Springe nei ynhâld

Kalifornje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kalifornië)
Steat Kalifornje
State of California
flagge wapen
Eureka
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting CA
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1850)
haadstêd Sacramento
grutste stêd Los Angeles
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 38.803.000 (2014)
befolkingstichtens 95,0 / km²
oerflak 423.970 km² (4,7% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Golden State
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
webside www.ca.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Kalifornje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Kalifornje (betsjuttingsside).

Kalifornje of Kalifornië (Ingelsk: California; útspr.: [kælə'fɔ:ɹɲə], likernôch "kellefôrnje"), offisjeel de Steat Kalifornje (Ingelsk: State of California), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Kalifornje, byneamd de Golden State (fanwegen de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849), leit yn it westen fan it lân, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. De haadstêd is Sacramento, mar de grutste stêd is Los Angeles. Oare grutte stêden binne San Diego, San Jose en San Francisco. De steat wurdt gauris opdield yn 'e regio's Noardlik Kalifornje en Súdlik Kalifornje. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 38,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de grutste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Kalifornje mei 423.970 km² de trêde steat, nei Alaska en Teksas. Kalifornje stiet bekend om syn mylde klimaat en om 'e filmyndustry fan Hollywood.

De namme 'Kalifornje' waard oarspronklik brûkt om in folle grutter gebiet oan te tsjutten, dat net inkeld de Amerikaanske steat Kalifornje omfieme, mar ek de Meksikaanske steaten Nederkalifornje en Súd-Nederkalifornje (dy't it Kalifornysk Skiereilân beslane) en de Amerikaanske steaten Nevada en Utah en dielen fan Arizona, Nij-Meksiko, Teksas, Kolorado en Wyoming. Men is fan betinken dat de namme ôflaat is fan in fiktyf paradys dat bewenne wêze soe troch swarte amazônes, en dat regearre waard troch in keninginne Calafia. It ferhaal fan dy Calafia (de oarsprong fan 'e namme 'California') is optekene yn De Aventoeren fan Esplandián, in Spaansktalich wurk út 1510 fan 'e hân fan 'e skriuwer Garci Rodríguez de Montalvo. De offisjele ôfkoarting fan Kalifornje is CA, mar ek 'Cal.', 'Calif.' en 'US-CA' wurde wol brûkt.

It skildereftich moaie Nasjonaal Park Yosemite.

Kalifornje hat in oerflak fan 423.970 km², wêrfan't 4,7% út wetter bestiet. Dêrmei is Kalifornje de op twa nei grutste Amerikaanske steat, nei Alaska en Teksas. Dêrom wurdt it gebiet faak foar it gemak opdield yn Noardlik Kalifornje en Súdlik Kalifornje, gebieten dy't gjin bestjoerlik, mar wol geografysk, statistysk en kultureel ûnderskie hawwe. Kalifornje leit yn 'e Pasifyske Tiidsône (UTC –8, simmertiid –7). De steat grinzget yn it suden oan Meksiko, yn it súdeasten oan 'e Amerikaanske steat Arizona, yn it easten en noardeasten oan 'e steat Nevada en yn it noarden oan 'e steat Oregon. Yn it westen wurdt Kalifornje begrinzge troch de Stille Oseaan. Foar de súdwestkust lizze de Kanaaleilannen fan Kalifornje, mei as wichtichste en bekendste it eilân Santa Catalina. Likernôch 50 km út 'e kust fan San Francisco lizze fierders noch de ûnbewenne Faralloneilannen. Der binne yn Kalifornje mear as hûndert Yndianereservaten, dy't lykwols allegear mar in lyts oerflak beslane.

