Slach by Rorke's Drift

Ut Wikipedy
Slach by Rorke's Drift
(ûnderdiel fan 'e Sûlû-Oarloch)

The Defence of Rorke's Drift, in skilderij fan
Alphonse de Neuville, út 1880.
datum: 2223 jannewaris 1879
plak: missypost Rorke's Drift yn 'e Britske koloanje Natal, 28°21′29″S 30°32′12″E (no yn Súd-Afrika)
útkomst: Britske troepen holden stân
konfliktpartijen
Feriene Keninkryk Sûlû-Keninkryk
befelhawwers
lt. John Chard
lt. Gonville Bromhead
prins Dabulamanzi

sterkte
139 Britske militêren
  11 koloniale soldaten
    4 boargers

100 man kol. kav. (koart by striid belutsen)
3.000-4.000





ferliezen
17 deaden
15 ferwûnen
351 deaden (offisjeel)
600-700 deaden (wiersk.)
kaart
Slach by Rorke's Drift (Súd-Afrika)
Slach by Rorke's Drift
Lokaasje fan 'e Slach by Rorke's Drift yn
it hjoeddeistige Súd-Afrika.

De Slach by Rorke's Drift wie in slach yn it ramt fan 'e Sûlû-Oarloch (jannewaris oant july 1879), wêryn't it Britske Ryk it Keninkryk fan 'e Sûlû's ferovere en anneksearre. It treffen waard útfochten op 22 en 23 jannewaris 1879, fuort nei't de Britten in swiere nederlaach lit hiene yn 'e Slach by Isandlwana. It striidtoaniel wie de missypost Rorke's Drift, oan 'e Buffelrivier, dy't doedestiden de grins foarme fan 'e Britske koloanje Natal mei Sûlûlân. Tsjintwurdich leit dat plak yn 'e Súdafrikaanske provinsje kwaZulu-Natal.

Yn 'e missypost hiene har ûnder befel fan 'e luitenants John Chard en Gonville Bromhead 154 Britten ferskânze, dy't twa dagen lang belegere waarden troch in leger fan 3.000 oant 4.000 Sûlû-krigers ûnder lieding fan prins Dabulamanzi kaMpande. Mei massive stoarmoanfallen rûnen de Sûlû's it lytse garnizoen op in hier nei ûnder de foet, mar de slach einige ear't dat barre koe. Oan 'e ferdigeners waarden neitiid alve Fiktoariakrusen útrikt, de heechste Britske militêre ûnderskieding.

Kontekst: de Sûlû-Oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sûlû-Oarloch wie in koloniale oarloch fan it Britske Ryk, dy't syn oarsprong fûn yn it skeel oer it ferrin fan 'e grins tusken it Keninkryk fan 'e Sûlû's (koartwei 'Sûlûlân' neamd) en de Transvaal, in krite dy't bewenne waard troch de blanke 'Boeren', etnyske Afrikaners. De Boeren hiene yn 'e Transvaal in ûnôfhinklike Súdafrikaanske Republyk fêstige, mar dy waard yn 1877 anneksearre troch de Britten, sadat dy by it grinsskeel belutsen rekken. (Yn 'e Earste Boere-oarloch fan 1880-1881 soe de Súdafrikaanske Republyk syn ûnôfhinklikheid weromwinne.)

Njonken it neamde grinsskeel spilen ek ferskate ekspedysjes in rol, fan groepkes Sûlû-krigers op it grûngebiet fan 'e Britske koloanje Natal (besuden de Transvaal), om Sûlû-froulju werom te heljen (en neitiid terjocht te stellen) dy't by harren man weirûn wiene. Mar it wichtichste wie dat sir Henry Bartle Frere, de hege kommissaris fan Natal, in Súdafrikaanske federaasje ûnder Britske oerhearskippij foarstie, dêr't in ûnôfhinklik Sûlûlân net yn paste. Op eigen manneboet stjoerde Frere yn desimber 1878 in ultimatum oan Cetshwayo kaMpande, de kening fan 'e Sûlû's, wêryn't er trettjin easken stelde wêrfan't yn 't foar dúdlik wie dat se foar de Sûlû's ûnakseptabel wêze soene, lykas it ûntbinen fan it Sûlû-leger en it tafersjoch fan in Britsk residint op alle beslissings fan it Sûlû-regear.

Frere bedreach de boel troch mei opsetsin gebrûk te meitsjen fan 'e lange ôfstân tusken Natal en Londen (brieven wiene mear as in moanne ûnderweis) om it Britske regear ûnkundich te litten fan syn bedoelings, sadat er syn eigen gong gean koe. Cetshwayo, oan 'e oare kant, hie goed foar it ferstân dat er it op 'en lange doer net fan 'e Britten winne koe, en dêrom besocht er út alle macht oarloch mei harren foar te kommen. Oan 'e easken fan Frere syn ultimatum koed er lykwols net tajaan, mar om't eltse ôfwizing it spul noch minder makke hawwe soe, besleat er om der hielendal net op te reägearjen. Foar it gefal dat de Sûlû's dochs mei de Britten yn oarloch reitsje soene, oardere er syn legeroersten en troepen om útslutend harren eigen lân te ferdigenjen en har net op Britske gerjochtichheid te bejaan. Teffens befoel er harren om inkeld de read-unifoarmearre Britske militêren te deadzjen en gjin oare blanken.

