Arabyske wrâld

Ut Wikipedy
De Arabyske wrâld (grien), hjir werjûn ynkl. Somaalje en Dzjibûty.

De Arabyske wrâld (Arabysk: العالم العربي‎ al-‘Ālam al-‘Arabī), ek bekend as de Arabosfear, is it gebiet bewenne troch etnyske Arabieren, dat grutte dielen fan it Midden-Easten en Noard-Afrika omfiemet. De regio rikt fan 'e Atlantyske Oseaan yn it westen oant de Perzyske Golf en de Arabyske See yn it easten. Yn noarden wurdt it fierhinne ôffrede troch de Middellânske See, en yn it suden troch de Sahara en de Golf fan Aden. De Arabyske wrâld is net itselde as Araabje, dêr't ornaris it Arabysk Skiereilân mei oantsjut wurdt. It Arabysk Skiereilân foarmet it easten fan 'e Arabyske wrâld, en is it gebiet dêr't de Arabieren oarspronklik wei komme, foar't se harren yn 'e twadde helte fan it earste milennium oer oare dielen fan it Midden Easten en nei Noard-Afrika ferspraten mei de fêstiging fan it Islamityske Ryk. It westen fan 'e Arabyske wrâld wurdt oantsjut as de Magreb, in Arabysk wurd dat ienfâldichwei "westen" betsjut.

Hoewol't de Arabyske wrâld hiel Noard-Afrika beslacht, omfiemet it net it hiele Midden-Easten. Israel, Iraan en Turkije, wichtige lannen dy't geografysk yn it Midden-Easten lizze, meitsje dúdlik gjin diel út fan 'e Arabyske wrâld yn ingere sin. As sadanich kin it begryp 'Arabyske wrâld' opfet wurde as it grûngebiet fan 'e folgjende lannen en territoaria: Algerije, Bachrein, Egypte, de Feriene Arabyske Emiraten, Irak, Jemen, Jordaanje, Katar, Koeweit, Libanon, Lybje, Marokko, Mauretaanje, Omaan, Palestina, Saûdy-Araabje, Syrje, Sûdaan, Tuneezje en de Westlike Sahara. It mienskiplike ynwennertal fan dy lannen bedraacht mear as 400 miljoen minsken. Dêrûnder binne net inkeld Arabieren mar ek leden fan oare etnyske groepen, lykas Arameeërs, Armenen, Assyrjers, Berbers, Joaden, Koerden, Kopten, Mandeeërs, Núbjers, Perzen, Roma en Turken.

De Arabyske Liga, in polityk-definsyf bûnsgenoatskip fan 'e Arabyske steaten, omfiemet de Westlike Sahara net, mar Dzjibûty, Somaalje en de Komoaren wol. Djibûty en Somaalje lizze yn 'e Hoarn fan Afrika en de Komoaren binne in arsjipel yn 'e Yndyske Oseaan. De grutte mearderheid fan 'e befolking fan dy lannen bestiet net út etnyske Arabieren, mar der binne wol etnysk Arabysk minderheden (Djibûty en Somaalje) of in histoaryske Arabyske kulturele ynfloed (de Komoaren). Itselde kin sein wurde foar (dielen fan) Eritreä, Iraan, Israel, Maly, Niger, Súd-Sûdaan, Tsjaad en Turkije, sadat ek dy lannen of dielen derfan yn bredere sin ta de Arabyske wrâld rekkene wurde kinne.

De Arabyske wrâld ûnderskiedt him troch it gebrûk fan it Arabysk as offisjele taal of as lingua franca, en troch de dominante posysje dy't de islaam der as godstsjinst ynnimt. Histoarysk wie de Arabyske wrâld synonym mei ferskate riken, lykas dat fan 'e Omajaden en dat fan 'e Abbasiden. Fan 'e Midsiuwen ôf waard de Arabyske wrâld fierhinne oerhearske troch it Osmaanske Ryk, in steat dy't dominearre waard troch etnyske Turken. Yn 'e njoggentjinde iuw ûntstie der foar it earst in etnysk Arabysk nasjonalisme, dat opkaam yn deselde tiid as oare foarmen fan nasjonalisme mank de multy-etnyske befolking fan it Osmaanske Ryk. Yn 1945 waard de Arabyske Liga oprjochte om 'e belangen fan 'e Arabieren te ferdigenjen en ek om 'e politike ienwurding fan alle Arabyske lannen nei te stribjen. Dy lêste politike streaming hjit it panarabisme, mar it hat bliken dien, û.m. troch it mislearre projekt fan 'e Feriene Arabyske Republyk (dêr't Egypte en Syrje fan 1958 oant 1971 yn opgiene), dat soks yn 'e praktyk net mooglik is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further Reading, op dizze side.