Springe nei ynhâld

The Grapes of Wrath

Ut Wikipedy
Omslach fan de earste edysje (1939)

The Grapes of Wrath (Ingelsk, betsjutting likernôch: "De druven fan 'e grime") is in roman fan John Steinbeck, út 1939. It boek wûn de National Book Award en Pulitzerpriis foar Fiksje, en it waard prominint sitearre doe't Steinbeck yn 1962 de Nobelpriis foar Literatuer krige.

De roman spilet yn de Grutte Depresje en draait om de Joads, in earme famylje fan hierboeren dy't út harren hûs yn Oklahoma ferdreaun wurde troch drûchte, ekonomyske tsjinspoed, feroaringen yn de lânbouyndustry en bankútsettings wêrtroch't hierboeren sûnder wurk komme te sitten. Troch harren suver útsichtleaze situaasje, en foar in part omdat se te lijen hawwe ûnder de Dust Bowl (in snuorje fan fûleindige stofstoarmen yn it suden fan 'e Grutte Flakten yn 'e 1930-er jierren), sette de Joads ôf nei Kalifornië op de mother road (U.S. Route 66), tegearre mei tûzenen oare Okies [1] op 'e syk nei wurk, lân, weardichheid en in takomst.

The Grapes of Wrath wurdt algemien ta de wrâldliteratuer rekkene en waard yn 1999 opnommen yn sawol Le Mondes ferkiezing fan de 100 bêste boeken fan de iuw as Modern Library's list fan 100 Bêste Romans. Ek yn de Britske Big Read-ferkiezing fan 2002 waard it boek keazen.

It boek waard yn 1940 troch regisseur John Ford bewurke ta de bioskoopfilm The Grapes of Wrath mei yn de haadrollen Henry Fonda as Tom Joad en Jane Darwell as Mem Joad. De film wûn twa Oscars: de Academy Award foar Bêste Froulike Byrol (Jane Darwell) en de Academy Award foar Bêste Regy (John Ford).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. In Okie is in persoan dy't identifisearre wurdt mei de steat Oklahoma, en/of harren neikommelingen