Springe nei ynhâld

Em. Querido's Uitgeverij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Querido)
Em. Querido's Uitgeverij
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Amsterdam (Noard-Hollân)
oprjochte 1915
oprjochter Emanuel Querido
eigner WPG Uitgevers
offisjele webside
www.querido.nl

Em. Querido's Uitgeverij, better bekend as Querido, is in algemiene Nederlânske útjouwerij, fêstige te Amsterdam, dy't fiksje en non-fiksje publisearret foar de Nederlânsktalige merk. De útjouwerij waard yn 1915 oprjochte troch de Joadske boekeman Emanuel Querido (1871-1943), dy't fan 1911 ôf in postoarderboekhannel yn Bloemendaal hân hie. Hy wie in broer fan 'e skriuwer Israël Querido (1872-1932), en fêstige syn nije bedriuw oan 'e Keizersgrêft nû. 333.

Emanuel Querido wie fan it begjin ôf oan tige fernijend op it mêd fan it uterlik fan 'e boeken. Sa begûn er yn 1934 al mei de útjefte fan 'e Salamanderpockets, de earste echte boekerige op pocket-formaat yn Nederlân. Yn 2007 soe de útjouwerij syn omfangrike grafyske argyf, mei û.m. boekomslaggen fan 1915 oant tsjintwurdich, oan 'e Universiteit fan Amsterdam skinke.

Yn 1933, nei't Hitler yn Dútslân oan 'e macht kommen wie, kaam der dêrwei in eksodus fan Joadske en letter ek polityk linkse skriuwers op gong. Mei't harren boeken net mear yn Dútslân (of Eastenryk, dat yn 1938 ûnderdiel fan Dútslân waard) publisearre wurde koene, bea Querido harren de gelegenheid om 'e saneamde Exilliteratur ûnder syn ymprint Querido Verlag N.V. út te jaan. Noch yn 1933 waarden der sadwaande troch Querido al njoggen fan sokke Dútsktalige boeken op 'e merk brocht, en teffens waard dat jiers úteinset mei de publikaasje fan it Exil-tydskrift Die Sammlung, ûnder redaksje fan Klaus Mann, in soan fan 'e ferneamde skriuwer Thomas Mann. Oant de Dútske besetting fan Nederlân, yn 1940, brocht Querido jiers likernôch tweintich Exil-boeken út, yn totaal 129 stiks.

Keizersgrêft 333 yn Amsterdam, it pân dêr't Emmanuel Querido yn 1915 syn útjouwerij begûn (foto út 2011).

Nei't it ûnder de besetting yn 1940 foar Joaden ferbean wurden wie om bedriuwen te lieden, droech Querido de lieding oer de útjouwerij oer oan Alice van Nahuys. Doe't dy't har fanwegen har heal-Joadsk komôf yn 1942 ek weromlûke moast, waard it haad fan 'e ôfdieling ferkeap, Geert van Oorschot, ta direkteur beneamd. Uteinlik waard de útjouwerij yn 1944 troch de Dútsers ûnteigene en sletten. Querido sels makke dat net mear mei; hy wie yn 'e simmer fan 1943 as ûnderdûker ferret en troch de Dútsers ôffierd nei it ferneatigingskamp Sobibor, yn Poalen, dêr't hy en syn frou Jane Querido-Kozijn allebeide yn 'e gaskeamers fermoarde waarden.

Mei't it Van Oorschot slagge wie om grutte hoemannichten boeken en finânsjele middels foar de Dútsers te fertsjustermoanjen, koe de útjouwerij nei de Twadde Wrâldoarloch daliks fan 1945 ôf in trochstart meitsje. Binnen in jier as fiif ûntjoech Em. Querido's Uitgeverij him ta ien fan 'e toanoanjaande literêre útjouwerijen fan it Nederlânsk taalgebiet. Withoefolle skriuwers publisearren der harren wurk – Willem Elsschot, Hella Haasse, A.F.Th. van der Heijden en F. Springer, om mar in pear grutte nammen te neamen. Fan 1971 ôf jout Querido ek berneboeken út, wêrûnder wurk fan Annie M.G. Schmidt, Miep Diekmann, Guus Kuijer en Toon Tellegen. Sûnt 2008 bestiet de ymprint Querido Slash, dêr't jongereinliteratuer ûnder útbrocht wurdt.

Troch de jierren hinne naam Querido ferskate oare útjouwerijen fan namme oer, lykas Athenaeum-Polak & Van Gennep oan 'e ein fan 'e jierren tachtich, en Nijgh & Van Ditmar yn 1997. Allebeide hawwe dy letter lykwols redaksjonele ûnôfhinklikheid krigen, en op 't heden binne se mei Querido selsstannige útjouwerijen binnen de Weekbladpersgroep (tsjintwurdich WPG Uitgevers).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(ned) Offisjele webside fan Em. Querido's Uitgeverij

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Landshoff, Fritz H., Amsterdam, Keizersgracht 333, Querido Verlag: Erinnerungen eines Verlegers Berlyn/Weimar, 1991 (Aufbau-Verlag), ISBN 3 35 10 05 857.
  • Sötemann, A.L., Querido van 1915 tot 1990: Een Uitgeverij, Amsterdam, 1990 (Em. Querido's Uitgeverij B.V.), ISBN 9 02 14 72 368.