Al foar it ôfrinnen fan it ultimatum, op 10 jannewaris 1879, hie Frere de Britske troepen yn Natal mobilisearre en nei de grins mei Sûlûlân ta stjoerd, wêrmei't er syn bedoelings ferrette. Sadwaande koene dy troepen, ûnder befel fan luitenant-generaal Frederick Augustus Thesiger, 2e baron Chelsmford, op 11 jannewaris fuortendaliks de grins oergean om Sûlûlân te feroverjen.

Op dat stuit wist it Britske regear yn Londen noch fan neat, mei't Frere inkeld skreaun hie dat er fan doel wie om Cetshwayo in ultimatum te stellen. Dat brief wie skreaun op 14 oktober en teplak kommen op 16 novimber; hie sir Michael Hicks Beach, de minister fan Koloanjes, begrepen wat der spile, dan hied er Frere noch tsjinhâlde kinnen as er fuortendaliks in brief weromstjoerd hie. Mar dat died er net, want hy hie der alhiel gjin aan fan wat Frere yn 't sin hie. Sadwaande skreau er yn jannewaris yn in brief dat Frere ta it uterste gean moast om oarloch foar te kommen. Tsjin 'e tiid dat dat brief Frere berikte, yn febrewaris, wie it al fierstente let. Op 22 jannewaris hie Chelmsford nammentlik yn 'e Slach by Isandlwana in ferpletterjende nederlaach lit tsjin 'e Sûlû's. Iroanysk genôch waard dy oerwinning de deastek foar it Sûlû-keninkryk, want troch de dea 1.300 Britten stie doe de eare fan it Britske Ryk op it spul en bestie der gjin inkele kâns mear dat it konflikt troch ûnderhannelings oplost wurde koe.

It striidtoaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rorke's Drift, dat yn it Sûlû bekendstie as kwaJimu ("it lân fan Jim"), wie in missypost besteande út in stikmannich gebouwen, dy't oarspronklik boud wiene as de hannelspost fan James Rorke, in Iersk keapman. It kompleks wie oanlein yn 'e neite fan in drift, in furde, yn 'e Buffelrivier (Sûlû: Mzinyathi). De rivier foarme doedestiden de grins fan 'e Britske koloanje Natal mei it ûnôfhinklike Sûlûlân, en de missypost stie op 'e westlike igge, yn Natal. Oare kant de rivier, yn Sûlûlân, lei de Oscarberg (Sûlû: Shiyane), in mânske heuvel dy't op 'e missypost delseach.

Foarspul[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 jannewaris 1879 arrivearre de middelste kolonne (No. 1 Column) fan 'e Britske ynvaazjemacht by Rorke's Drift, ûnder befel fan Lord Chelmsford sels, en sloech dêr syn kamp op. Yn 'e gebouwen fan 'e missypost fêstigen de troepen in it befoarriedingsstasjon en in fjildhospitaal. Op 11 jannewaris, de deis dat it ultimatum fan Frere ôfrûn, stieken Chelmsford en syn troepen de furde oer en sloegen in nij kamp op oan 'e Sûlû-kant fan 'e rivier. In lyts detasjemint, besteande út B Kompanjy fan it 2e Bataljon fan it Britske 24e Rezjimint Fuotfolk (ek bekend as it 2e Warwickshire Rezjimint), krige de opdracht om it befoarriedingsstasjon en fjildhospitaal te bewekjen. Dy kompanjy stie ûnder befel fan luitenant Gonville Bromhead. It befel oer de hiele operaasje te Rorke's Drift, ynkl. befoarrieding, fjildhospitaal en sjenytroepen, waard taskikt oan majoar Henry Spalding fan it Britske 104e Rezjimint Fuotfolk, dy't ta de stêf fan Chelmsford hearde.

Op 20 jannewaris, nei militêre ferkenning fan 'e omlizzende krite en oare tariedings, sette de kolonne fan Lord Chelmsford ôf djipper Sûlûlân yn, syn needlot by Isandlwana temjitte (dat 9,7 km fierder eastlik leit). Doe krige in detasjemint fan 100 oant 350 manskippen fan it 2e Bataljon fan it 3e Rezjimint fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint it befel om efter te bliuwen en de bewekking fan Rorke's Drift te fersterkjen. It befel oer dat detasjemint wie yn 'e hannen fan kaptein William Stevenson. It Nataleesk Lânseigen Kontingint (Natal Native Contingent, NNC) wie in legerkorps dat bestie út swarte ynlânske troepen út 'e koloanje Natal, dy't ûnder befel stiene fan blanke ofsieren en ûnderofsieren. Fierders waarden oarders stjoerd nei kaptein Thomas Rainforth om sadree't syn eigen ôflossing arrivearre mei syn G Kompanjy, 1e Bataljon, 24e Rezjimint Fuotfolk op te tsjen út Helpmekaar, 16 km nei it súdeasten, dêr't er legere wie, om him ek by de ferdigeners fan Rorke's Drift te jaan.