Kalifornje bestiet út ferskate, sterk útinoar rinnende lânskippen. Yn 'e midden fan 'e steat leit de fruchtbere Sintrale Delling, dy't oarspronklik oerdutsen wie mei prêrje, mar no in lânboukrite is. Oan 'e eastkant wurdt dat gebiet omsletten troch de Sierra Nevada oan 'e grins mei Nevada, wylst oan 'e westkant it Pasifysk Kustberchtme opriist. Oan 'e noardkant wurdt de Sintrale Delling begrinzge troch de Cascades, dy't it noarden fan Kalifornje grutdiels behearskje, wylst yn it suden it Tehachapiberchtme de ôffreding fan 'e delling is. De Sintrale Delling sels bestiet út twa dielen, de noardlike Sacramento-delling, it streamgebiet fan 'e rivier de Sacramento, en de súdlike San Joaquin-delling, it streamgebiet fan 'e rivier de San Joaquin. Troch se út te baggerjen binne dy beide rivieren djippernôch dat ferskate stêden yn it binnenlân as seehaven fungearje kinne.

Yndianereservaten yn Kalifornje.

De Sierra Nevada (Spaansk foar "sniebekape bergen") is it heechste berchtme fan 'e steat, dêr't sadwaande it heechste punt fan Kalifornje (en it op ien nei heechste punt fan Noard-Amearika), de Mount Whitney, op 4.421 m boppe seenivo, diel fan útmakket. Teffens leit yn dat berchtme de skildereftige Yosemitedelling, de nasjonale parken Yosemite, Kings Canyon en Sequoia (mei de reuze-sekwoia-beammen, wrâlds grutste libbene organismen) en de Tahoemar, de djipste mar fan Kalifornje en de grutste berchmar fan Noard-Amearika. Likernôch 45% fan Kalifornje wurdt noch oerdutsen troch ûnoantaaste wâldlân, wat in heger persintaazje is as yn lykfol hokker Amerikaanske steat útsein Alaska. De measte wâlden binne te finen yn Noardlik Kalifornje. Dêr leit ek de Baai fan San Francisco, dy't djip it lân ynsnijt. It part fan 'e steat om dy baai hinne is de Krite fan 'e Baai fan San Francisco.

It suden fan 'e steat wurdt fierhinne dominearre troch woastyngebieten, yn it bysûnder de Mojavewoastyn tsjin 'e grins mei Nevada en Arizona oan en de Sonoarawoastyn tsjin 'e grins mei Meksiko en Arizona oan. Noardwestlik fan 'e Mojavewoastyn leit Death Valley, mei dêryn it Badwater Basin, dat mei 85 m ûnder seenivo it leechste (en hjitste) punt fan 'e steat en fan hiel Noard-Amearika is. It súdlike binnenlân fan Kalifornje stiet bekend ûnder de namme fan Inland Empire, it "Binnenlânske Ryk". De súdeastlike grins mei Arizona wurdt foarme troch de rivier de Kolorado, dêr't Kalifornje likernôch de helte fan syn drinkwetter út hellet. De steat makket diel út fan 'e saneamde Ring fan Fjoer, in bân fan fulkanysk en tektoanysk aktive gebieten dy't hielendal om 'e Stille Oseaan hinne rint. Sadwaande is Kalifornje kwetsber foar ierdbevings (en de dêrtroch feroarsake tsûnamys), fral yn 'e Baaikrite, dy't boppe-op 'e San Andréasbrek leit.

De Mount Whitney, de heechste berch fan Kalifornje.

Kalifornje waard fanôf teminsten 10.000 jier lyn kolonisearre troch ferskate Yndiaanske fêstigingsweagen efterinoar, mei as gefolch ien fan 'e kultureel en linguïstysk meast ferskate gebieten fan Noard-Amearika. Skattings oangeande it ynwennertal fan Kalifornje foarôfgeande oan 'e komst fan 'e blanken rinne útinoar fan 100.000 oant 300.000 minsken.

Spaanske perioade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Jeropeänen dy't it gebiet oandiene, wiene de leden fan 'e Spaanske ekspedysje fan Juan Rodríguez Cabrillo, yn 1542. Ut dy tiid stamme de Spaanske oanspraak op it hiele gebiet, as ûnderdiel fan harren koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko). Yn 1579 besocht de Ingelske seefarder Francis Drake de kust fan Noardlik Kalifornje, en yn 1602 waard de kustline fan it hiele gebiet foar it earst yn kaart brocht troch Sebastián Vizcaíno.

