The Privilege of Peace
The Privilege of Peace | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Tanya Huff | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2018, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Peacekeeper-searje | |
● foarich diel | A Peace Divided | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 11 541 |
The Privilege of Peace is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Tanya Huff. De titel betsjut: "It Privileezje fan Frede". It boek foarmet it trêde diel fan Huff har Peacekeeper-searje, dy't ta de gruttere Confederation-searje heart. Haadpersoan is Torin Kerr, in froulike ûnderofsier by it marinierskorps fan 'e takomstige Konfederaasje fan 'e minskheid mei bûtenierdske rassen. The Privilege of Peace is skreaun yn it personele perspektyf en kin los fan 'e oare dielen fan 'e rige lêzen wurde. It boek waard yn 2018 publisearre troch de Amerikaanske útjouwerij DAW Books, mei in omslach dy't makke wie troch Paul Youll. Dy publikaasje waard hast daliks folge troch in werútjefte by de Britske útjouwerij Titan Books.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Confederation-boeken fan Tanya Huff spylje yn in takomst wêryn't de minskheid him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei alderhanne bûtenierdske rassen. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan beskaving berikt hawwe dêr't geweld, om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten, de saneamde Middelrassen, sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen mei de hannen yn 't hier om't de pasifistyske Konfederaasje net oer in leger of in float beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan planetêre ta ynterstellêre oarlochfiering.
Yn 'e Confederation-searje waard ferteld hoe't Torin Kerr, in ûnderofsier fan it marinierskorps fan 'e Konfederaasje, nei generaasjes fan striid mei de Primasy frijwol eigenhandich in ein oan 'e oarloch makke. Hja ûntdiek dat it hiele konflikt by wize fan sosjaal eksperimint útlokke wie troch selsbewuste polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden, oftewol in soarte fan hyperyntelligint, fan foarm feroarjend, bûtenierdsk plestik. Neitiid waarden der fredesbesprekkings mei de Primasy iepene. Torin gie út it korps wei en joech har by har freon Craig Ryder, in boarger dy't him talein hie op 'e berging fan 'e wrakken fan troch oarlochfiering ferrinnewearre romteskippen fan 'e Konfederearre en Primatyske floaten. It slagge har lykwols net om har bûten saken te hâlden dy't har neat oangiene, en nei ferrin fan tiid waarden Craig en Torin en ferskate oare feteranen troch it Konfederearre Ministearje fan Justysje as eksterne ekspêrs yn 'e earm nommen om ôf te weven mei gewelddiedige kriminelen. Uteinlik krigen se in formele status en waarden se oansteld as Strike Team Alpha, in mobile ienheid fan 'e 'warders', de plysje fan 'e Konfederaasje.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn The Privilege of Peace binne nei it foarbyld Strike Team Alpha tsientallen oare út oarlochsfeteranen besteande mobile ienheden oprjochte dy't ûnder it Ministearje fan Justysje falle. Dy hawwe it mar drok mei alle oanfallen fan 'e rasistyske Minsken Earst-beweging, dy't ûnder lieding fan 'e rike yndustrieel Anthony Marteau in iepen rebûlje begûn is. Underwilens hat de yrritante Katrien-ferslachjouster Presit a Tur durValintrisy har ferkiesber steld foar in sit yn it sektorparlemint en se besiket Torin en Craig en sels it stik plestik dat ûntdutsen is op 'e planeet 33X73 (sjoch: A Peace Divided) dêrby foar har weintsje te spannen. Fan dat plestik is noch altyd net bekend oft it no sels út polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden bestiet, of dat it in stik ark is dat efterlitten is troch dy 'plestik bûtenierdsen'.
Op 'e eftergrûn wurdt yn 'e sektorparleminten en it haadparlemint fan 'e Konfederaasje debattearre oer de fraach oft de Jongere Rassen net te gefaarlik binne om los omrinne te litten. No't de oarloch ôfrûn is, is der nammentlik gjin ferlet mear fan harren, en in diel fan 'e Aldere Rassen en de Middelrassen soe harren it leafst isolearje yn 'e planetestelsels dêr't se wei komme. De Minsken, Taykan en Krai soene dat fansels nea gewurde litte; it soe in boargeroarloch yn 'e Konfederaasje feroarsaakje. Sadwaande boazje de spannings almar fierder oan. Dat is foar Presit a Tur durValintrisy krekt ien fan 'e redens om yn 'e polityk te gean, en nettsjinsteande har yrritante persoanlikheid stiet Presit yn dizze kwestje fjouwerkant oan 'e side fan 'e Jongere Rassen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As 'Grut-en-Giel' (sjoch: The Better Part of Valor), it reuseftige romteskip dat bestiet út polynûmerike molekulêre polyhydrokside alkoholiden, weromkeart yn it diel fan it hielal dat troch de Konfederaasje behearske wurdt, beslút Marteau dat er syn Minsken Earst-beweging in ympuls jaan wol troch dejinge te wêzen dy't Grut-en-Giel ferneatiget. Hy set dêrom syn fermogen yn om in wapen tsjin it 'bûtenierdske plestik' te ûntwerpen. Tagelyk hat it Marinierskorps syn eigen plannen om it hielal fan Grut-en-Giel te ûntdwaan. Generaal Morris, dy't ek de lieding hie by de foarige konfrontaasje mei it sabeare romteskip, hat temûk ek in eksperiminteel wapen meitsje litten, mar syn oarders binne om earst te sjen oft it plestik ûnderhannelje wol. Om't de plestik bûtenierdsen earder mei Torin en Craig praat hawwe, wurdt it Ministearje fan Justysje fersocht om dy beide warders út te lienen oan it Marinierskorps.
Torin hat Morris nea lije mocht, en se is wisberet om har eigen sin te dwaan no't se net mear syn ûnderhearrige is. Mar ear't se ôfsette kinne nei de lokaasje fan Grut-en-Giel, komt it berjocht dat de Silsviss, in reptylsk ras fan bûtenierdske wêzens dat in kandidaat-lid fan 'e Konfederaasje is, en dêr't Torin earder gedoente mei hân hat (sjoch: Valor's Choice), it romtestasjon fan 'e Konfederaasje beset hawwe, dat yn in baan om harren planeet hinne draait. Sadwaande set Craig mei de helte fan Strike Team Alpha oan board fan it marineskip de Berganitan ôf nei Grut-en-Giel, wylst Torin mei de oare helte fan it team nei Silsviss reizget. Underweis ûntdekt Alamber, de geniale Taykan-kompjûterspesjalist fan it team, dat ek it stik plestik dat ûntdutsen is op 33X73 him oan board fan 'e Berganitan befynt, mei't it parlemint fan 'e Konfederaasje besletten hat dat it 'weromjûn' wurde moat oan 'e rest fan it plestik. De ferlieding is te grut foar Alamber, dy't suver syklik nijsgjirrich is, en hy brekt yn yn it kompartimint dêr't it plestik bewarre/fêstholden wurdt. Dêr ûntdekt er dat it reägearret op 'e feromoanen dy't de Taykan fan natuere ôfjouwe, wat betsjut dat it in libben wêzen is ynstee fan in stik ark.
By Grut-en-Giel arrivearre, komt it stik plestik wier ta libben en nimt in oranjekleurige humanoïde foarm oan. 'Oranje', sa't Craig it wêzen neamt (dat eins in koloanje fan mikroskopysk lytse wêzens is), leit út dat 'hy' de minderheid is, dy't derop tsjin wie om by wize fan eksperimint de oarloch tusken de Konfederaasje en de Primasy út te lokjen. 'Hy' waard troch de mearderheid (Grut-en-Giel) finzen set op 33X73, dêr't 'er' mear as tûzen jier ferbleau oant Torin-en-dy 'him' dêr oantroffen. 'Hy' wol no werombrocht wurde nei Grut-en-Giel, sadat de minderheid de mearderheid 'ynfektearje' kin mei in oare miening. Underwilens lit generaal Morris it suver op in wapene konfrontaasje mei Grut-en-Giel oankomme, oant kaptein-op-see Carveg fan 'e Berganitan, dy't by de Marine tsjinnet en dus gjin oarders fan Morris oannimt, mei Craig en de oare warders gearspant om Oranje nei Grut-en-Giel te bringen.
Craig-en-dy sette op syn romteskip, de Promise (dy't as lading troch de folle gruttere Berganitan meibrocht is), ôf nei Grut-en-Giel, mar wurde efterfolge troch in skip bemanne troch mariniers dy't ûnder oarders fan Morris operearje en syn geheime wapen by harren hawwe. Op dat punt ferskynt Marteau op it toaniel mei in lytse float fan 'e Minsken Earst-beweging, dy't foar it meastepart bestiet út pirateskippen dy't er ynhierd hat. De piraten bringe it mariniersskip ta ûntploffing, wêrmei't ek Morris syn wapen yn reek opgiet. Dêrnei sette se de Promise efternei. Fan 'e Berganitan hoecht Craig gjin help te ferwachtsjen, mei't de piraten boargers binne en it de striidkrêften fan 'e Konfederaasje op it strangst ferbean is om it fjoer te iepenjen op boargers.
Underwilens hat Torin it romtestasjon by Silsviss befrijd en de sitewaasje dêr delbêde. It docht bliken dat de Minsken Earst-beweging de Silsviss tsjin 'e Konfederaasje opstokele hie. Torin set dêrop ôf nei de lokaasje fan Grut-en-Giel mei in hastich bewapene romteskip en in bemanning dy't foar in part út 'e finzen nommen Silsviss bestiet. Dêr komt se krekt op 'e tiid oan om ôf te weven mei de piraten dy't efter de Promise oan sitte. Sels rekket se finzen op Grut-en-Giel, mar Craig-en-dy witte har te befrijen ear't se Oranje op 'e mearderheid loslitte. Underwilens beslút Marteau mei syn oerbleaune beide skippen om syn eigen wapen tsjin Grut-en-Giel yn te setten, mar ear't er dat dwaan kin, ferskynt der in H'san-skip, dat syn beide skippen oan gruzeleminten sjit en dêrnei like hurd ferdwynt as it arrivearre is.
Dat is in skokkend barren. Yn it foarste plak om't Marteau-en-dy misdiedigers wiene, en sokken wurde yn 'e Konfederaasje oppakt en psychiatrysk behannele, en net sûnder foarm fan proses deamakke. Mar nammenste mear mei't de H'san de stifters fan 'e Konfederaasje binne, dy't alle foarmen fan geweld fier efter harren litten hawwe soene. Torin is lykwols net sa ferheard, mei't se de H'san net mear fertrout sûnt sy en har team in ûnbidich grutte geheime wapenfoarrie oantroffen op in deadeplaneet fan 'e H'san (sjoch: An Ancient Peace). Mei't it H'san-skip him oan 'e fierste kant fan Grut-en-Giel befûn, hat allinne de Promise, dy't ûnder Grut-en-Giel hong, fêstlein wat der bard is. It útsjoch fan 'e Berganitan en fan 'e skippen fan 'e warders en de piraten waard blokkearre troch Grut-en-Giel, wylst de kamera's fan 'e media dy't ek by Grut-en-Giel oanwêzich wiene, troch in frjemde en tige fertochte steuring krekt it momint net filme hawwe dat it H'san-skip te sjen wie.
Blykber wiene de H'san harren lykwols ûnbewust fan 'e apparatuer oan board fan de Promise, want dêrmei kin sels it DNA fan 'e H'san yn it skip fêststeld wurde. En sa marsjearret Torin Kerr in pear wiken letter in ambassade fan 'e H'san op 'e planeet Har'p yn om foar it earst yn 'e skiednis fan 'e Konfederaasje in H'san te arrestearjen . As dy arrestaasje en de reden derfoar bekend wurdt (en dat wurdt it, want Torin liet har beselskipje troch Presit a Tur durValintrisy en in kameraploech) rekket de hiele Konfederaasje yn opskuor. De isolaasje fan 'e Jongere Rassen yn harren oarspronklike planetestelsels is ynienen fan tafel, en mei de opnimming fan 'e Silsviss yn 'e Konfederaasje wurdt, mei troch Torin har aksjes, einlings feart makke. De Minsken Earst-beweging is sûnder de besieljende lieding fan Marteau gjin wiere bedriging mear, al sille de warders noch jierren dwaande wêze om 'e restanten op te dweilen. Grut-en-Giel is ûnderwilens nei de tafoeging fan Oranje yn dusoarder út 'e Konfederaasje ferdwûn, mar Torin betwifelet net dat it plestik weromkeare sil as it ta in nije konsensus kommen is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|