Akademy foar Popkultuer
De Akademy foar Popkultuer is in ûnderdiel fan de 'School of Performing Arts' fan de Hânzehegeskoalle Grins en sit yn Ljouwert. Hjoeddeisk direkteur is Dorothea Van der Meulen. De akademy makket diel út fan it regionale netwurk foar popmuzyk Fries Popnet, dêr't ek de Fryske poppoadia by oansluten binne.
Opliedingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De akademy hie oant 2015 twa opliedings; ien rjochte op byldzjende foarmjouwing en ien op muzyk, sûnt 2015 binne dy twa opliedingen gearfoege ta Bachelor Popular Culture. Dy nije oplieding is de earste fan de wrâld. De stúdzje omfettet konfrontaasjes mei meardere keunstdissiplines lykas muzyk, foarmjouwing, teätrale wurkfoarmen en literatuer.
De earste lichting studinten studearre simmer 2007 ôf. Earste studint Muzyk wie dêrby de elektropopartyst Krause.
Oare bands dy't fan de Akademy komme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Adept
- Bonne Aparte
- Cesqeaux
- d'Ici
- Dat Schilt
- Elske DeWall
- Exitlight Empire
- Geschikte Gasten
- Kraantje Pappie
- Kim Janssen
- Marije Kuiper
- Pioneers of Love
- Plunder
- Thomas Azier
Cd's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De akademy jout yn eigen behear ek cd's út om in byld te jaan fan de ûntwikkeling fan de kultuer en as stipe oan begjinnende artysten. De neikommende cd's binne útbrocht: Urban Heroes, Get Loaded Vol.1, Get Loaded Vol.2, Get Loaded Vol. 3 en resint ek diel 4. Diel 3 en 4 binne beide op it Eurosonic Noorderslag festival lansearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|