Nei't it suden fan it gebiet yn 1769-1770 yngeander ferkend wie troch de ekspedysje fan Gaspar de Portolà, begûnen Spaanske misjonarissen dêr mei it opsetten fan 'e 21 Kalifornyske Missyposten. Yn dyselde snuorje kaam der mei de bou fan ferskate presidios (forten) foar it earst in Spaanske militêre oanwêzichheid yn it gebiet. Underwilens waard de kust fan Noardlik Kalifornje ferkend troch Russyske ûntdekkingsreizgers, dy't dêr yn 'e iere njoggentjinde iuw oan 'e Baai fan San Francisco in eigen fêsting bouden.

De missypost fan San Diego de Alcalá, stifte yn 1769, werjûn sa't er derút seach yn 1848.

Meksikaanske perioade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1821 wûn Meksiko syn ûnôfhinklikheid fan Spanje, en kaam Kalifornje by it nije lân te hearren, al bleau it ûnder de namme Opperkalifornje in ôfhandige úthoeke dêr't troch it regear yn Meksiko-Stêd net folle nei omsjoen waard. Yn Súdlik Kalifornje waarden yn 'e Meksikaanske tiid grutte feepleatsen of ranchos oanlein, dy't it eigendom wiene fan Kalifornyske Meksikanen fan Spaansk komôf, de saneamde Californios. Yn Noard-Kalifornje arrivearren yn 'e 1820-er jierren fia it Oregon Trail en it California Trail de earste Ingelsktalige jagers en kolonisten út it Easten fan 'e Feriene Steaten wei.

Tusken 1831 en 1836 fûn der yn Kalifornje in rige opstannen plak fan Californios en Amerikaanske kolonisten tsjin it Meksikaanske bewâld, dy't kulminearre yn 'e Kalifornyske Opstân fan 1836, ûnder lieding fan Juan Bautista Alvarado. It Meksikaanske regear loste de swierrichheden op troch Alvarado gûverneur fan Kalifornje te meitsjen. Ien fan 'e grutste feeboeren fan Kalifornje wie yn dyselde snuorje John Marsh. Doe't dy te lijen krige fan lândieverij fan lju dy't har gewoan parten fan syn lânerijen ta-eigenen, en de Meksikaanske rjochterlike macht him net helpe koe of woe, besleat er dat Kalifornje by de Feriene Steaten komme moast te hearren.

Keapfardijskippen yn 'e haven fan San Francisco, omtrint 1851.

Marsh sette útein mei in briefkerijkampanje oan kunde en kranten yn it Easten fan 'e Feriene Steaten, wêrby't er it klimaat, de fruchtberens en oare skaaimerken fan Kalifornje oanpriizge, mei as gefolch dat der in lytse migraasjeweach fan Amerikaanske kolonisten op gong kaam. Yn 1846 kamen de Amerikaanske kolonisten yn opstân tsjin it Meksikaanske bewâld by wat de Beareflaggerebûlje neamd wurdt (de brune bear pronket noch altyd op 'e Kalifornyske flagge). De Meksikanen waarden foar in part ferdreaun, en de kolonisten rôpen de Republyk Kalifornje út, mei as presidint William B. Ide. Dy steat wie lykwols mar in koart libben beskern, mei't ûnderwilens de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch útbrutsen wie.

De Amerikaanske Marine besette de kust fan 'e Baai fan Monterey en sette dêrwei it binnenlân yn. Wat der noch oer wie fan 'e Meksikanen yn Moardlik Kalifornje kapitulearre doe binnen in moanne. Yn it suden fochten de Meksikanen in rige definsive fjildslaggen tsjin it Amerikaanske Leger út, oant yn jannewaris 1847 it Ferdrach fan Cahuenga sletten waard tusken it Amerikaanske regear en de Californios (wêrby't dy it Amerikaansk steatsboargerskip betongen). Behalven Kalifornje feroveren de Amerikanen yn 'e oarloch it hiele Súdwesten, en by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, yn 1848, moast Meksiko formeel ôfstân dwaan fan in ûnbidich grut gebiet, dêr't neitiid de Amerikaanske steaten Kalifornje, Arizona, Nij-Meksiko, Utah, Nevada en Kolorado út foarme waarden.