Tsjin 'e jûn fan 20 jannewaris arrivearre in diel fan in oare Britske kolonne (No. 2 Column) ûnder kolonel Anthony Durnford te Rorke's Drift. Ek dy sloegen harren kamp op oan 'e Sûlû-kant fan 'e rivier, brochten dêr de nacht troch en bleaune dêr ek de folgjende deis noch, oant let op 'e jûn it befel kaam om op te tsjen nei Isandlwana. Itselde befel gou ek foar in lyts detasjemint fan 'e Royal Engineers (de Britske sjenytroepen), dat ûnder lieding fan luitenant John Chard op 19 jannewaris by de missypost oankommen wie om 'e pontonbrêge te reparearjen dy't oer de Buffelrivier oanlein wie om 'e bagaazjetrein fan it Britske leger fan 'e iene kant nei de oare te helpen. Chard ried op 'e moarn fan 22 jannewaris foar syn mannen út om fertsjutsking fan syn oarders te krijen, mar waard mei inkeld syn eigen wein en weinmenner weromstjoerd nei Rorke's Drift om dêr tariedings te meitsjen foar de oankomst fan 'e ferwachte Britske fersterkings út Natal. Op 'e weromreis kaam er de troepen fan Durnford tsjin dy't yn 'e tsjinstelde rjochting opmarsjearren.

Omtrint de middeisoere op 22 jannewaris ferliet majoar Spalding Rorke's Drift om nei Helpmekaar te riden mei de bedoeling om út te finen wat dêr geande wie. Rainforth syn G Kompanjy wie nammentlik noch altyd net opdaagjen kommen. Om't Chard trije jier earder de rang fan luitenant berikt hie as Bromhead, krige hy doe tydlik it befel oer Rorke's Drift. Net folle letter berikten twa oerlibbenen fan 'e Britske nederlaach yn 'e Slach by Isandlwana de missypost. Dat wiene luitenant Gert Adendorff fan it 1e Bataljon, 3e Rezjimint NNC en in soldaat fan 'e Nataleeske Karabiniers, in oar ynlânsk legerkorps út Natal. Hja brochten it nijs fan 'e nederlaach en fertelden ek dat in diel fan it Sûlû-leger no ûnderweis wie nei Rorke's Drift.

Dêrop folge koartseftich oerlis tusken Chard, Bromhead en in oare Britske ofsier, waarnimmend assistint-kommissaris James Dalton fan it Kommissariaat en Transportdepartemint fan it Britske Leger. De fraach wie oft it better wie om Rorke's Drift te fersterkjen en it op in belis oankomme te litten, of op te pakken en tebek te wiken nei Helpmekaar. Dalton oppenearre dat in lytse kolonne dy't stadich troch iepen lân teach mei weinen fol pasjinten út it fjildhospitaal in maklike proai wêze soe foar de nûmerike oermacht fan 'e Sûlû's. Dêr waard net folle tsjin ynbrocht, dat de mannen wiene it al rillegau iens dat stânhâlden en hoopjen op ûntset de iennichste ferstannige kar wie.

De Britten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't se ienris besletten hiene om te Rorke's Drift te bliuwen, setten Chard en Bromhead harren manskippen yn om 'e missypost te fersterkjen. Der wiene op dat stuit sa'n 400 man, dat it wurk gie flot. Der waard in trochrinnende barrikade om 'e missypost hinne boud fan sekken stynske weet, wêrfan't mear as genôch foarhâns wiene. Dy barrikade waard ferankere troch it pakhûs, it gebou dat as fjildhospitaal tsjinne en in stevige stiennene kraal. Ek de gebouwen sels waarden fortifisearre. Sa waarden der sjitgatten yn 'e (houten) bûtenwanden slein en waarden de bûtendoarren oan 'e ferkearde kanten fan 'e gebouwen barrikadearre mei meubilêr.

John Chard fierde by Rorke's Drift it befel oer de Britten. Op dizze foto is er op lettere leeftyd te sjen, doe't er de rang fan luitenant-kolonel berikt hie.

Omtrint 15.30 oere middeis arrivearre in groep fan sa'n 100 koloniale negroïde helptroepen fan it Britske Leger te Rorke's Drift, dy't ûnder lieding fan 'e blanke luitenant Alfred Henderson yn goede oarder tebekwykt wiene fan Isandlwana. It wiene militêren fan it Nataleesk Lânseigen Hynstefolk (Natal Native Horse, NNH), de kavalery fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint. Henderson bea oan om him mei syn mannen oan 'e fierste kant fan 'e Oscarberg op 'e útkyk op te stellen, mei't de Sûlû's dêrwei komme moasten.

