A Peace Divided
A Peace Divided | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Tanya Huff | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2017, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Peacekeeper-searje | |
● foarich diel | An Ancient Peace | |
● folgjend diel | The Privilege of Peace | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 11 510 |
A Peace Divided is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff. De titel betsjut: "In Ferdielde Frede". It boek foarmet it twadde diel fan Huff har Peacekeeper-searje, dy't ta de gruttere Confederation-searje heart. Haadpersoan is Torin Kerr, in froulike ûnderofsier by it marinierskorps fan 'e takomstige Konfederaasje fan 'e minskheid mei bûtenierdske rassen. A Peace Divided is skreaun yn it personele perspektyf en kin los fan 'e oare dielen fan 'e rige lêzen wurde. It boek waard yn 2017 publisearre troch de Amerikaanske útjouwerij DAW Books, mei in omslach dy't makke wie troch Paul Youll. Dy publikaasje waard hast daliks folge troch in werútjefte by de Britske útjouwerij Titan Books.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Confederation-boeken fan Tanya Huff spylje yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei alderhanne bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten, de saneamde Middelrassen, sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.
Yn 'e Confederation-searje waard ferteld hoe't Torin Kerr, in ûnderofsier fan it marinierskorps fan 'e Konfederaasje, nei generaasjes fan striid mei de Primasy frijwol eigenhandich in ein oan 'e oarloch makke. Hja ûntdiek dat it hiele konflikt by wize fan sosjaal eksperimint útlokke wie troch selsbewuste polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden, oftewol in soarte fan hyperyntelligint, fan foarm feroarjend, bûtenierdsk plestik. Neitiid waarden der fredesbesprekkings mei de Primasy iepene. Torin gie út it korps wei en joech har by har freon Craig Ryder, in boarger dy't him talein hie op de berging fan 'e wrakken fan troch oarlochfiering ferrinnewearre romteskippen fan 'e Konfederearre en Primatyske floaten. It slagge har lykwols net om har bûten saken te hâlden dy't har neat oangiene, en nei ferrin fan tiid waarden Craig en Torin en ferskate oare feteranen troch it Konfederearre Ministearje fan Justysje as eksterne ekspêrs yn 'e earm nommen om ôf te weven mei gewelddiedige kriminelen. Uteinlik krigen se nei harren aventoer yn it foargeande diel fan 'e rige, An Ancient Peace, in formele status en waarden se oansteld as Strike Team Alpha, in mobile ienheid fan de 'warders', de plysje fan 'e Konfederaasje.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn A Peace Divided wurde Torin Kerr en Strike Team Alpha útstjoerd om regaad te meitsjen op 'e planeet 33X73. In groepke hierlingen hat dêr nammentlik de argeologen en oare wittenskippers gizele dy't yn 'e ruïnes fan in ferdwûne beskaving mei opgravings oan 'e gong wiene. Om't de hierlingen út in mjuks fan wêzens út 'e Konfederaasje en de Primasy besteane, moat Torin dêrfoar gearwurkje mei in plysje-ienheid dy't oerkomt út 'e Primasy.
It docht al gau bliken dat de hierlingen op 'e siik binne nei in wapen dat de ferdwûne beskaving op 33X73 ûntwikkele hawwe soe tsjin 'e 'plestik bûtenierdsen'. As sa'n wapen bestiet, soe it mei-iens it earste funksjonele wapen wêze dat wa ek tsjin 'e plestik bûtenierdsen betinke kinnen hat. De sitewaasje wurdt noch yngewikkelder as oan it ljocht komt dat de hierlingen yn opdracht wurkje fan 'e rasistyske Minsken Earst-beweging.
Oan Torin de taak om 'e gizelders (foar it meastepart leden fan 'e Middelrassen fan 'e Niln en Katrien) te befrijen, te soargjen dat de gizelnimmers it al of net besteande wapen tsjin 'e plestik bûtenierdsen net yn 'e hannen krije, en út te sykjen wa't de mysterieuze lieder fan 'e Minsken Earst-beweging is. En ûnderwilens moat se ek noch sjen om de spannings tusken har eigen team en de tafoege ienheid fan 'e Primasy, de eardere fijân, ta it minimum te beheinen, wylst alles wat se docht oer har skouder hinne filme wurdt troch de tige yrritante en like fêsthâldende Katrien-ferslachjouster Presit a Tur durValintrisy, dy't op 'e iene of oare manear wer tastimming los witten hat te krijen om Torin op har misje te folgjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|