Springe nei ynhâld

Valor's Choice

Ut Wikipedy
Valor's Choice
algemiene gegevens
auteur Tanya Huff
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2000, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Valor-searje
● foarich diel (1e diel)
● folgjend diel The Better Part of Valor
kodearring
ISBN 978-0 88 67 78 965

Valor's Choice is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff. De titel betsjut: "De Kar fan Moed". It boek fertelt it ferhaal fan sersjant Torin Kerr, dy't op in ûnferwachts drege missy har mariniers yn libben sjen moat te hâlden. Valor's Choice is it earste diel fan 'e fiifdielige Valor-searje, dy't sels wer ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Confederation-searje. De roman waard yn 2000 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Paul Youll. Neitiid folgen werútjeften by de Britske útjouwerij Titan Books (ûnder de oanpaste titel Valour's Choice), en by DAW as ûnderdiel fan 'e omnibusedysje A Confederation of Valor (2006), tegearre mei it folgjende diel út 'e rige, The Better Part of Valor.

De Confederation-searje spilet yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei tsientallen bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Dy letter talitten rassen binne de saneamde Middelrassen.

Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen en de Middelrassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.

Yn Valor's Choice wurdt de lêzer foar it earst yn 'e kunde brocht mei sersjant Torin Kerr, dy't al njoggen jier yn it marinierskorps fan 'e Konfederaasje tsjinnet. Hja hat har yn dy tiid ûntjûn ta in kundich ûnderofsier, dy't foar har manskippen in fêste pylder foarmet yn it wiffe oarlochsbestean. Sh'quo Kompanjy, dêr't Torin by tsjinnet, is krekt weromkeard op 'e thúsbasis, it romtestasjon Ventris, nei aksje oan it front wêrby't de ienheid likernôch de helte fan syn sterkte ferlern hat. De mariniers dy't ûnskansearre út 'e striid kommen binne, sjogge út nei in ferlofperioade, mar ear't se dêroan begjinne kinne, arrivearret generaal Morris op it romtestasjon, mei nije oarders foar de kompanjy.

Der is koartby in planeet ûntdutsen dêr't in nij ras bûtenierdske wêzens libbet, de reptylske Silsviss. It is saak om dy yn 'e Konfederaasje op te nimmen ear't se ynpalme wurde kinne troch de Primasy. Boppedat hawwe se in krigerkultuer dy't se ta ideäle nije rekruten foar it marinierskorps fan 'e Konfederaasje makket, en dêropta nimt harren planetestelsel deunby it front in tige strategyske posysje yn. It earste kontakt is al makke, en no sil der in diplomatike missy nei de planeet Silsvah útstjoerd wurde, om ûnderhannelings te fieren oer de tatrêding fan 'e Silsviss ta de Konfederaasje. Sh'quo Kompanjy moat de earewacht foar dy diplomatike missy leverje.

Oan Torin, dy't de oerlibjende ûnderofsier fan 'e kompanjy is mei de heechste rang, falt de taak ta om út 'e net ferwûne mariniers fan Sh'quo Kompanjy in earewacht gear te stellen, wylst se tagelyk de troch generaal Morris oanstelde kommandant fan 'e earewacht, twadde luitenant di'Ka Jarrett, mei syn nije troepen yn 'e kunde bringt. Jarrett is in jonge Taykan sûnder gefjochtsûnderfining, mar Torin stelt fêst dat er aldergeloks net te arrogant is om te learen. Harren relaasje wurdt lykwols dreger makke trochdat se de nachts tefoaren, doe't se noch gjin idee hiene dat se yn deselde ienheid tsjinje soene, mei-inoar sliept hawwe.

Uteinlik bestiet de earewacht út 40 mariniers plus de luitenant, mei dêropta kaptein Daniels (de piloat fan harren lâningsskip), har ko-piloat luitenant Ghard, en 4 ûnderhearrige leden fan 'e loftfearttsjinst fan it marinierskorps. Dy moatte in diplomatike missy beskermje dy't bestiet út in ambassadeur en 3 oare spineftige Mictok, in ambassadeur en 3 oare reuseftige, trage, tichtbehierre Dornagain, en in folmacht en 2 oare fûgeleftige Rakva plus in dokter, dat ek in Rakva is; yn totaal dus 12 boargers. Op Silsvah, dêr't it waar fariëarret fan hjit oant gleonhjit oant gleonhjit en tige near, foeget Cri Sawyes, in Silsviss-ferbiningsofsier him by it selskip.

