Sintrale Delling (Kalifornje)

Ut Wikipedy
In lânkaart fan 'e Sintrale Delling.

De Sintrale Delling of Sintrale Fallei (Ingelsk: Central Valley) is in grutte, platte, fruchtbere delling dy't de midden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje dominearret. Oarspronklik wie dat gebiet oerdutsen mei prêrje, mar sûnt de kolonisaasje fan 'e krite yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw is it omfoarme ta in lânbougebiet, dat benammen wichtich is foar de túnbou (fan sitrusfruchten). De Sintrale Delling is fan east nei west 60-100 km breed en rint fan it noardnoardwesten nei súdsúdeasten oer in lingte fan likernôch 720 km. De delling rint lykstrekich mei de kust fan 'e Stille Oseaan, en beslacht in oerflak fan ûngefear 58.000 km². Dêrmei foarmet it 13,7% fan it totale grûngebiet fan 'e steat Kalifornje.

Oan 'e eastkant wurdt de Sintrale Delling omsletten troch de Sierra Nevada-bergen oan 'e grins mei de steat Nevada, wylst oan 'e westkant it Pasifysk Kustberchtme opriist en de delling fan 'e Stille Oseaan skiedt. Oan 'e noardkant wurdt de Sintrale Delling begrinzge troch de Cascades-bergen, wylst yn it suden it Tehachapi-berchtme de ôffreding fan 'e delling is. De Sintrale Delling sels bestiet út twa dielen, de noardlike Sacramento-delling, it streamgebiet fan 'e rivier de Sacramento, en de súdlike San Joaquin-delling, it streamgebiet fan 'e rivier de San Joaquin. Troch se út te baggerjen binne dy beide rivieren djippernôch wurden dat ferskate stêden yn it binnenlân as seehaven fungearje kinne.

De Sintrale Delling omfiemet it hiele grûngebiet of dielen fan 19 Kalifornyske countys:

Yn totaal wennen der yn 2010 6,5 miljoen minsken yn 'e Sintrale Delling. It grutste plak yn 'e delling is de stêd Fresno, mei 516.000 ynwenners, folge troch de Kalifornyske steatshaadstêd Sacramento, mei 485.000 ynwenners, en Bakersfield, mei 369.000 ynwenners. Dy trije plakken hearre allegearre ta de tsien grutste stêden fan Kalifornje. De meast sprutsen memmetalen yn 'e Sintrale Delling binne it Ingelsk, it Spaansk en it Hmong (dat sprutsen wurdt troch lju dy't ûnder en oan 'e ein fan 'e Fjetnamoarloch as flechtlingen út Fjetnam en Laos kommen binne).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.