Laos

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sathalanalat Pasathipatai Pasason Lao
Flagge fan Laos Wapen fan Laos
Flagge Wapen
Lokaasje fan Laos
Offisjele taal Laotjaansk
Haadstêd Fientiane
Steatsfoarm Folksrepublyk
Gebiet
% wetter
236.800 km²
2,0­%
Ynwenners (2013) 6.695.166 (28,3 km²)
Munt Kip (LAK)
Tiidsône UTC +7
Nasjonale feestdei 19 july
Lânkoade LAO
Ynternet .la
Tillefoan 856

Laos is in lan yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Fientiane. De presidint fan de republyk wie fan 1998 oant yn 2006 Khamtai Siphandon. Hy waard opfolge troch Choummaly Sayasone.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Laotjaansk (as Lao) hjit Laos Meuang Lao (ເມືອງລາວ) of Pathet Lao wat letterlik "Lân fan de Lao" betsjut. Frankryk, dat de trije ferskillende Laotjaanske keninkriken yn 1893 ferienige ta Frânsk-Yndosina, stavere it mei in stomme "s" oan de ein, dy't de mearfâldigens fan de keninkriken oantsjutte. Meidat it Laotjaansk gjin "s" as einletter hat, wurdt Laos sûnder "s" útsprutsen troch de Laotjanen zelf.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Laos wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lânskip yn Fang Fieng

Yn it noarden wurdt Laos omjûn troch it Traminplato (2820 meter) en yn it suden troch it 2000 meter hege Bolovenplato. Om-ende-by 40% fan it lân bestiet út bosk mei ticht leafbosk opgeand yn reinwâlden.

Laos hat oer in tropysk moessonklimaat. It lân is it territoarium fan de Yndosineeske tijger, de giant gaur, en de Aziatyske oaljefant. In grut tal dieren binne de lêste jierren yn Laos ûntdekt, û.o. it streke Annamite knyn, de saola en noch mar krekt lyn de Laoske rotsrôt of kha-nyou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 14e iuw waard mei de stifting fan it earste Laosjaanske keninkryk it boedisme ynfierd. Nei de besetting troch de Tais waard Laos op de ein fan de 19e iuw in Frânsk protektoraat en yn 1954 ûnôfhinklik. Under de Fjetnamoarloch oermasterden kommunistyske revolusjonêre troepen grutte parten fan it lân. Yn 1974 kamen sy yn de regearing. By de stifting fan de folksrepublyk yn 1975 waard de lêste kening ôfsetten.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste befolkingkloft fan it lân binne mei 69% de etnyske Lao en foarmje de politike en kulturele dominante groepearring. Troch migraasje fanút it suden fan Sina arrivearre dat folk yn it earste millenium nei Kristus. Om-ende-by 8% hearre by in oare "leechlân" kloft, de Lao Loum. Berchfolken en kulturele minderheden lykas de Hmong (Miao), Jao (Mien), Dao, Sjan, en ferskate Tibeto-Birmaansk sprekkende folken wenje yn isolearre regio's fan it lân.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oerhearskjende godstsjinst fan it lân is it Teravada boedisme. Under de berchfolken wurdt ek de mienskiplike Natoerreligy beöefene. Fierders binne der ek lytske kloften Kristenen, benammen yn de omkrite fan Fientiane, en Moslims yn de Mayamar grensregio.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele en dominante taal is Lao, in tonale taal fan de Tai taalkloft dêr't it skrift fan basearre is op it Khmer skrift. Troch de berchfolken wurdt in ferskaat fan tribale talen sprutsen.

De Frânske taal wurdt noch in protte brûkt yn it bestjoer en de hannel. De Ingelske taal wurdt de lêste jierren lykwols hieltyd wichtiger.