Op dat stuit seach it der net gekke raar út foar Chard, dy't doe net inkeld Bromhead syn B Kompanjy ta syn foldwaan hie, mar ek Stevenson syn grutte NNC-kompanjy, Henderson syn NNH-troep en ferskate oaren. Dêrûnder wiene benammen pasjinten (sawol siken as ferwûnen) fan ferskate Britske en koloniale ienheden, mar der wiene mar inkelingen mei wa't it sa slim steld wie dat se hielendal net oan 'e ferdigening dielnimme kinne soene. Luitenant Adendorff, in Afrikaner, bleau ek te Rorke's Drift, wylst de ynlânske soldaat dy't mei him fan Isandlwana kommen wie, trochriden wie nei Helpmekaar, om it garnizoen dêr op 'e hichte te bringen fan 'e stân fan saken. Al mei al wie it garnizoen fan Rorke's Drift sterkernôch, nei Chard syn miening, om 'e Sûlû's fan har ôf te slaan. Hy postearre de Britske soldaten by de barrikade lâns, en om 'e gatten op te foljgen foege er guon fan 'e pasjinten ta dy't der wat better oan ta wiene, en fierders de inkele boargers yn 'e missypost en dyjingen fan 'e NNC-troepen dy't oer fjoerwapens beskikten. De rest fan NNC-troepen, dy't inkeld bewapene wiene mei spearen, stelde er op yn 'e kraal.

De Sûlû's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De impi ("leger") fan 'e Sûlû's dy't op Rorke's Drift ta kaam, wie lykwols tsien kear sa grut as it garnizoen. Dy legermacht bestie út 'e uDloko-, uThulwana- en inDlondo-amabutho ("rezjiminten") fan troude manlju fan yn 'e tritich en fjirtich, en út 'e inDluyengwe-ibutho ("rezjimint") fan jonge net-troude manlju. Yn totaal wiene der sa'n 3.000 oant 4.000 krigers, dy't net ien fan allegear yn 'e Slach by Isandlwana fochten hiene. Dizze impi wie nammentlik de reserve fan 'e troepemacht dy't by Isandlwana de Britten ferslein hie.

Prins Dabulamanzi kaMpande fierde by Rorke's Drift it befel oer de Sûlû's.

De impi hie in omtrekkende beweging om 'e lofterflank fan 'e Britten hinne makke en wie westlik en súdlik by de heuvel Isandlwana lâns gien om 'e weromtocht fan 'e Britske troepen en alle kommunikaasje mei it efterlân ôf te snijen. Tsjin 'e tiid dat de impi by Rorke's Drift arrivearre, om 16.30 oere middeis hinne, hiene de krigers likernôch 32 km ôflein fan harren kampemint ôf, dat se moarns om 8.00 oere ferlitten hiene. Hja giene sûnder rêst yn 'e oanfal, dy't se mei in pear tuskenskoften de folgjende alve en in heal oere oanhâlde soene.

De meast Sûlû-krigers wiene bewapene mei in assegaai, in koart soarte spear, en in skyld dat makke wie fan behurde kowehûd spand oer in houten ramt. De krigers wiene tige goed oefene yn it gebrûk fan dy wapens yn koördinearre oanfallen en yn man-tsjin-mangefjochten. Guon Sûlû's hiene âlde musketten of oarsoartige antike fjoerwapens, wylst in stikmannich fan harren moderne Martini-Henry-gewearen fan flechtsjende Britske soldaten ôfnommen hiene. Oer it algemien wie de hâlding fan Sûlû-krigers foar fjoerwapens oer lykwols ôfwizend, mei't se de leffert by steat stelden om 'e dappere te deadzjen sûnder in wier gefjocht oan te gean. Yn it gebrûk fan fjoerwapens wiene de Sûlû's net oefene en in protte munysje hiene se ek net. Dochs kamen fiif fan 'e santjin deaden oan Britske kant by Rorke's Drift troch gewearfjoer fan 'e fijân.

By Isandlwana hie de impi ûnder befel stien fan inkhosi ("legeroerste") kaMapitha, mar doe't dy ûnderweis nei Rorke's Drift ferwûne rekke yn in gefjocht mei Britske soldaten dy't it slachfjild fan Isandlwana ûntflechten, gie it befel oer nei prins Dabulamanzi kaMpande, in healbroer fan kening Cetshwayo. Dabulamanzi hie in reputaasje fan drystmoedigens en agresje en dat bliek wier te wêzen. Want doe't er syn mannen de Buffelrivier oer late om Rorke's Drift oan te fallen, lape er dêrmei it befel fan 'e kening oan syn lears om yn gjin gefal de grins oer te gean. Wylst de haadmacht fan 'e impi de striid oangie mei de ferdigeners fan 'e missypost, waaieren lytsere kontinginten Sûlû-krigers oer de krite dêromhinne út om Afrikaanske doarpen en pleatsen fan blanke kolonisten oan te fallen. Lykwols gie it dúdlik om in oerfal sûnder planning ynstee fan om in organisearre ynvaazje.

De slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oankomst fan 'e Sûlû's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 16.00 oere hinne op 22 jannewaris 1879 kamen legerdokter James Henry Reynolds, legerpredikant George Smith en Otto Witt, de Sweedske sindeling dy't de missypost dreau, werom fan 'e Oscarberg mei it nijs dat in grutte kliber Sûlû's de rivier oare kant de heuvel oan it oerstekken wie, en dat se mei fiif minuten by de missypost wêze soene. It wie op dat stuit dat Witt ôfskie naam en fuortried. Hy wie in grut foarstanner fan 'e Britske ferovering fan Sûlûlân, en hie Rorke's Drift aktyf oanbean as basis foar de Britske troepen. Hy hie der ek gjin morele beswieren tsjin om mei te fjochtsjen, mar hy hie in frou en in pear jonge bern, dy't foarôfgeande oan 'e Britske ynvaazje fan Sûlûlân evakuëarre wiene nei in plak op 30 km ôfstân. Witt siet yn noed om wat er fan syn húshâlding wurde soe as hy as kostwinner fuortfoel. Dêrby moat oantekene wurde dat hy as boarger ek gjin inkele ferplichting hie om mei te fjochtsjen. Witt syn ynlânske tsjinstfeint Umkwelnantaba gie mei him, en teffens ien fan 'e 'bettere' pasjinten fan it fjildhospitaal, luitenant Thomas Purvis fan it 1e Bataljon, 3e Rezjimint NNC.

In moderne tekening fan 'e missypost Rorke's Drift, út it boek The History of the Corps of Royal Engineers.

Omtrint 16.20 oere begûn de slach, doe't de NNH-troep fan luitenant Henderson oare kant de Oscarberg in koarte skermutseling mei de foarhoede fan 'e Sûlû-impi útfocht. It hie de bedoeling fan Chard west dat Henderson en syn mannen harren dêrnei op Rorke's Drift weromlûke soene, mar de NNH-soldaten, dy't wurch wiene fan har oandiel yn 'e Slach by Isandlwana en de weromtocht nei Rorke's Drift, en boppedat ek noch frijwol troch har munysje hinne wiene, rieden de missypost foarby en giene op Helpmekaar oan. Henderson stoppe koart by Rorke's Drift om ferslach út te bringen oan Chard oer de opmars fan 'e Sûlû's. Dêr heakke er oan ta dat syn mannen syn oarders net mear opfolgje woene, en dat se har weromloeken út 'e striid. Hy folge dêrop syn mannen. Doe't se de weromtocht fan 'e NNH-troep seagen, lieten de swarte NNC-soldaten fan kaptein Stevenson harren post yn 'e kraal yn 'e steek en naaiden út, sadat de sterkte fan it garnizoen fan Rorke's Drift bot belune. Skandalisearre dat Stevenson sels en guon fan syn blanke ûnderofsieren ek de útnaaiden, jagen guon Britske soldaten in pear kûgels efter harren oan, dêr't se korporaal William Anderson mei deaden.

Wylst de Sûlû's suver by Rorke's Drift oankommen wiene, bestie it garnizoen fan 'e missypost no út 139 Britske militêren, 11 (swarte) koloniale soldaten en 4 boargers, yn totaal 154 man. Dêrfan koe inkeld B Kompanjy, fan luitenant Bromhead, oantsjut wurde as in gearhingjende ienheid. Fan 'e militêren bestiene 39 út pasjinten fan it fjildhospitaal. No't er folle minder manskippen hie, besefte Chard dat er syn ferdigening reorganisearje moast. Dêrta joech er befel om kisten mei hurde skipsbeskút út it pakhûs te heljen en dêrmei in barrikade te bouwen dy't heaks op 'e al fan sekken stynske weet oanleine barrikade stie. Sa waard de missypost yn twaen spjalte, wat it opjaan fan it fjildhospitaal mooglik makke as dat nedich wêze soe.

Earste oanfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 16.30 oere rapportearre soldaat Frederick Hitch, dy't as útkyk op it dak fan it pakhûs postearre wie, dat in grutte kloft Sûlû's om 'e Oscarberg hinne kaam, op 'e súdkant fan Rorke's Drift ôf. De foarhoede fan 'e impi, besteande út 600 man fan 'e inDluyengwe-ibutho, fierde daliks in oanfal út op 'e súdlike barrikade, dy't it fjildhospitaal mei it pakhûs ferbûn. De Britten iepenen it fjoer doe't de krigers oant op likernôch 450 m ôfstân kommen wiene. De mearderheid fan 'e Sûlû's swong om 'e missypost hinne om fan it noarden út oan te fallen, wylst in stikmannich dekking sochten en òf op dat plak fêstset waarden troch oanhâldend Britsk gewearfjoer, òf har stadichoan weromloeken nei de foet fan 'e Oscarberg. Dêrwei iepenen de krigers dy't tarist wiene mei fjoerwapens doe sels it fjoer op 'e Britske posysjes. Underwilens berikte in twadde weach krigers it slachfjild en foel it fjildhospitaal en de noardwestlike side fan Rorke's Drift oan.

De Britske militêren dy't by de barrikades fan sekken stynske weet lâns opsteld stiene, Dalton en Bromhead ynbegrepen, rekken al rillegau behelle yn ferbiten man-tsjin-mangefjochten. De barrikade wie te heech foar de Sûlû's om te beklimmen, dat wat se diene wie beskûl sykje oan 'e foet fan 'e barrikade en besykje om 'e lopen fan 'e Martini-Henry-gewearen fan 'e Britten mei ien hân fêst te gripen, wylst se mei de assegaai yn 'e oare hân besochten om 'e militêren dea te stekken. Op guon plakken makken se in opstapke fan 'e liken fan oare krigers om oer de barrikade te kladderjen, mar de Britten dreaune harren werom ear't se dêr in brêgehaad fêstigje koene. Underwilens hold it gewearfjoer fan 'e krigers oan 'e foet fan 'e Oscarberg oan, dêr't benammen yn dit stadium fan 'e striid ferskate Britske soldaten troch omkamen.

