Katern

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Meardere katerns wurde ynbûn foar in boek

Yn syn algemiene betsjutting is in katern in samling fan in tal yninoar skode tearde blêden perkamint of papier dy’t de basisienheid foarmje by it binen fan in boek of in brosjuere. Yn de terminology fan de boekbinerij is in katern eat dat ûntstiet troch ién folium of piano-fel foar printwurk opienfolgjend in tal kearen te tearen neffens it saneamde ynslachskema. Faak wurdt it fel hieltyd oer de midden teard; it tal siden fan in katern is dan in macht fan 2. By de produksje fan in boek wurdt in tal fellen printe en dêrnei ta katerns teard. Dan wurde dy katerns yn in bynstrjitte sammele ta in boekblok, dêr’t in omslach omhinne lime wurdt. As it fel faker as ienkear teard is, komme de siden earst los faninoar as it boek snien wurdt. Foarhinne waarden ek wol boeken ferkocht dêr’t de siden noch net fan lossnien wiene.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurkjen mei katerns is ûntstien út it brûken fan perkamint. Perkamint waard makke út bistehûden en as it fel perkamint klear wie om te brûken waard it ién of mear kearen ploaid om it op it winske formaat te krijen. Dêr ûntstiene boekformaten út as it yn folio (2°) better bekend as de foliant, yn kwarto (4°), yn oktavo (8°), yn duodesimo (12°) ensafuorthinne. De nammen fan it formaat binne ôflaat fan it tal resultearjende folia yn it troch tearen foarme katern. Omdat de maksimale grutte fan it fel perkamint dat út in hûd makke wurde koe sawat fêstlei, stie it boekformaat dat troch it tearen ûntstie ek min ofte mear fêst. In foliant wie dus it grutste boekformaat, it yn kwarto formaat wie mar heal sa grut ensafuorthinne.

Se koene katerns ek gearstalle troch meardere bifolia yninoar te skowen en sa te sammeljen yn in katern. Op dy wize koene katerns ûntstean dy’t net troch it midstroch tearen fan perkamint of papier makke wurde koene lykas de kwinion (kwintinion) besteande út fiif bifolia of it trinion (ternion) mei trije bifolia. Yn de midsiuwen waard dy technyk brûkt foar it gearstallen fan katerns frij algemien brûkt en as it katern ûntstie troch tearen waard it hiel wol iepen snien foar it beskriuwen of beskilderjen mei miniatueren. It bifolium wie de ‘’wurkienheid’’ fan de skriuwer en de ylluminator.

It formaat joech ek in sekere status oan it boek mei. Sa wie it Houwelijck fan Jacob Cats yn 1647 te keap yn twa edysjes. De yn kwarto ferzje jilde fiif gûne wylst de duodesimo edysje mar ién gûne en fjouwer stuorren gou, mei oare wurden mar in fjirde fan de gruttere útjefte.[1]

Bifolium[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As in beprinte of beskreaun stik papier ienkear teard is, wurdt dat in bifolium of by fersin ek wol bifolio neamd. In bifolium telt twa folia of fjouwer siden. As de blêden yn in boek of manuskript net de side nûmere binne, dan wurdt praat oer folia. De twa siden fan in folium wurde oantsjut mei rekto en ferso.

Kwaternion[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kwaternion bestiet út fjouwer bifolia gearfoege ta ién katern. It kwaternion hat gjin streekrjocht ferbân mei it boekformaat yn kwarto, ek yn in foliant kinne de katerns út fjouwer bifolia bestean en dus kwaternions wêze en om in kwaternion te meitsjen troch tearen fan it blêd moat it net twa kear mar trije kear teard wurde. Yn hânskriften dy’t út perkamint makke binne wie it kwaternion it meast brûkte formaat om it boek gear te stallen, mar der waarden likegoed binions, trinions en kinions brûkt. It is fan de term quaternion of quatern dêr’t it wurd katern fan ôflaat is.[2] In kwaternion neame se ek wolris kwarto-yn-achten.

Krante[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term katern wurdt ek brûkt om in stik fan in krante of tydskrift mei oan te tsjutten. Ek dêr jildt dat ien beprinte fel papier meastentiids fjouwer siden telt. Inkeld is yn it katern in lytser stik papier ynfoege dat mar twa siden telt.

Boekformaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate boekformaten binne te werlieden ta it tearen fan in fel perkamint of papier ta in katern. Efterinoar oan:

  • Folio: Ienkear oer de midden teard, twa folia, fjouwer siden (bygelyks 50 x 32 sm)
  • Kwarto: Twa kear oer de midden teard, fjouwer folia, acht siden (sawat 32 x 25 sm).
  • Oktavo: Trije kear oer de midden teard, acht folia, sechstjin siden (sawat 25 x 16 sm).

Utgeande fan inselde fel papier wurdt it boekformaat hieltyd behindiger, wat ta gefolch hat dat it boek tsjokker en/of yn ferskate dielen splist wurde moat.

By âlde op papier printe boeken kinne jo út de loop fan de keatlinglinen en de wetterlinen[3] ôfliede hoe’t it katern teard waard. As de keatlinglinen rjochtop rinne giet it oer folio of oktavo, rinne se lizzend dan ha jo mei kwarto of duodesimo te krijen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. B. van Selm, ... te bekomen voor een Civielen prijs. De Nederlandse boekprijs in de zeventiende eeuw als onbekende grootheid, 2001 dbnl. s.98
  2. INL Geïntegreerde Taalbank.
  3. De linen dy’t ûntsteane yn it blêd papier troch de triedden wêrmei’t de seef dêr’t it papier op skept wurdt gearstald is. Jo kinne dy linen sjen as jo it papier tsjin it ljocht hâlde. De keatlinglinen rinne deselde kant út mei de lange side fan it fel, de wetterlinen heaks op de keatlinglinen en hiel ticht byinoar.