Springe nei ynhâld

Popkultuer

Ut Wikipedy

Popkultuer (in ôfkoarting fan 'populêre kultuer') is in yn 'e 1960-er jierren yn 'e Westerske wrâld ûntstiene subkultuer, dy't him oankante tsjin 'e oerlevere noarmen en wearden en dy't dêroan utering joech troch ôfwikende klean en hierdracht. Dêrby foarme de popmuzyk in wichtich medium om gefoelens en ideeën út te dragen. Tsjintwurdich wurdt de popkultuer ornaris beskôge as de kombinaasje fan dy spesifike aktiviteiten, ideeën, kennis en doelen dy't yn in beskate maatskippij op in beskaat stuit dominant binne.

Yn 'e Westerske wrâld wurdt de popkultuer sterk beynfloede troch net allinnich popmuzyk, mar ek films, tillefyzje, fideospultsjes, strips, populêre literatuer, sport, moade, technologyske ûnwikkelings en fral ek it ynternet en de sosjale media. De popkultuer kringt troch yn alle hoeken en hernen fan it deistich libben fan 'e leden fan in maatskippij, ynsafier't dy harren der net aktyf fan ôfslute. Sadwaande kin popkultuer de opfettings fan yndividuën beynfloedzje. Popkultuer wurdt almeast beskôge as it tsjinstelde fan oare foarmen fan kultuer, lykas folkskultuer, arbeiderskultuer of hege kultuer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.