In histoaryske foto fan in kloft Sûlû-krigers, datearjend fan likernôch deselde tiid as de Slach by Rorke's Drift.

Ferdigening fan it fjildhospitaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chard besefte dat de noardlike ein fan 'e barrikade mei it fjildhospitaal, dat oan ien wei troch ûnder oanfal fan 'e Sûlû's stie, net te behâlden wie. Om 18.00 oere joech er de twa foarste keamers fan it hospitaal op. Ek de rest fan it gebou begûn ûnhâldber te wurden mei't de sjitgatten in risikofaktor wurden wiene: as de Britten harren gewearen dertroch nei bûten stieken, waard de loop daliks fêstpakt troch de Sûlû's, dy't besochten it hiele wapen nei bûten te skuorren, mar as de gatten leech litten waarden, stieken de Sûlû's harren eigen wapens dertroch om nei binnen ta te fjurjen.

Under de ferdigeners dy't it fjildhospitaal mei it gewear en de bajonet besochten te behâlden, wiene korporaal William Allen en de soldaten John Williams, Joseph Williams, Henry Hook, William Jones en Robert Jones. Joseph Williams ferdigene in lyts finster, dêr't nei de slach 14 deade Sûlû-krigers ûnder oantroffen waarden. Doe't it dúdlik waard dat de Sûlû's it foarste diel fan it gebou ynkrongen wiene, en dat dêrmei harren weromtocht ôfsnien wie, begûn John Williams mei in houwiel in gat yn 'e houten wand te slaan fan 'e keamer dêr't hy postearre wie. Doe't er einlings in trochgong makke hie dy't grutternôch wie om troch te krûpen, wiene de Sûlû's de doar fan syn keamer al oan it ynslaan en hied er mar tiid om twa bêdlizzerige pasjinten nei de oangrinzgjende keamer te skuorren ear't se de keamer binnenfoelen.

It fertrek dêr't er doe yn kaam, wie in hoekkeamer dy't beset holden waard troch Henry Hook en njoggen oare pasjinten. John Williams begûn fannijs in gat troch de wand te slaan nei in folgjend fertrek, wylst Hook de Sûlû-krigers by it earste gat tsjinkearde. Dêrby ûntjoech him in fjoergefjocht doe't fan beide kanten troch it gat sketten waard. Hook rekke in pear tellen út 'e tiid doe't er in assegaai tsjin syn helm oansmiten krige. Underwilens hie Williams it twadde gat grutternôch makke om trochhinne, en begûn er de bêdlizzerige pasjinten nei it oanbuorjende fertrek te slepen, dat inkeld beset holden waard troch pasjint Waters. De njoggen ferdigeners fan 'e hoekkeamer folgen, en Hook kaam as lêste troch it gat nei't er ferskate Sûlû's delsketten hie dy't de doar fan 'e hoekkeamer ynslein hiene.

Tsjin dy tiid hiene de Sûlû's it dak fan it fjildhospitaal yn 'e brân stutsen, dat John Williams sette fannijs útein mei syn houwiel om in útwei út it gebou te meitsjen, wylst Hook it twadde gat ferdigene en Waters oanhold troch in sjitgat nei bûten ta te sjitten. Doe't it trêde gat grutternôch wie, skuorden de soldaten de ferwûnen dêr wer troch en ûntsnapten se nei de lêste keamer, allegear útsein Waters en soldaat Beckett, beide slim ferwûne, dy't har yn 'e kleankast ferskûlen. (Beckett stoar dêr oan 'e assegaaistekken dy't er oprûn hie.) De lêste keamer waard ferdigene troch Robert Jones en William Jones. Dêrwei kladderen de soldaten en pasjinten troch in finster en joegen se harren by de oare Britten yn 'e romte tusken de barrikades. Yn it fjildhospitaal kamen yn totaal fiif man om: de al neamde Jenkins, en fierders sersjant Maxfield en soldaat Adams, dy't dwilen fan 'e koarts en wegeren om harsels yn feilichheid bringe te litten; in lid fan it NNC mei in brutsen skonk, en in Hunter, dy't agint wie by de Nataleeske Plysje te Pearde. In sechsde man, soldaat Cole, waard deade doe't er út it brânende hospitaalgebou besocht te ûntsnappen. Soldaat Conley, dy't ek in brutsen skonk hie, waard troch Hook út it gebou skuord, hoewol't er dêrby op 'e nij in brutsen skonk oprûn.

The Defence of Rorke's Drift, in skilderij fan Lady Butler út 1880, mei de luitenants Chard en Bromhead yn 'e midden.

