Titan Books

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Titan Books
Titan-Books-Logo.jpg
algemien
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1981
mem Titan Entertainment Group
offisjele webside
titanbooks.com

Titan Books, of ek wol de Titan Publishing Group, is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn 'e Londenske buert Bankside. It bedriuw waard yn 1981 oprjochte, en is ûnderdiel fan 'e Titan Entertainment Group, dy't ek de eigner is fan Titan Magazines, in útjouwerij fan tydskriften.

Titan Books leit him benammen ta op it útjaan fan boeken op in stikmannich mêden:

De útjouwerij is benammen tige sterk op it terrein fan grafyske romans, en hat datoangeande in fûnskatalogus fan mear as 1.000 titels, wêrûnder grutte nammen as Batman, Doctor Who, Family Guy, Superman, The Simpsons, Star Wars, Teenage Mutant Ninja Turtles, Transformers en World of Warcraft.

Titan publisearret fierders ek coffee table books oer ûnderwerpen as animaasje, popkultuer, foarwerpen dy't sammele wurde kinne, en fantasykeunst.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.