Der wurde fjouwer grutte stêden oandien, dêr't hieltyd dagenlange ûnderhannelings mei de regearings fan 'e ûnderskate Silsviss-steaten plakfine. Underwilens steane de mariniers yn 'e hâlding by seremoniële plechtichheden of op wacht by harren barakken en de ferbliuwen fan 'e diplomaten, en ferfele se har dea. Neat liket de ynset fan gefjochtstroepen foar dizze missy te rjochtfeardigjen, oant it lâningsskip dat de hiele diplomatike missy ferfiert, ûnderweis nei it plak dêr't it ferdrach tusken de Silsviss en de Konfederaasje troch beide partijen ûndertekene wurde sil, út 'e loft sketten wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It lâningsskip komt del yn in moeras, wat de klap wat dempt, mar likegoed komme fjouwer mariniers, twa leden fan 'e loftfearttsjinst en ien fan 'e fjouwer fragile Rakva om, wylst trije mariniers en kaptein Daniels swierferwûne reitsje. Mei't luitenant Jarret bûten bewustwêzen rekke is, is Torin dejinge dy't de oerlibbenen út it lâningsskip evakuëarret. Neitiid wol se de wapenkasten opblaze, mar Jarret, dy't tsjin dy tiid wer by sûpe en stút is, leit dêr it near op, om't er de mooglikheid iepen hâlde wol om letter by it skip werom te kommen om mear wapens op te heljen.

Dy kinne se nammentlik noch wolris nedich hawwe, want se witte net troch wa't se delsketten binne. It soe gean kinne om in faksje fan 'e Silsviss dy't tsjin tatrêding ta de Konfederaasje is, mar it is ek mooglik dat der kommando's fan 'e Primasy op Silsvah lâne binne. Foar de ôfreis fan 'e diplomatike missy út 'e lêste Silsviss-haadstêd wiene der nammentlik berjochten dat der Primatyske romteskippen yn 'e sektor synjalearre wiene. Dat wie ek de reden dat de Berganitan, it marineskip fan 'e Konfederaasje dat de missy nei Silsvah ta brocht hat, halje-trawalje fuort moast om 'e fijân te ûnderskeppen. Sadwaande binne de leden fan 'e missy no op harsels oanwiisd en hoege se foarearst net te rekkenjen op rêding troch de Konfederearre marine.

Wat de Silsviss oangiet, witte Torin-en-dy net wa't se fertrouwe kinne, útsein Cri Sawyes, dy't yn itselde skipke sit as de rest fan harren. En sels dy wurdt troch guon fan harren fertocht fan mandéligens oan it delsjitten fan it lâningsskip, yn 't bysûnder troch luitenant Ghard, dy't besiket om it befel oer de missy oer te nimmen, oant fêststeld wurdt dat Jarret syn promoasje ta de rang fan twadde luitenant âlder is as dy fan him. As de dieders al Silsviss binne, is it suver wis dat de ferskate Silsviss-regearings no earst ferlamme wêze sille troch ûnderling getsier. Boppedat is it lâningsskip delkommen yn ien fan 'e grutste reservaten op Silsvah, dêr't fier fan 'e bewenne wrâld jonge manlike Silsviss harren adolesinte jierren trochbringe, as se foar it meastepart ynstinktyf op dingen reägearje. Cri Sawyes warskôget Jarret en Torin dat de jonge Silsviss fan dit reservaat it ynkringen fan harren territoarium troch frjemdlingen beskôgje sille as in útdaging dy't mei geweld beäntwurde wurde moat.

Under lieding fan Jarret (hoewol eins mear fan Torin) sykje de mariniers en diplomaten in wei út it moeras. Cri Sawyes seit dat er koart foar it delstoarten in stikmannich gebouwen sjoen hat, dat dy kant sette se út. Dat giet tergjende stadich, mei't it marstempo bepaald wurdt troch de traachste dielnimmers, de logge Dornagain. It lêste ein spjalte se har op yn twa groepen, op advys fan Harket-Wiis-en-Nimt-Alles-yn-Omtinken, de Dornagain-ambassadeur. Dêrtroch kin de haadgroep mei de ferwûnen de gebouwen sa fluch mooglik berikke, wylst de Dornagain mei fjouwer mariniers as bewekking harren eigen tempo oanhâlde. Wylst de haadmacht in fjildhospitaal yn 'e gebouwen ynrjochtet en it kompleks ferdigenber makket, wurde de Dornagain en harren bewekkers ynhelle troch de earste Silsviss, dy't daliks oanfalle, ek al binne se inkeld bewapene mei spearen en pylk-en-bôge. De mariniers en de Dornagain sykje beskutting yn in rotskloft en moatte dêr ûntset wurde troch Torin, dy't mei fersterkings weromkomt.