Fierder ferrin fan 'e slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de evakuaasje fan it brânende fjildhospitaal loeken de Britten harren werom efter de barrikade fan beskútkisten, sadat harren ferdigeningsliny in hiel stik koarter waard. Doe't it tsjuster foel, waarden de oanfallen fan 'e Sûlû's massaler en ferheftiger. De kraal kaam faai te stean en moast om 22.00 oere opjûn wurde, wêrnei't de ferdigeners in lyts bastion om it pakhûs hinne oerholden. De hiele jûn lang holden de oanfallen op 'e Britske posysjes oan en pas nei midsnacht begûnen se wat te belúnjen. Net earder as 2.00 oere op 'e iere moarn fan 23 jannewaris 1879 kaam der in ein oan 'e bestoarmings, wêrnei't de Britten noch oan 4.00 oere ta oanhâldend besketten waarden.

Tsjin dy tiid wiene fan it garnizoen fan 154 man 14 sneuvele, wylst 2 oaren deadlik ferwûne rekke wiene. Nochris 8 man, wêrûnder kommissaris Dalton, wiene swierferwûne en koene net mear oan 'e striid dielnimme. Fan 'e oaren wie der suver net ien dy't net lichtferwûne rekke wie. Dêropta wiene se sûnder útsûndering skjin ynein om't se tsien oeren efterinoar, suver sûnder skofthâlden, fochten hiene, en boppedat begûn harren munysje no fluch te minderjen. Fan 'e 20.000 patroanen dy't se oan it begjin fan 'e striid hân hiene, wiene noch mar 900 oer.

Doe't de dage oan 'e loft kaam, koene de Britten lykwols sjen dat de Sûlû's har ôfjûn hiene. Al dat fan harren efterbleaun wie, wiene de deaden en de swierferwûnen dy't net (fluch genôch) ferpleatst wurde koene. Chard stjoerde patrûljes út om it slachfjild te ferkennen, gewearen te sammeljen en nei oerlibbenen te sykjen, dy't troch de Britten oer it algemien daliks ombrocht waarden. Omtrint 7.00 oere moarns ferskynde der wer in Sûlû-impi by de Oscarsberg, en moasten de Britten fan gefolgen halje-trawalje harren posysjes wer ynnimme. Der kaam lykwols gjin oanfal, mei't dizze Sûlû's al seis dagen op mars west hiene, hûnderten ferwûnen by harren hiene en noch ferskate dagen trochmarsjearje moasten om befoarrieding en fersterkings te berikken. Dat hja eagen it slachfjild oer en teagen fierder. Om 8.00 oere ferskynde der wer in legermacht, krekt doe't de wurge ferdigeners fan Rorke's Drift oan it brea-iten wiene. Op 'e nij bemannen se fluch-fluch harren stellings, mar de neieroankommende troepen wiene gjin Sûlû's mar in Britske ûntsettingsmacht ûnder befel fan Lord Chelmsford.

De balâns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e Britske kant foelen yn 'e Slach by Rorke's Drift yn totaal 17 deaden: yn 'e gefjochtshannelings sneuvelen 14 man daliks, wylst 2 oaren letter oan harren ferwûnings kamen te ferstjerren. De santjinde deade wie korporaal William Andersen, dy't troch de Britske ferdigeners fan Rorke's Drift sels deasketten waard doe't er oan it begjin fan 'e slach mei oare leden fan it Nataleesk Lânseigen Kontingint útnaaide. Fierders wiene der oan 'e Britske kant 8 swierferûnen en 7 middelswierferwûnen, wylst suver alle oare leden fan it garnizoen lichte ferwûnings oprûn hiene.

Nei de slach waarden der op it slachfjild neffens offisjele Britske sifers 351 deade Sûlû-krigers teld. It is lykwols frijwol wis dat it wiere deadetal oan 'e Sûlû-kant folle heger lei. Noch de ferdigeners fan Rorke's Drift, noch de leden fan 'e Britske ûntsettingsmacht fan Lord Chelmsford, dy't de Britske deaden op it slachfjild fan Isandlwana sjoen hiene, koene begrutsjen opbringe foar de ferwûne krigers dy't se by Rorke's Drift oantroffen. Dy draaiden sadwaande in raar gat yn. Yn syn boek The Blood Never Dried: A People's History of the British Empire beskreau histoarikus John Newsinger yn 2006 wat der nei ôfrin fan 'e Slach by Rorke's Drift barde as: "de neifolgjende ôfslachting fan hûnderten ferwûne Sûlû's, dy't deakneppele, deasketten en mei bajonetten deastutsen waarden, wylst guon ophongen en oaren libben begroeven waarden."

Underskiedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ferdigeners fan Rorke's Drift waarden neitiid net minder as alve Fiktoariakrusen útrikt, de heechste Britske militêre ûnderskieding. Sân dêrfan giene nei soldaten fan it 2e Bataljon, 24e Rezjimint Fuotfolk: it heechste tal Fikoariakrusen dat ea foar ien inkel treffen útrikt is oan leden fan ien rezjimint. (It oantal fan alve krusen wie lykwols net, sa't faak sein wurdt, it heechste oantal dat ea foar ien inkel treffen of foar ien-en-deselde dei útrikt waard: foar de Slach by Inkerman, op 5 novimber 1854, yn 'e Krimoarloch, waarden sechstjin Fiktoariakrusen útrikt, en foar it Twadde Untset fan Lucknow, fan 14 oant en mei 22 novimber 1857, ûnder de Yndyske Opstân, waarden 28 Fiktoariakrusen útrikt.) Foar de Slach by Rorke's Drift waarden Fiktoariakrusen (VC) útrikt oan:

