Springe nei ynhâld

Coffee table book

Ut Wikipedy
In salontafel mei in coffee table book.

In coffee table book (Ingelsk foar "kofjetaffelboek") is in boek dat bedoeld is om útstald te wurden op in salontafel yn in diel fan jins wente dêr't men gasten ûntfangt, wêrby't it tsjinje kin ta ynspiraasje foar in petear. Coffee table books binne yn 'e regel grutter fan formaat as gewoane boeken en wurde ornaris útjûn yn in hardcoveredysje.

It ûnderwerp is oer it algemien non-fiksje en skaait faak út nei foto's of oare yllustraasjes, sadat sa'n boek in protte oerienkomsten fertoant mei in fotoboek. De tekst bestiet op syn measten út lytse blokjes dy't de foto's of plaatsjes beskriuwe, wat lang proaza útslút, hoewol't poëzij soms wol foarkomt. Om't coffee table books rjochte binne op in folslein willekeurich lêzerspublyk, dogge de gearstallers war om sa min mooglik jargon ta te foegjen, mei as gefolch dat de ûnderwerpen oer it algemien net botte djipdollend behannele wurde. Sadwaande wurdt de term coffee table book ek wol op delbûgende wize brûkt foar gewoane boeken dy't harren ûnderwerpen op in oerflakkige wize foar it fuotljocht bringe.

De Amerikaanske miljeu-aktivist David Brower (1912-2000) wurdt wolris oantsjut as de 'útfiner' fan it moderne coffee table book, mei't er it idee yn 'e praktyk brocht om oergrutte fotoboeken (mei natoerfoto's, om syn boadskip út te dragen) te publisearjen, dy't as coffee table books brûkt waarden. Nettsjinsteande dat bestie de namme coffee table book yn syn hjoeddeiske betsjutting yn Grut-Brittanje al yn 'e njoggentjinde iuw. It konsept sels bestiet lykwols noch folle langer, mei't de Frânske filosoof en essayist Michel de Montaigne (1533-1592) yn syn essay Sur des Vers de Virgile ("Oer Guon Fersen fan Firgilius"), út 1581, klage: "It frustrearret my dat myn essay's de dames inkeld tsjinje as in sljochtwei stik prullaria, in boek om yn it finsterbank fan harren salons te lizzen."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.