In affysje oer de Kalifornyske Goudkoarts.

De Kalifornyske Goudkoarts

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1846, twa jier foar't it yn Amerikaanske hannen foel, wennen der yn Kalifornje likernôch 10.000 (meast Spaansktalige) blanken. In pear hûndert útlanners, wêrûnder guon Amerikanen (mar relatyf sjoen ek in protte Russen) libben benammen yn 'e noardlike úthoeken, lykas oan 'e natuerlike haven fan San Francisco, dat doedestiden 500 ynwenners hie. Koart nei ôfrin fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch waard der goud ûntdutsen yn it gebiet, wat late ta de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. Tûzenen saneamde forty-niners sylden om Kaap Hoarn hinne, of teagen troch de fan sykten optillende jungles fan Panama, of kamen gewoan geandefoets út it Easten wei opsetten mei de dream om har fortún te meitsjen mei goudsykjen. Yn 1852 hie Kalifornje mear as 200.000 blanke ynwenners. Hoewol't de libbensomstannichheden yn 'e goudfjilden alderprimityfst wiene, hiene de goudsikers yn Kalifornje teminsten te krijen mei in geunstich klimaat, eat dat se foar hiene op 'e lettere Goudkoarts fan Klondike, yn Alaska.

De goudkoarts feroare de Kalifornyske ekonomy radikaal, benammentlik mei't net inkeld goudsikers dertroch oanlutsen waarden, mar ek (nei alle gedachten ferstanniger) lju, dy't net fan it goud, mar fan 'e goudsikers libje woene, lykas keaplju, kleanmakkers, skuonmakkers, smidden, bakkers, slachters, sjippesieders, dokters, abbekaten, kroechútbaters, gokkers en prostituees. De Kalifornyske Goudkoarts duorre fan 1848 oant 1854, en yn dy tiid fûnen sa'n 250.000 goudsikers mei-inoar mear as $200 miljoen oan goud. De measten, lykwols, fûnen nea wat, of mar sa'n bytsje dat it harren kosten net iens diek, en einigen teloarsteld, út 'e liken en alhiel ferearmoede.

Sineeske goudsikers yn Kalifornje.

Kalifornje as steat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 septimber 1850 waard Kalifornje as in folweardige steat (de 31e) ta de Amerikaanske Uny talitten. Dat waard beävensearre as ûnderdiel fan it Kompromis fan 1850, wêrby't de slavehâldende Amerikaanske steaten útwreiding nei de kust fan 'e Stille Oseaan ûntsein waard. Hoewol't Kalifornje dus yn namme gjin slavernij hie, waard de lânseigen Yndiaanske befolking troch de blanke kolonisten op ûnmeilydsume wize fan har eigen lân ferdreaun, wylst "omstippende Yndianen" en Yndiaanske weesbern oant 1853 gewoan ta slaaf makke wurde mochten. Der fûnen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in stikmannich slachtparijen yn Kalifornje plak, wêrby't ferskate Yndianestammen folslein útrûge waarden, wylst oaren desimearre rekken. Hûnderten Yndianen waarden kâldwei fermoarde, sterker noch, tusken 1850 en 1860 betelle it regear fan Kalifornje $1,5 miljoen út (wêrfan't $250.000 fergoede waard troch it federale regear) oan milysjes dy't yn teory ta doel hiene om 'e blanke boargerbefolking te beskermjen tsjin oanfallen fan Yndianen, mar dy't yn 'e praktyk bedoeld wiene om safolle mooglik Yndianen út 'e wei te romjen. Nei 1860 waarden de ûnderskate Kalifornyske stammen fêstset yn lytse en ornaris isolearre reservaten, dêr't se net genôch natuerlike helpboarnen hiene en likemin genôch stipe fan 'e oerheid krigen om oerlibje te kinnen. Ferskate histoarisy hawwe yn resinte jierren fêststeld dat dit allegear mei-inoar delkaam op genoside, en yn dat ramt wurdt no spesifyk sprutsen fan 'e Kalifornyske Genoside.

