Springe nei ynhâld

Ynslachskema

Ut Wikipedy

In ynslachskema wurdt troch printers en boekbiners brûkt om printe fellen papier troch tearen en snijen ta krante-, boeke- of tydskriftkaterns te foarmjen.

In printer of boekbiner bynt de ferskillende beprinte siden sadanich oaninoar dat it printfel pianofel, nei twa, trije of fjouwer kear tearen en ôfsnijen de siden fan it boek, de krante of it tydskrift yn de goede folchoarder (1, 2, 3, ensfh.) set. Nei it tearen stiet side 2 dus op de efterkant fan side 1, en side 3 hielendal oan de oare kant fan it fel. Side 5 stiet op it pianofel wer yn in oare hoeke, mar op ‘e kop.

De measte printers nimme dat wurk de DTP-er út hannen hoewol’t programma’s as QuarkXPress en Indesign dêr wol mooglikheden foar hawwe. De mooglikheden om saken op ynslachskema te setten yn tekstbewurkingsprograms lykas Word binne tige beheind.