Paul Youll

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Paul Youll
Art-1300258.svg keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paul Youll
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 8 juny 1965
berteplak Hartlepool (Ingelân)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
wurkpaad
wurksum as yllustrator, boekbânûntwerper
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
paulyoull.com

Paul Youll (Hartlepool (Ingelân), 8 juny 1965) is in Britsk yllustrator en boekbânûntwerper. Hy leit him benammen ta op it produsearjen fan keunst op it mêd fan 'e literêre sjenres fan 'e science fiction en de fantasy.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Youll waard yn 1965 berne yn it Ingelske Hartlepool as de helte fan in twilling. Mei syn broer Stephen genoat er syn oplieding oan it Durham New College of Art and Design yn Framwellgate Moor, en teffens oan 'e Sunderland Universiteit yn Sunderland. Beide twillingbruorren studearren dêr cum laude ôf, en giene neitiid oan it wurk as keunstrestaurateur yn 'e Katedraal fan Durham, foar't se úteinsetten mei in karriêre as freelance keunstners.

De beide bruorren krigen yn 1987 in foet tusken de doar op it mêd fan science fiction- en fantasykeunst, doe't harren wurk belangstelling loek ûnder de 45e Science Fiction-Wrâldkonvinsje, dy't dat jiers holden waard yn it Ingelske Brighton. Paul Youll syn earste opdracht wie foar it meitsjen fan 'e omslach, tegearre mei syn broer Stephen, fan 'e roman Emerald Eyes fan Daniel Keys Moran, dy't publisearre waard troch útjouwerij Bantam Books.

De twillingbruorren setten harren gearwurking fuort oant Stephen Youll yn 1989 nei de Feriene Steaten ferfear. Sûnt dy tiid wurket Paul Youll selsstannich. Hy hat in protte omslaggen foar Bantam Books makke, mar ek wol foar oare wurkjouwers yn 't spier west, benammen Amerikaanske útjouwerijen fan paperbacks. Sa wied er ferantwurdlik foar de omslaggen fan njoggen dielen fan 'e Star Wars: X-wing-searje (1995-1999), The Icarus Hunt (1999) fan Timothy Zahn, ferskate boeken fan 'e Dr. Zeus Inc.-rige (2004-2007) fan Kage Baker, ferskate dielen fan 'e Age of Fire-searje (2005-2008) fan E.E. Knight, en fierders de hiele Valor-searje en de romans An Ancient Peace (2015), A Peace Divided (2017) en The Privilege of Peace (2018) fan Tanya Huff. Youll wennet mei syn frou Annmarie yn it doarp Esh Winning yn it Noardingelske greefskip Durham.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.