Fan 1850 oant 1851 wie San Jose de haadstêd fan Kalifornje, as ferfanging foar Monterey, dat de haadstêd yn 'e Spaanske en Meksikaanske perioaden west hie. Neitiid wie Vallejo fan 1852 oant 1853 de haadstêd, en doe Benicia fan 1853 oant 1854. Sûnt 1854 hat de haadstêd altyd Sacramento west, al moast it regear yn 1861 fanwegen wettersneed koarte tiid nei San Francisco útwike. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stie Kalifornje oan 'e kant fan it Noarden, mar oan 'e westkust murk men net in protte fan 'e oarloch, en it neiste (marzjinale) oarlochstoaniel wie yn Nij-Meksiko.

Yn 't earstoan wie it dreech en gefaarlik om út it Easten nei Kalifornje te reizgjen of oarsom, mar nei't yn 1869 it Earste Transkontinintale Spoar reekaam, waard dat folle makliker. Dêrtroch begûn it ynwennertal fan 'e nije steat flink te groeien. Yn 1850 hie Kalifornje krapoan 93.000 ynwenners; yn 1860 380.000; yn 1880 865.000; en yn 1900 1.485.000. De nije ynwenners ûntdieken dat it lân yn Kalifornje tige gaadlik wie foar túnbou, salang't it yn 'e drûge simmermoannen mar adekwaat yrrigearre waard. Behalven fruit (benammen sitrusfruchten en druven) waard yn Kalifornje ek in protte weet en oar nôt, grienten, katoen en nuten ferboud. De druveteelt yn 'e Napa-delling feroare yn 'e 1960-er jierren fan konsumpsjetylt yn wyntylt, wat in grut súkses waard, benammen troch de ynspannings fan de bruorren Gallo.

De ferneamde Golden Gate Brêge, by San Francisco.

Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw gie de migraasje nei Kalifornje noch hurder om't doe ferskate transkontinintale autodiken oanlein waarden, lykas de Lincoln Highway en de ferneamde Route 66. Tusken 1900 en 1970 woeks de befolking fan 'e steat oan fan oardel miljoen oant 20 miljoen minsken. De Ierdbeving fan San Francisco, fan 18 april 1906, koste tûzenen minsken it libben, mar koe de migraasjestream net ôfskrikke. Yn 'e tritiger jierren berikte de migraasje in piik doe't boeren út 'e drûge midden fan it lân massaal nei it westen teagen. Nei 1945 folge in nij hichtepunt doe't militêren dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn Kalifornje stasjonearre west hiene, har yn grutte oantallen yn 'e steat nei wenjen setten. Om alle nije ynwenners drage te kinnen, waarden grutte ynfrastrukturele projekten foltôge, wêrûnder it Akwadukt fan Los Angeles, de Oroville- en Shasta-keardammen en de Golden Gate Brêge.

Underwilens wiene oan it begjin fan 'e iuw yn Súdlik Kalifornje, mei syn (doe noch) goedkeape lân en syn mylde klimaat, de earste filmmakkers delstrutsen. Hja kloften gear te Hollywood, dat him yn 'e 1920-er jierren ûntjoech ta it wrâldwide sintrum fan 'e filmyndustry. Under de Twadde Wrâldoarloch waard fan alle munysje en oarlochsmaterieel foar de Amerikaanske Striidkrêften 8,7% yn Kalifornje makke, wêrmei't de steat op dat de grutste produsint wie nei New York en Michigan. Nei de Twadde Wrâldoarloch groeide de Kalifornyske ekonomy danich troch de definsje- en de romtefeartyndustry ûnder de Kâlde Oarloch. Under ynfloed fan 'e Universiteit fan Stanford ûntwikkle him yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw boppedat in sintrum fan kompjûtertechnology yn in gebiet by San Jose dat bekend kommen is te stean as Silicon Valley.