Yn 1879 koe it Fiktoariakrús net postúm útrikt wurde. Dêrom krige soldaat Joseph Williams, B Kompanjy, 2e Bataljon, 24e Rezjimint Fuotfolk, dy ûnderskieding net, hoewol't yn offisjele rapporten fernijd waard dat er "foardroegen wêze soe foar it Fiktoariakrús as er [de slach] oerlibbe hie." Fierders waarden der ek fjouwer (legere) Distinguished Conduct Medals (DCM) útrikt:

Sersjant Frank Bourne yn 1905.

In fyfde DCM waard op 15 jannewaris 1880 oanfrege foar soldaat Michael McMahon fan it Army Hospital Corps. Dy oanfraach waard lykwols op 29 jannewaris fan dat jier ynlutsen fanwegen ôfwêzigens sûnder ferlof en tsjeafte.

It hege oantal ûnderskiedings foar betoande moed is wol ynterpretearre as in reäksje op 'e eardere nederlaach yn 'e Slach by Isandlwana: troch it treffen by Rorke's Drift op te klopjen ta in fenomenale oerwinning, moast it Britske publyk de eardere nederlaach ferjitte. Ek soe dêrmei de oandacht ôflaat wurde moatten hawwe fan it feit dat Lord Chelmsford en hege kommissaris Frere de Sûlû-Oarloch begûn wiene sûnder lykfol hokker foarôfgeande goedkarring fan it regear fan Har Majesteit yn Londen.

Yn elts gefal wie sir Garnet Wolseley, dy't letter dat jiers yn Natal arrivearre om Lord Chelmsford te ferfangen, beslist net ûnder de yndruk fan 'e ûnderskiedings dy't oan 'e ferdigeners fan Rorke's Drift útrikt wiene. Hy sei: "It is monstrueus om helden te meitsjen fan lju dy't, finzen yn 'e gebouwen fan Rorke's Drift, gjin kant útkoene en as rotten fochten foar harren libben, dat se op gjin oare wize rêde koene." Ferskate histoarisy wiene it neitiid lykwols net iens mei dy typearring fan 'e sitewaasje, en wiisden derop dat de útrikking fan it Fiktoariakrús poer basearre is op fertsjinsten, los fan 'e kontekst wêryn't dy fertsjinsten plakfûn hawwe.

Werjeften yn keunst, film en literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Slach by Rorke's Drift spriek tige ta de ferbylding, fral yn 'e njoggentjinde iuw, doe't koloniale oarloggen noch net yn in negatyf ljocht sjoen waarden. Yn it folgjende jier, 1880, ferskynden der twa skilderijen dêr't de heldhaftige striid by de missypost op fêstlein wie, fan lady Elizabeth Butler en fan Alphonse de Neuville.

Yn 1964 kaam de film Zulu út, dy't it ferhaal fan 'e Slach by Rorke's Drift yn dramatisearre foarm werjoech, mei Stanley Baker as John Chard en Michael Caine as Gonville Bromhead. It wie in produksje fan Stanley Baker, ûnder rezjy fan 'e Amerikaan Cy Endfield, dy't foar it meastepart op lokaasje opnommen waard yn Natal, hoewol net oan 'e Buffelrivier, mar yn 'e Drakensbergen. Oer it gehiel nommen wie it in frij sekuere ferfilming fan it histoarysk barren, dy't fral opmerklik wie fanwegen de werjefte fan 'e Sûlû's as in dissiplinearre legermacht dy't oanfierd waard troch strategysk ûnderleine haadlju. De makkers namen lykwols beskate frijheden, benammen mei de karakters fan 'e ûnderskate soldaten, dy't de historisiteit fan 'e film net te'n goede kamen. (Sjoch fierder: Zulu, § Historisiteit.)

Yn 'e roman Valor's Choice, it earste diel fan 'e Confederation-searje fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff, wurdt it lâningsskip fan in diplomatike missy fan 'e Konfederaasje op 'e wrâld fan 'e reptylske Silsviss delsketten. De leden fan 'e missy lûke harren dêrnei werom yn in gebouwekompleks dêr't se belegere wurde. De lytse earewacht fan 'e missy moat it dan opnimme tsjin in oermacht oan fijannige krigers. Yn in neiwurd bychte Huff op dat se yn har boek yn prinsipe de Slach by Rorke's Drift beskreau.

Yn 'e roman On the Oceans of Eternity, fan S.M. Stirling, ek út 2000, wurdt in fjildslach yn in post-apokalyptyske wrâld beskreaun tusken in lyts garnizoen dat in befoarriedingsstasjon fan 'e Republyk Nantucket ferdigenet en in grutte oermacht fan Ringapi-krigers. Net inkeld is de definsive taktyk by dat treffen frijwol direkt oernommen fan luitenant Chard's ferdigening fan Rorke's Drift, mar de slach kriget neitiid ek de namme fan 'e Slach by O'Rourke's Ford.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.