009 oant septimber 2011)
- Dútslân (sûnt 1994; sirkulearret ek yn Eastenryk en Dútsktalich Switserlân)
- Feriene Arabyske Emiraten (sûnt novimber 2010; publisearre yn Dûbai; sirkulearret ek yn 'e oare Arabyske Golfsteaten en oare dielen fan 'e Arabyske wrâld)
- Feriene Keninkryk (fan 1969 oant 1972 ûnder de titel Friends)
- Frankryk (fan 2002 oant 2007 en sûnt maaie 2008 by in oare útjouwer)
- Yndia (sûnt maart 2008)
- Yndoneezje (fan juny 2005 oant desimber 2017)
- Itaalje (fan 1980 oant 1982 en sûnt novimber 2003; fan 2019 ôf inkeld noch as online-tydskrift)
- Japan (sûnt maart 2007)
- Kolombia (sûnt 1991; sirkulearret ek yn Ekwador, Perû, Panama en Fenezuëla)
- Kroaasje (sûnt oktober 2013; sirkulearret ek yn Bosnje, Sloveenje, Servje, Montenegro en Noard-Masedoanje)
- Meksiko (sûnt 2002)
- Ruslân (sûnt 2004)
- Sily (fan maaie 2003 oant desimber 2005)
- Spanje (sûnt 1999)
- Súd-Afrika (sûnt novimber 2011)
- Turkije (sûnt juny 2006)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|