It Steatskapitoan fan Kalifornje.

Kalifornje bestiet bestjoerlik út 58 countys. De steatshaadstêd, Sacramento, leit yn Sacramento County, yn 'e Sintrale Delling. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Kalifornje bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Kalifornje, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 40 leden en de Steatsassimblee mei 80 leden. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Kalifornje, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Kalifornje fanwegen syn grutte befolking 55 sitten, wat it grutste oantal fan alle Amerikaanske steaten is.

It politike lânskip fan Kalifornje wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Lykwols is it hiele politike spektrum yn Kalifornje in stik linkser (Amerikanen neame dat "liberaler", mar dat betsjut eins hiel wat oars) as yn 'e measte oare Amerikaanske steaten. Sa kin it wêze dat Republikeinen út Kalifornje soms progressiver binne as Demokraten út bgl. Teksas of Nebraska. Hoewol't de Kalifornyske befolking yn 'e regel (en by presidintsferkiezings altyd en yn grutte mearderheid) op Demokratyske kandidaten stimd, kinne de Republikeinen yn 'e Kalifornyske steatspolityk beslist net fuortsifere wurde. Sa wie de filmstjer en Republikein Arnold Schwarzenegger fan 2003 oant 2011 noch twa terminen gûverneur fan Kalifornje.

It eilân Alcatraz, yn 'e Baai fan San Francisco, mei it âlde gebou fan 'e Federale Finzenis Alcatraz.

De ekonomy fan Kalifornje is sa grut dat er ferlike wurde kin mei dy fan lannen as Ruslân, Itaalje en Kanada. Yn 2013 bedroech it bruto steatsprodukt fan Kalifornje $2,2 biljoen (oftewol $2.203.000.000.000). Yn 2010 wennen der mear as 663.000 miljonêrs yn Kalifornje, benammen yn rikeljusoarden as Beverly Hills, Malibu en de Los Anzjelynske wyk Bel Air. Oan 'e oare kant libbe datselde jiers yn Kalifornje 23,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins, wat it heechste persintaazje fan alle Amerikaanske steaten is.

De fiif grutste dielen fan 'e Kalifornyske steatsekonomy hearre allegear ta de tsjinstesektor: hannel en ferfier; de oerheid; saaklike tsjinstferliening; ûnderwiis en sûnenssoarch; en it toerisme. Dêrnjonken is, fral regionaal, fansels ek de film- en tillefyzjeyndustry yn Hollywood tige wichtich. Hoewol't ek de lânbou fan belang is, kin dy by lange nei net op tsjin 'e tsjinstesektor. Yn 'e lânbou wurdt yn Kalifornje in protte gebrûk makke fan yllegale (en dus goedkeap arbeidzjende) Meksikanen. Al tsientallen jierren komme dy as seizoenswurkers nei Kalifornje ta. De wichtichste lânbouprodukten fan Kalifornje binne: suvel, nuten en fruit. Fierders is de yndustry, en dan fral de lichte yndustry (bgl. kompjûtertechnology) ek noch altyd fan grut belang foar de steat. Mei bedriuwen as Google, Hewlett Packerd en Xerox is de Kalifornyske ICT-yndustry fan Silicon Valley, yn 'e Krite fan 'e Baai fan San Francisco, liedend yn 'e wrâld. Sûnt 1984 hat it Japanske automerk Toyota yn 'e steat ek autofabriken yn gearwurking mei General Motors.

It ferneamde Hollywood Sign.

Toeristyske attraksjes hat Kalifornje by 't folop. As earste moat fansels de filmyndustry fan Hollywood neamd wurde, mei û.m. Hollywood Boulevard en de Universal Studios. Fierder is der yn Anaheim it wrâldferneamde ferdivedaasjepark Disneyland, en hat San Francisco û.m. de Golden Gatebrêge en it eardere tichthûs fan 'e Federale Finzenis Alcatraz op it eilantsje mei deselde namme yn 'e Baai fan San Francisco. Yn San Diego stiet it ferneamde dolfinarium SeaWorld. Fierder binne der de strannen fan Venice Beach, Santa Monica en Malibu, om mar in pear te neamen. En yn it binnenlân kin der skyd wurde yn 'e Sierra Nevada of swommen yn 'e Tahoemar, of kinne nasjonale parken besocht wurde lykas it skildereftige Yosemite of Sequoia mei syn reuzebeammen.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Kalifornje yn 2014 38.803.000 ynwenners, wat in groei fan 4,2% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. Dêrmei hie Kalifornje de grutste befolking fan alle Amerikaanske steaten. De befolkingstichtens wie yn 2014 95,0 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Los Angeles, mei 3,9 miljoen ynwenners yn 2011. Oare gruttere stêden binne: San Diego (1,2 miljoen), San Jose (1 miljoen), San Francisco (853.000), Fresno (516.000) en de haadstêd Sacramento (485.000). Fan 'e befolking fan Kalifornje bestie yn 2011 nei skatting 7,3% út yllegalen, benammen út Meksiko, mar ek út lannen yn Midden-Amearika, lykas El Salvador, Hondoeras, Gûatemala en Nikaragua.

Anaheim (Kalifornje)Bakersfield (Kalifornje)Oakland (Kalifornje)Long Beach (Kalifornje)Sacramento (Kalifornje)Fresno (Kalifornje)San FranciscoSan Jose (Kalifornje)San DiegoLos Angeles
Befolkingstichtens yn Kalifornje.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Kalifornje befolking doe sa: 57,6% blanken; 21,9% Latino's; 13,0% Aziaten; 6,2% swarten; 1,0% Yndianen en 0,4% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs. Dêrûnder binne ek 8,2% dy't fan mingd etnysk komôf binne. Men giet derfan út dat de Latino's tsjin 2060 50% fan 'e Kalifornyske befolking útmeitsje sille.

Yn absolute oantallen sjoen hat Kalifornje mei sa'n 22,2 miljoen de grutste blanke populaasje fan 'e hiele Feriene Steaten. Blanke Kaliforniërs binne fierhinne fan Noardwest-, Midden- en Noardjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (8,5% fan 'e totale Kalifornyske befolking), Ieren (6,7%), Ingelsen (6,0%), Italjanen (3,9%), Angelsaksyske Amerikanen (2,9%), Frânsen (1,9%), Skotten (1,3%), Poalen (1,3%), Sweden (1,1%), Noaren (1,0%), Nederlanners (1,0%) en Portegezen (0,9%). Arabieren meitsje 0,7% fan 'e befolking út, en Iraniërs 0,6%.

De skyline fan Los Angeles, de grutste stêd fan Kalifornje.

Fan 'e Aziaten waarden de grutste groepen opmakke troch de Filipino's (3,8% fan 'e totale Kalifornyske befolking), Sinezen (3,8%, ynkl. Taiwanezen), Fjetnamezen (1,7%), Yndiërs (1,5%), Koreänen (1,3%), Japanners (1,1%) en Kmer (0,3%). Fan 'e Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs wiene de grutste groepen de etnyske Hawaïanen (75.000), de Samoänen (61.000; sawol út Samoä as út Amerikaansk Samoä) en de Tsjamorro (44.000), de lânseigen befolking fan Gûam en de Noardlike Marianen.

Fan 'e Yndianen waarden de grutste groepen foarme troch de Sjeroky (rom 92.000), lânseigen etnisiteiten út Meksiko (66.000), de Apachen (25.000), de Tsjoktou (23.000) en de Navaho (17.000). Net ien fan dy groepen is lânseigen yn Kalifornje. Lykwols omfiemet Kalifornje mar leafst 106 federaal erkende Yndianestammen (foar in opsomming, sjoch hjirre), dy't foar it meastepart allegear har eigen reservaten hawwe.