As de hiele missy feilich de gebouwen berikt hat, bart der earst neat, wat in goed teken liket, mar al gau wurdt de reden dúdlik: de Silsviss hawwe it delstoarte lâningsskip trochsocht en de efterlitten wapenkasten iepenbrutsen. De mariniers yn 'e gebouwen wurde dan mei harren eigen wapens ûnder fjoer nommen. De folgjende dagen trochsteane de mariniers en diplomaten in oanboazjende belegering troch ferskate tûzenen jonge Silsviss. Hoewol't de diplomaten wegerje om aktyf oan 'e striid diel te nimmen, binne se net alhiel ûnnutte ballêst. De Rakva-dokter ûntpopt him as in betrouber persoan, dy't alle war docht om 'e ferwûne mariniers te rêden ek al is er hielendal net oplaat as oarlochsmedikus. De flugge Mictok biede oan om as brankardiers te fungearjen en de ferwûnen nei it fjildhospitaal te bringen. As de saad fan it gebouwekompleks rekke wurdt troch in granaat, en de belegerden yn it gleone waar sûnder drinkwetter driigje te reitsjen, grave de Dornagain de put mei harren grutte klauwen wer út.

Tsjin 'e tiid dat in lêste, massale oanfal troch de Silsviss ôfslein wurdt, binne fyftjin mariniers sneuvele, wylst njoggen oaren der sa slim oan ta binne, dat se gjin aktive rol mear spylje kinne yn 'e ferdigening. Boppedat is de munysje hast skjin op. Mar de Silsviss, dy't dat net witte, hawwe sokke swiere ferliezen lit, dat se har nocht hawwe en de striid opjouwe. Net folle letter arrivearret de Berganitan wer yn in baan om 'e planeet, en wurdt der in oar lâningsskip stjoerd dat de oerlibbenen fan 'e belegering ophellet. Wylst de ferwûnen oan board fan 'e Berganitan fersoarge wurde, hat Torin dan einlings de tiid om it spul ris goed troch te tinken.

As bliken docht dat de Berganitan net allinnich dûbeld safolle medysk personiel by him hat as normaal, mar dat ek generaal Morris oan board is, komt se ta de konklúzje, dy't Morris letter befêstiget, dat Sh'quo Kompanjy brûkt is. It wie fan it heechste belang om 'e Silsviss fluch lid fan 'e Konfederaasje te meitsjen, mar de regearings fan 'e Silsviss easken in demonstraasje fan 'e militêre bekwaamheid fan 'e Konfederearre kriichsmacht, om der wis fan te wêzen dat se har net ferbûnen oan in soadsje swakkelingen. Generaal Morris offere dêr Sh'quo Kompanjy foar op, hoewol't it befel foar dizze operaasje úteinlik fan it Konfederearre parlemint kommen wêze moat. It is net de opoffering fan har ienheid dy't Torin yn it ferkearde kielsgat sjit, want it is oarloch, en sa'n sitewaasje hie him ek yn 'e striid tsjin it leger fan 'e Primasy foardwaan kinnen. Mar it feit dat de mariniers foarliigd binne oer it aard fan harren missy en dêrmei oer de reden dat se sneuvele binne, dat fynt se net te ferjaan. As dúdlik wurdt dat generaal Morris dat ûnderskie net begrypt, seit se him goed it mannewaar op en lit him dan fierder yn syn eigen sop gearsiede.

In oan Valor's Choice tafoege neiwurd begjint Huff mei: "Stek de hân mar op wa't dy fjildslach werom ken." Se giet fierder mei de fernijing dat de belegering fan Sh'quo Kompany troch de Silsviss loskes basearre is op 'e histoaryske Slach by Rorke's Drift, ien fan 'e earste slaggen út 'e Sûlû-Oarloch, op 22 en 23 jannewaris 1879, yn wat no de Súdafrikaanske provinsje kwaZulu-Natal is. Dêrby waarden 150 soldaten en ofsieren fan it Britske Leger en 4 boargers, dus yn totaal 154 man, wêrûnder 35 siken en ferwûnen, belegere troch 3.000 oant 4.000 Sûlû-krigers. Dat barren waard yn 1964 ferfilme ûnder de titel Zulu, mei û.o. akteur Michael Caine yn 'e haadrol.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Confederation-searje
Valor-searje
Valor's Choice • The Better Part of Valor • The Heart of Valor • Valor's Trial • The Truth of Valor
Peacekeeper-searje
An Ancient Peace • A Peace Divided • The Privilege of Peace