Kmer (folk)

Ut Wikipedy
Merk yn Kambodja

De Kmer is in folk yn Súd-Aazje mei nei skatting in oantal fan 14 miljoen minsken. De mearderheid fan de Kmer libbet yn Kambodja dêr't sy ûngefear 90% fan de totale befolking foarmje. Yn Fietnam foarmje sy mei om-ende-by in miljoen in minderheid. Harren taal, it Kmer heart ta de grutte Mon-Kmer-talen. Goed 85% fan de Kmer libbet op it plattelân dêr't de ekonomy foar in grut diel basearre is op de ferbou fan rys, grienten en fruit. De fiskerij is ek fan belang.

De taal en kultuer fan de Kmer hawwe yn de earste 6 iuwen foar in grut part beynfloede west troch de Ynjers en wikt dêrtroch hiel bot ôf fan de oare folken yn Yndosina. De Kmers hawwe oer it generaal in donkerder hûdskleur as de omhinne wenjende folken, en harren eagen binne rûner. It berchfolk fan de Mon dy't yn it westen fan Tailân libbet as Rysboeren en fiskers binne nau oan de Kmer besibbe. Yn it suden fan Laos, it noardeasten fan Kambodja en sintraal Fietnam libje talrike minderheden dy't oant it Kmer besibbe talen sprekke.

De Kmer hingje foar it grutste part it Yndiaaske Teravada-Boedisme oan dat in protte ynfloed útoefenet op de kultuer en it deistige libben fan de minsken. Eartiids wie it in gewoante dat eltse man as muonts in koarten tiid it kleaster yn gie.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 802 ûntstie it earste Kmerryk. Noch gjin 300 jier letter regearde de machtige Angkor-dynasty, mei oan it haad in godlike kening, folge troch aadlike Brahmanen en funksjonarissen. Tailân en Súd-Fietnam makken ek ûnderdiel fan dat ryk út. Under harren bewâld waard tusken 1113 en 1150 de timpel fan Angkor Fat boud.

Under it terreurrezjym fan de Reade Kmer tusken 1975 en 1979 hawwe mear as 1 miljoen minsken it libben derby ferlern.