Wâldlân yn it Nasjonaal Park Redwood.

Kalifornje hat gjin formeel belied oangeande de erkenning fan Yndianestammen op steatsnivo. Foar guon stammen hat it Steatskongres fan Kalifornje resolúsjes oannommen dy't it Amerikaanske regear oproppe om dy stammen federale erkenning te skinken. Hoewol't soks op himsels gjin erkenning troch de steat Kalifornje ynhâldt, noch oan sokke stammen lykfol hokker rjochten jout, eigenje se har likegoed gauris de oantsjutting state recognized ("erkend troch de steat") ta.

De offisjele taal fan Kalifornje is it Ingelsk, dat neffens in skatting fan 'e Modern Language Association of America út 2010 doe foar likernôch 57% fan 'e befolking de memmetaal wie. Neffens in enkête út 2007 koe doe 73% fan 'e minsken mei in memmetaal dy't in oare taal as it Ingelsk wie, dochs goed Ingelsk prate, wylst 9,8% it Ingelsk hielendal net machtich wie. As gefolch fan it oanwaaksende befolkingsferskaat yn Kalifornje begûnen taalkundigen oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw in klankferskowing op te merken dy't útslutend yn it Ingelsk foarkaam sa't dat yn Kalifornje sprutsen waard. Dizze taalfariant (de ferskillen mei de Amerikaansk-Ingelske standerttaal binne noch te lyts om it in dialekt te neamen) stiet bekend as Kalifornysk-Ingelsk, en karakterisearret him troch ferskate eigen fonologyske prosessen.

De kust fan 'e Stille Oseaan, by Monterey.

Yn totaal binne der yn Kalifornje 15 talen njonken it Ingelsk (dus yn totaal 16 talen) dy't troch mear as 100.000 minsken as memmetaal sprutsen wurde. Fierwei de wichtichste net-Ingelske taal is it Spaansk, dat de memmetaal is fan 28,5% fan 'e befolking (rom 11 miljoen minsken). Dêrnei folgen:

Fan 'e mear as 70 lânseigen Yndiaanske talen fan Kalifornje binne in soad al útstoarn, en alle noch sprutsen lânseigen Yndiaanske talen yn 'e steat wurde sterk yn har fuortbestean bedrige.

It Badwater Basin yn Death Valley, it leechste en hjitste punt fan Noard-Amearika.

Op it mêd fan godstsjinst bestie neffens gegevens út 2014 doe 51% fan 'e befolking fan Kalifornje út kristenen, wêrûnder 33% protestanten en 28% roomsen. Yn absolute sifers wiene der yn 2010 10,2 miljoen roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene datselde jiers de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen (de mormoanen) mei 764.000 leden en de Súdlike Baptistekonvinsje mei 490.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2014 27% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: it joadendom (2%), it boedisme (2%), it hindoeïsme (2%) en de islaam (1%). De oanhingers fan alle oare religyen foarmen mei-inoar 5% fan 'e befolking.

Kalifornje hat foar it meastepart in Mediterraan klimaat, mei oangenaam waarme simmers en tige mylde winters. Troch de grutte fan 'e steat komme der lykwols ek oare klimaatsônes foar, fan in heechberchtmeklimaat yn 'e Sierra Nevada, oant in subtropysk klimaat yn it uterste suden fan Kalifornje. Wat fierder oft men fan 'e kust (mei de matigjende ynfloed fan 'e Stille Oseaan) ôf komt, wat kâlder oft de winters binne en wat waarmer oft de simmers wurde. Yn Noardlik Kalifornje falt in stik mear rein as yn it suden, mar snie falt eins inkeld yn 'e bergen. Dy bergen skeppe trouwens ek in reinskaad, dat fierder nei it easten ta, fral yn Súdlik Kalifornje, foar in woastynklimaat soarget. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 56,7 °C, op 10 july 1913 yn Death Valley (mei-iens ek de heechste temperatuer fan 'e wrâld), en –43 °C yn 1937 te Boca.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje