Athenaeum-Polak & Van Gennep

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Athenaeum-Polak & Van Gennep
algemien
hist. namme Polak & Van Gennep
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Amsterdam (Noard-Hollân)
oprjochte 1962
oprjochter Johan Polak
Rob van Gennep
eigener WPG Uitgevers
offisjele webside
www.uitgeverijathenaeum.nl

Athenaeum-Polak & Van Gennep, better bekend as Polak & Van Gennep, is in Nederlânske útjouwerij, fêstige te Amsterdam, dy't oprjochte is yn 1962. It bedriuw stiet benammen bekend om 'e grutte bibleteek fan (oersette) Aldgrykske en Romeinske literatuer, en fanwegen it grutte tal titels út 'e wrâldliteratuer yn 'e breedste sin fan it wurd, mei auteurs dy't útinoar rinne fan Franz Kafka oant Willem Elsschot, en fan Marguerite Yourcenar oant Ida Gerhardt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike útjouwerij Polak & Van Gennep waard yn 1962 oprjochte troch Johan Polak (1928-1992) en Rob van Gennep (1937-1994). Dizze útjouwerij rûn derút troch de útsûnderlik goed fersoarge en oersette rige klassiken. Van Gennep wie in sosjaal beflein útjouwer, dy't him benammentlik talizze woe op it reitsflak tusken literatuer en polityk; Polak wie in ideälist, dy't wurke út leafde foar de letterkunde en dy't boeken útjaan woe wêrfan't hysels fûn dat se der komme moasten, oft se no goed ferkochten of net. Finansjeel wie soks fansels gjin súkses, mar Polak hie in aardich kaptaal fan syn âlden urven, dat hy hie der it frij ta en doch wat er woe.

Ein jierren sechtich die lykwols bliken dat de ferskillen fan ynsjoch tusken de beide mannen te grut wiene om tegearre troch te kinnen, dat se spjalten de boel mei ûnderling lykfinen op. Van Gennep sette útein mei syn eigen útjouwerij dy't syn namme draacht, en Polak makke in trochstart mei de âlde útjouwerij, ûnder de oanpaste namme Athenaeum-Polak & Van Gennep. Dat bleau in selsstannige útjouwerij oant er it ein jierren tachtich oernommen waard troch Querido, en dêr in ymprint fan waard. Underwilens is it njonken Querido en û.m. Nijgh & Van Ditmar in ûnôfhinklike útjouwerij wurden binnen de Weekbladpersgroep (tsjintwurdich WPG Uitgevers).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: