Bantam Books

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bantam Books
Bantam Logo.png
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1945
oprjochter Walter B. Pitkin jr., Ian Ballantine,
Betty Ballantine, Sidney B. Kramer
eigner Bertelsmann AG
mem Random House
dochters Spectra
Skylark
offisjele webside
bantam-dell.atrandom.com

Bantam Books (of ek wol Bantam Press) is in foaroansteande Amerikaanske útjouwerij, dy't yn 1945 as selsstannich bedriuw oprjochte waard troch Walter B. Pitkin jr., Sidney B. Kramer, Ian Ballantine en dy lêste syn frou Betty Ballantine. Yn 't earstoan wie it bedriuw fral in útjouwer foar de massamerk, en publisearre it almeast paperback-werprintingen fan hardcovers, mei út en troch ris in boek dat noch nea earder ferskynd wie. Neitiid wreide Bantam syn wurkmêd út, sawol yn 'e paperback- as nei de hardcover-merk.

Behalven mainstream-literatuer jout Bantam ek in protte science fiction- en fantasyboeken út, wêrûnder yn 'e jierren santich de alderearste romans dy't basearre wiene op 'e populêre tillefyzjesearje Star Trek. Fierders publisearre de útjouwerij yn dyselde snuorje ek de rige Bantam War Books, mei oarlochsromans dy't benammen oer de Twadde Wrâldoarloch giene, mar ek wol oer de Fjetnamoarloch of de Koreä-oarloch.

De Ballantines ferlieten Bantam yn 1952 om harren eigen útjouwerij, Ballantine Books, op te setten. Spectra (sûnt 1985) en Skylark (sûnt 1990) binne ymprints fan Bantam. Sûnt syn oprjochting is Bantam Books sels ferskate kearen oernommen, earst troch National General en letter troch de American Financial Group fan Carl Lindner. Yn 1998 waard it bedriuw oankocht troch it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG, dy't Bantam Books ûnderbrocht by syn difyzje Bantam-Doubleday-Dell, dy't op syn beurt wer in ûnderdiel foarme fan Random House.

Guon ferneamde auteurs dy't har wurk by Bantam útbrocht hawwe, binne: Maya Angelou, Isaac Asimov, Jean M. Auel, Philip K. Dick, Stephen R. Donaldson, David Gemmell, Graham Greene, John Grisham, Laurell K. Hamilton, astronoom Stephen Hawking, Hermann Hesse, Robin Hobb, Dean Koontz, Robert Ludlum, George R.R. Martin, Anne McCaffrey, generaal b.tsj. Norman Schwarzkopf, komyk Jerry Seinfeld en Nobelpriiswinners John Steinbeck en Elie Wiesel.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.