John Steinbeck

Ut Wikipedy
John Steinbeck
skriuwer
John Steinbeck yn 1962.
John Steinbeck yn 1962.
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Ernst Steinbeck jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 febrewaris 1902
berteplak Salinas (Kalifornje)
stoarn 20 desimber 1968
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
reisferh., essay's, non-fiksje,
senario's
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Of Mice and Men
The Grapes of Wrath
The Pearl
East of Eden
prizen Pulitzerpriis 1940
Nobelpriis 1962
Pres. Frijheidsmedalje 1964
jierren aktyf 19291968
offisjele webside
www.steinbeck.org

John Ernst Steinbeck jr. (Salinas (Kalifornje), 27 febrewaris 1902New York, 20 desimber 1968) wie in Amerikaansk auteur en winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1962. Hy is wrâldferneamd wurden mei de roman The Grapes of Wrath (1939), dêr't er de Pulitzer Prize mei wûn, East of Eden (1952) en de novelle Of Mice and Men (1937). Steinbeck skreau 27 boeken: 16 novelles, seis non-fiksje boeken en fiif bondels mei koarte ferhalen.

Steinbeck skreau yn in naturalistyske/sosjaal realistyske styl, faak oer lju út de arbeidersklasse.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Ernst Steinbeck kaam út de middenklasse. Syn heite famylje wie fan Dútsk komôf en dy fan memmekant kaam út Noard-Ierlân. Heit (John Ernst Steinbeck) hie ferskate banen: skatbewarder fan Monterey County, behearder fan in moalfabryk en hie in feed and grain shop. Mem (Olive Hamilton Steinbeck) wie foar har houlik skoaljuffer. John Steinbeck waard grutbrocht yn Monterey County yn de Salinas Valley. Simmerdeis arbeide er op pleatsen yn de omkriten, en letter op Sprenkels ranch. Dêr arbeide er op mei ymmigrante-arbeiders en seach er de rauwe kanten fan it migrantebestean, tagelyk mei de swarte kant fan de minsklike natuer. Dat witten makke dat er boeken as Of Mice and Men skriuwe koe.

John Steinbeck (yn 'e midden) mei soan John en Lyndon B. Johnson (rjochts).

Hy skreau al ferhalen en gedichten yn syn skoaltiid. Neidat er yn 1919 syn high schooldiploma helle hie, gong er -om it syn âlden nei it sin te meitsjen- nei de Stanford universiteit om marine biology te studearjen. Hy seach himsels lykwols yn 't foarste plak as skriuwer en helle nei 6 jier 'út en troch' wat studearjen de universiteit net. [1]

Yn 1925 ferfarre er nei New York City, dêr't er freelance reporter foar ‘The American’ waard. Dêrnjonken skreau er ferhalen, mar dy krige er net publisearre. Lang om let moast er wol werom nei Kalifornje.

Yn Kalifornje kaam er troch de tiid as opperman, skildersfeint, lânmjitter, as fruitplôker en as opsichter fan in fiskweekbedriuw. Dêr moete er syn earste frou Carol Henning (1930 - skieden yn 1941). De skriuwerij gie er mei troch. Yn 1929 waard syn earste boek útbrocht: Cup of Gold (in histoaryske roman oer it libben fan de Jamaikaanske seerover, Henry Morgan).[2] It boek wie net fuortendaliks in súkses. In skofte letter publisearre er noch twa boeken, mar ek dy koenen de literêre wrâld net oertsjûgje fan syn skriuwerskapasiteiten.

Steinbeck wenne mei Carol Henning yn Pacific Grove yn in hûske fan de famylje,[3]; dêr garre er materiaal foar twa boeken dy't wol oansloegen: Tortilla Flat en Cannery Row.

Tortilla Flat (1935) -in samling koarstwilige ferhalen oer de 'paisanos', boere-arbeiders, út de omkriten fan Monterey, wie de omslach yn Steinbecks karriêre.[4] Fan in Kalifornyske skriuwersrûnte krige er in gouden medalje foar it bêste debút. It winnen fan dy priis joech him nij fertrouwen yn syn fermogen om te skriuwen. Dat er in skriuwer mei takomst wie, waard nochris befêstige yn 1939 de Pulitzer-priis te winnen mei The Grapes of Wrath. It boek waard ferfilme mei Henry Fonda yn de haadrol. Boek en film fergrutten it sosjale bewustwêzen fan de Amerikanen en waarden wol fergelike mei Uncle Tom's Cabin ('de Negerhutte fan omke Tom') fan Harriet Beecher Stowe.

Ek syn East of Eden'waard ferfilme (1955) mei James Dean yn in haadrol.[5]

Yn de Twadde Wrâldkriich, wie Steinbeck oarlochskorrespondint foar de New York Herald Tribune. Hy krige opdrachten yn it bûtenlân. Guon fan syn ferslaggen waarden letter bondele yn Once There Was a War. Un 1944 rekke Steinbeck ferwûne yn Noard-Afrika, wêrnei't ûnslag naam en werom nei hûs gie. Dêr naam Steinbeck de skriuwerij wer op. Yn 1947 makke Steinbeck beselskippe fan de ferneamde fotograaf Robert Cappa syn earste reis nei de Sovjet-Uny. Op lettere reizen besocht er Moskou, Kiev, Tbilisi, Batumi en Stalingrad. Steinbeck skreau oer dy reizen it boek A Russian Journal (1948), dat yllustrearre wie mei de foto's van Capa. Itselde jier waard Steinbeck ek foardroegen oan the American Academy of Arts and Letters.

It Steinbeck House.

Wilens wie der striderij ûntstien yn de FS oer Steinbecks stipe oan de earmere, ûnbefoarrjochte befolking en syn besites oan de Sovjet-Uny. It wie de "red scare" tiid fan senator McCarthy, sadwaande waard syn nije wurl negearre. Steinbech hie bot lêst fan de protte negative kritiken yn Amearika, mar yn Europa bleau er tige populêrb. Begjin jierren sechtich makke er in reis troch 40 steaten fan de FS, mei syn Frânske poedel Charley. It ferslach fan dy omloop waard Travels with Charley - in search of America (1962).

Yn 1962 folge de ultime bekroaning foar syn skriuwerskarriêre, hy ûntfong de Nobelpriis foar de Literatuer.

John Steinbeck troude twaris op 'en nij, mei Gwyn Conger (1943) en Elaine Anderson (1950) en hie twa soannen: Thomas en John.[6]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans en ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Cup of Gold (1929)
  • The Pastures of Heaven (1932)
  • The Red Pony (1933)
  • To a God Unknown (1933)
  • Tortilla Flat (1935)
  • In Dubious Battle (1936)
  • Of Mice and Men (1937) ('Fan muzen en minsken')
  • The Long Valley (1938)
  • The Grapes of Wrath (1939)
  • The Forgotten Village (1941)
  • The Log from the Sea of Cortez: A Leisurely Journal of Travel and Research (1941)
  • The Moon Is Down (1942)
  • Bombs Away: The Story of a Bomber Team (1942)
  • Cannery Row (1945)
  • The Wayward Bus (1947)
  • The Pearl (1947)
  • A Russian Journal (1948)
  • Burning Bright (1950)
  • The Log from the Sea of Cortez (1951)
  • East of Eden (1952)
  • Sweet Thursday (1954)
  • The Short Reign of Pippin IV: A Fabrication (1957)
  • Once There Was A War (1958)
  • The Winter of Our Discontent (1961)
  • Travels with Charley: In Search of America (1962)
  • America and Americans (1966)
  • Journal of a Novel: The East of Eden Letters (1969)
  • Viva Zapata! (1975)
  • The Acts of King Arthur and His Noble Knights (1976)
  • Working Days: The Journals of The Grapes of Wrath (1989)
  • Steinbeck in Vietnam: Dispatches from the War (2012), Thomas E. Barden (redaksje) [7]

Yn 'e rige Salamanderpockets fan Querido ferskynden 13 titels fan Steinbeck yn it Nederlânsk.

Sjoernalistike artikels en essays[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The Harvest Gypsies: On the Road to the Grapes of Wrath (reportaazje 1936)
  • Sea of Cortez: A Leisurely Journal of Travel and Research, mei Ed Ricketts, 1941
  • Bombs Away: The Story of a Bomber Team, 1942
  • A Russian Journal, 1948 mei Robert Capa
  • The Log from the Sea of Cortez, 1951
  • Once There Was A War, 1958
  • Travels With Charley: In Search of America, 1962
  • America and Americans, 1966
  • Journal of a Novel: The East of Eden Letters, 1969
  • Working Days: The Journal of „The Grapes of Wrath“ (1938–41), 1988

Draaiboeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1941 – The Forgotten Village (dokumintêre)
  • 1943 – Lifeboat – Rezjy: Alfred Hitchcock
  • 1947 – The Pearl – Rezjy: Emilio Fernández
  • 1949 – The Red Pony – Rezjy: Lewis Milestone
  • 1952 – Viva Zapata! – Rezjy: Elia Kazan
  • 1952 – O’Henry’s Full House

Ferfilme wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1939 – Of Mice and Men – Rezjy: Lewis Milestone
  • 1940 – The Grapes of Wrath – Rezjy: John Ford
  • 1955 – East of Eden – Rezjy: Elia Kazan
  • 1957 – The Wayward Bus – Rezjy: Victor Vicas
  • 1973 – The Red Pony – Rezjy: Robert Totten
  • 1981 – Cannery Row – Rezjy: David S. Ward
  • 1981 – East of Eden (TV-rige yn seis dielen) – Rezjy: Harvey Hart
  • 1992 – Of Mice and Men – Rezjy: Gary Sinise
  • 2012 – Best Laid Plans, in frijebewurking fan Of Mice and Men - Rezjy: David Blair

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Famous biographies: John Steinbeck
  2. John Steinbeck site
  3. John Steinbeck site
  4. " Nobelprice.org |From Nobel Lectures, Literature 1901-1967, Editor Horst Frenz, Elsevier Publishing Company, Amsterdam, 1969
  5. Famous biographies: James Dean
  6. John Steinbeck site
  7. Ingelsktalige Wikipedy