Springe nei ynhâld

Golden Gate Brêge

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Golden Gatebrêge)
Golden Gate Brêge fan in boat ôf.

De Golden Gate Brêge is in hingbrêge oer de seestrjitte mei deselde namme Golden Gate dy't it skiereilân fan San Fransisko ferbynt mei Marin County dat noardlik fan de seestrjitte leit. De brêge is heech genôch foar de grutte seeskippen om de haven yn de baai fan San Fransisko te berikken. De brêge is 2737 m lang, en oerspant 1280 meter wetter. De brêge hinget oan kabels fan goed in meter (92,7 sm) trochsneed.

De brêge is ferneamd nei de entree nei de Grutte Oseaan. John C. Fremont neamde de entree 'Chrysopylae', dat Gouden Poarte betsjut, omdat dy him tinken die oan de haven fan Istanbûl dy't 'Chrysoceras' hiet (Gouden Hoarne).

Eartiids waard der in Kalifornje goud fûn. In protte minsken kamen doe fia de baai fan San Fransisko nei Kalifornje om goud te sykjen. Doe't dy minsken yn de baai oankamen, neamden sy him de "Gouden Poarte" (Golden Gate).

De brêge waard ûntwurpen troch Joseph B. Strauss en iepene op 28 maaie 1937. It is in tolbrêge, mar der wurdt allinnich tol heft fan ferkear nei San Fransisko ta. Omdat de brêge al mear as 70 jier âld is, is der hieltyd wer in soad ûnderhâld oan.

  • It Amerikaanske netwurkbedriuw Cisco Systems ferwiist yn har logo nei de Golden Gate Brêge.
  • Yn de earste 70 jier nei de iepening fan de brêge hawwe mear as 1300 minsken har sels te koart dien, troch fan de brêge ôf te springen.
  • Yn films is de brêge in "tankber" slachtoffer. Gjin inkele brêge is sa faak ynstoarten yn film as wol de Golden Gate Brêge.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Golden gate brêge