Underhanneling

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De ûndertekening fan it Ferdrach fan Trianon, op 4 juny 1920.

In ûnderhanneling is in dialooch tusken twa of mear persoanen of partijen om in oerienkomst, kontrakt of ferdrach te berikken. Sa'n oerienkomst kin foar alle belutsenen optimaal wêze, mar it is ek mooglik dat ien persoan of partij oan it langste ein lûkt, of guon fan 'e persoanen of partijen. Meastal wurdt hjirby sprutsen fan ûnderhannelings yn 'e meartalsfoarm. Underhannelings binne bedoeld om in kompromis, of alteast oerienstimming, te berikken op punten dêr't ferskil fan ynsjoch of ferskil fan miening bestiet. Men docht soks ornaris troch in begjinpunt te formulearjen, in saneamde ûnderhannelingsposysje, en yn 'e rin fan it oerlis stadichoan lytse konsesjes te dwaan yn 'e rjochting fan 'e ûnderhannelingsposysje fan 'e tsjinpartij(en). Om foar alle belutsenen in optimale útkomst te bewurkmasterjen, soene de partijen inoar úteinlik 'yn 'e midden' tusken de ûnderhannelingsposysjes moetsje moatte.

Yn 'e praktyk rint it lykwols net altyd sa, mei't it gauris foarkomt dat ien of mear fan 'e partijen in sterkere ûnderhannelingsposysje hawwe as de oare(n). In klassyk foarbyld dêrfan binne ûnderhannelings oan 'e ein fan in oarloch, wêrby't de oerwinners mear yn 'e molke te krommeljen hawwe as de ferliezers. Soks kin lykwols liede ta in brike útkomst dy't de ferhâldings foar langere tiid yn negative sin beynfloedzje kin. Sa waard Dútslân, de ferliezende partij yn 'e Earste Wrâldoarloch, by de ûnderhannelings dy't laten ta it Ferdrach fan Versailles, troch de oerwinners (benammen op ynstigaasje fan Frankryk en Belgje) tige swiere strafmaatregels oplein. Histoarisy ornearje dat dat ien fan wichtichste oanliedings wie foar de opkomst fan it nazisme yn Dútslân, dat meitiid wer ta de Twadde Wrâldoarloch late.

Foar ûnderhannelings moat der meiwurking fan alle partijen wêze; sûnder meiwurking liede ûnderhannelings nearne ta. Yn dat ramt is it fan grut belang dat der in mjitte fan fertrouwen tusken de partijen bestiet. Faak kinne ûnderhannelings makliker makke wurde troch de ynset fan in midsman, dy't tusken de ûnderskate partijen bemiddelet. Yn 'e ynternasjonale betrekkings foarmje ûnderhannelings ien fan 'e wichtichste ûnderdielen fan 'e diplomasy. Mar ûnderhannelings fine ek plak yn 'e sakewrâld, hannel ('hantsjebakken'), detailhannel ('ôftingjen'), yn 'e nasjonale, regionale en lokale polityk, tusken de ferskillende ynstânsjes fan ien en deselde oerheid, en ek yn it deistich libben fan eltsenien, as ûnderdiel fan it arbeidsproses, it houlik (en skieding), de opfieding, ensfh. De tûke fan 'e wittenskip dy't ûnderhannelings bestudearret, wurdt de ûnderhannelingsteory neamd. Lju dy't foar ûnderhanneljen trochleard hawwe, binne û.o. diplomaten en gizelingsûnderhannelers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.